| |
| |
| |
Durk van der Ploeg
It efterlân
I
De deis dat wy tochten dat it better wurde soe.
(Sûnt wy de spegels urven en de portretten fan
de njoggentjinde ieu, sûnt de grêfrjochten op ús
oergyngen, tochten wy dat it better wurde soe.)
En de dagen dêroan doe't it lot, dat
ús bewarre foar nijmoadrigens, tasloech
tochten wy frij te wêzen fan ússels.
Wy diene gjin kar om't eagen fan deaden lykwicht
sochten yn ús twivel. Erfstikken sprieken yn
metafoaren fan djip wetter en âlde wierheden.
Wy wisten ús takomst net. Wy ferklearren har mei
dwaze ideeën. Ta beskerming sloegen wy dy winters
mei in roastige neil in hoefizer boppe de doar.
En doe't it teiwaar fan it tek lekte, wy sliepten.
Ommers, wy hiene it fjoer en de beskaving.
Us izer wie smeid en wette. De ierde, dy
fruchtbere mem, droech ús. Hoe prachtich groeide
it wetter yn de bêdingen. Wy wiene fan ússels.
Wat wy woene wie behâld. Sillich wie wat wy
sillich priizgen. Neat mocht oan ús hannen
ûntfalle of it moast falle yn Gods hân.
| |
| |
II
Wy, erfgenamten fan portretten yn kâlde keamers,
seagen jûns stjerrebylden yn it noarden strieljen.
Wy sleaten de fâldblinen en fertelden as
trochfuorre lakeien fan ús hearetsjinsten.
Wy, dy't bewilligen yn antwurden dêr't gjin
fragen steld wiene en knikten dêr't nee
skodde wurde moast; wy hiene ús hûnger útlevere.
Behurde yn kjeld en swijen fierden wy moarns
betiid de doarren iepen nei wiffe seeën dy't
de leechte dutsen mei it griis fan novimber.
It klaailân klibbe oan 'e himel as de tonge
oan it ferwurf fan in deade. Wy joegen ús ôf,
heal see, heal lân peatsken wy nei kjeldige
kimen. Us azem soldearre in izich ljocht.
Leafde lieten wy bewinterje yn djippe kelders.
Wat yn ús each wjerspegele, grûne yn ús dream.
Ferdronken dwaalden wy troch drek en dridze.
Jûns lôge ús fjoer op dêr't it dwêste yn reek.
Mei in baalsek oer de ferreinde rêgen en in
ûnthâld as it Ealsumer tsjerkhôf, kamen wy
thús mei it ark opstutsen as neakene mêsten.
| |
| |
III
It wie yn 'e hjerst doe't wy lûklam
mei de blabberslide út it fjild kamen.
De stringen snarestiif, de beage yn it
beswitte boarst fan it hynder knypt.
Ate fan Keie-Tryn, wat wie dêr al in salve
oan fergriemd, stie laitsjend op it hiem
as moast er ús in wûnder opdisse.
Wy leauden allinne de skriftuerlike wûnders
en de djipten fan eigen wetters hiene
ús ûntsach. Ate, grutsk as in trijebotsense
hoanne, fertoande mobile keunsten,
krêft fan bewegend stiel dat ûnferklearber
as de útfining fan it nije ljocht
ús twivel ûnfruchtber makke.
Doe't it foarútgongsleauwe ús dom ferstân
oantaaste en de ynlike jeften fan
bidden en bealgjen, it raasde oer
Akke-set en de planken fan 'e Hylkes-froulju.
Unferskillich nukten wy it ark
yn 'e blabber en seagen dat ús wrakseljen
in ferlerne efterstân ynhelle.
| |
| |
| |
It ynderlike hûs
I
Wy kamen net, wy wiene. Oeral dêr't ús
hannen wiisden hearske ús each as it each
fan rôffûgels. Us utopy wie lykas de kime
ûnberikber, mar yn ús ferhalen palmen wy
linen yn langer as it ljocht. Dêr't wy ús
hert wisten wisten wy it lok te finen
dat ús wapene tsjin nacht en iensumens.
Wy hiene it noarden en de waadkant
dêr't fûgels weareldseinen fuortsylden
tsjin bleke loften. By ôfgeand wetter
stieken wy bot yn 't slyk. As wy foar
skol en harder ús jûns út 'e kust
joegen nei prielen en platen wy seagen
nei moanne, stjerren en tijstream.
Thús by ússels wiene wy fan ússels.
Wy wiene ús eigen stim. It ûnwisse fan
miswier en twibrek hâlde ús byinoar.
Stiek der in stoarm op, it wie uzes.
Fielden wy de hân fan God, yn Him wisten
wy ús wil rjochtfeardige. Der wie neat
makke dat net foar ús makke wie.
| |
| |
II
Wy hiene de ierde, ús klokslach, it skrale
gewin. Jûns it bleke ljocht yn lege keamers,
it glêde porslein, de geit dy't winterdeis
kichte yn 't hok. Safier't ús each it rikke
koe wie de see uzes. Hymjend stiene wy op 'e
kranken fan 'e Batavus tsjin beloop en wyn.
Lykas falfruchten wiene wy wis fan in grêf.
Us leafde krolle sûnder wurden as riemen it
wetter. It lege rút op it noarden hâlde ús
tinzen fêst. As wy fan hûs gyngen, wy gyngen
om thús te kommen en tochten oan de skaden
dy't wy as figuranten efterlieten op it bedsket
by de froulju. Gedachten oan hûs treasten
ús langsten. Lok rjochtfeardige it libben.
Nea thúskommen út it ûnbekende, stiene wy
feilich efter ús fredings op 'e rânen
fan ús wrâld, dêr't snelwegen ôfbûge nei
fierten dy't nearne weromkeare fan fierten
dy't troch ferfrjemding fan witten en
ûnthâld dearinne yn tichtsleine atlassen.
En wy, wy seagen dat it goed wie.
| |
| |
| |
It binnenste sjen
Wy moasten - mienden wy - ús takomst feroarje.
As wy omseagen nei de tocht fan it ferline
it wie net ús wil dat spoar fuort te setten.
Us begjin en ein wiene ien en deselde. Lykas
stjerren fan ljochtjierren earder ús nij yn 'e
eagen blonken, kaam it ferline ús stapfoets
efterop as ebbe en floed tusken de etmels.
Eangst? Hiene wy eangst foar wat wy net beneame
koene? Offers waarden fan ús frege. Wêr kamen
wy wei, dat wy ússels trochgrûnje mochten?
Wy wisten fan djipten en wat dêryn groeide.
Mar yn it donker waard it donker noch djipper.
It bern waard yn syn ferhalen begroeven om
it hert werom te bringen ta de foarâlden.
It deapunt bewoartele, hie alles syn tiid en plak.
It ûnfergonklike koene wy net skiede fan it
fergonklike. Doe't it lot ús efterop kaam en
immen út ús fermidden weirekke sochten wy gjin
treast yn wat foar ús wie. Utsicht op it
takommende lei yn ús ferline ferankere troch
belidenissen en treast fan de skriften.
| |
| |
| |
It wiere wêzen
Wat ha wy grutte dagen hân, doe't wy de
hynders ûnder it sadel brochten en de kust
delgyngen om swypkjend te hearskjen oer ús
grutskens. Besit? Hiene wy besit? Wy wiene
ryk en fan ússels, lykas it wurd har de
wierheid taeigenet. Wy jagen de hûnen oant
dêr't wy ús grinzen tochten.
Wie ús rispjen muoite en fertriet,
om wis te wêzen dat it wurk fan ús hannen
net ferlern gean soe yn it ûnwisse fan de
tiid, stribben wy nei fruchtberens
en gâns fermeardering fan de dingen.
Wy leauden yn de dingen om bliuwend
eat wêze te litten nei de dea.
Wy hiene oars gjin begearen as ússels.
Wy huveren foar frjemd en oaren. Alles wie
fan ús. Alles dêr't ús each op foel hechte
oan ús. Ek wat net fan ús wie wie uzes.
Wy wiene yn ússels en fan ússels.
Us wegen omleech wiene ús wegen omheech.
De wei hinne wie de wei werom.
| |
| |
| |
Oarlochswinter
Doe't op in suïsidale winternacht de hûnen
tekeargyngen en wy de pipen kâld wurde lieten.
Doe't de froulju by ute kachel en ljochtmoanne
tafelsulver skjirren oant it blonk as de brâning
by heech tij. Doe't wy fan it galgemiel preauwen,
bang dat wy it oerlibje soene, seagen wy in
tou fan de balke hingjen as waard it ús beskikt.
Wer toande de minske syn âlde natuer. Op dy nacht
gyngen ús lampen út. Us gesichten ferskronfelen
yn it tsjuster. Swit befrear dy nachts oan 'e
souderbalken en eangst grypte ús by de kiel. Se
kamen oer iennachtiis. De hûnen gyngen blaffend
foarop oer braaklizzend lân doe't soldaten nei
wapens taasten en immen bûgde foar genedeleas fjoer.
Berjocht fan hegerhân, skreaun mei beblette hannen.
Yn it tsjuster stiene wy. Wy hiene it lân bewarre en it
wetter bêde. Te diveker, wy wiene fan ússels en groeiden
nei dieden dy't bûten ús stiene. Wy, dy't in aliby
sochten foar de jongste dei, wy hearden it tij opkommen.
Tiid om út te farren. Wy taasten yn it tsjuster nei
it ljochtknopke. Us hân rikte yn de urven ieu. Ferbline.
|
|