aandacht moeten krijgen. De besprekingen zijn oppervlakkig, weinig diepgaand, en het aantal proza- en poëziebijdragen is relatief gering.
De kwaliteit van de primaire literatuur in Trotwaer is evenwel goed; aldus de commissie, die het proza van Sjoerd Bottema en Lolkje Hoekstra en de poëzie van Eeltsje Hettinga ter illustratie noemt. De commissie noemt de aandacht voor kinderliteratuur opvallend.
Conclusie: Trotwaer is een subsidiabel tijdschrift.
Het bestuur sluit zich bij de de beoordeling van de tijdschriftencommissie aan.
Tsja, mei alle wurdearring foar de searieuze oanpak fan de kommisje, as redaksje sieten wy wol wat mei dit oardiel en dizze suggestjes. It bliuwt in dilemma: aktueel kommintaar en fraachpetearen èn djipdollende skôgings oer literatuer yn syn algemiene kontekst (‘niet slechts gelieerd aan vluchtige, actuele zaken’ - hokker stikken wienen dat trouwens?) èn mear proaza èn mear poëzy. Benammen fan fêstige auteurs!?
Fêstige auteurs, wa mei men dêr ta rekkenje? Under de 22 meiwurkers oan de foarige jiergong wiene op syn minst acht âldere/bekende/fêstige skriuwers: Marten Sikkema, Douwe Tamminga, Harmen Wind (2x), Joop Boomsma, Meindert Bylsma, Margryt Poortstra (2x), Klaas Bruinsma (2x) en Baukje Wytsma. Te min? Mear hie faaks tefolle west. Mar miskien wienen harren bijdragen net ‘substantieel’ genôch.
Dat de fraachpetearen oan krêft winne soenen troch in krityske opstelling fan de ynterviewer, falt noch te besjen. Se wienen net daliks bedoeld as in krityske dialooch, mar mear as ynformative persoanlike portretten fan minsken dy't op dy manier noch net foar it fuotljocht kommen wienen (Bertus Mulder as yntellektueel yn 'e polityk en Huub Mous as kultuerideolooch en - organisator).
It perioadike oardiel fan it Produksjefûns hat yndie wat fan in ‘carroussel’: de kritearia binne net konsistint. En de easken en winsken binne net altiten like reedlik. Want ien ding skine de literêre skiedsrjochters út it each te ferliezen: de tydskriften moatte it ha fan willewurk. Fan frijwilligers dy't tiid en enerzjy stekke wolle yn it sammeljen en fersprieden fan stikken, skreaun troch kreative en krityske geasten dy't der finansjeel net folle better fan wurde. It is prachtich dat it Produksjefûns dat wurk rojaal stipet, mar de mooglikheden bliuwe beheind. It wollen is ek hjir grutter as it kinnen.
De tydskriftekommisje docht yn dit ferbân oars noch wol in rojale foarset: in projektsubsydzje foar it oanstellen fan in kwalifisearre persoan dy't in plan ûntwikkelje en útfiere moat foar it jaan fan opdrachten foar literêre skôgings. Dat soe it nivo fan de Fryske skriuwerij te'n goede komme. ‘Het bestuur van het Fonds staat hier niet onwelwillend tegenover, en zal in samenwerking met de Friese overheid en aansluitend bij het Friese provinciale letterenbeleid, subsidiemogelijkheden in dezen onderzoeken.’ - Wij binne benijd.