De auteurs
Sjoerd Bottema (1948) is learaar Nederlânsk en Frysk yn Ljouwert en redakteur fan Trotwaer. Yn 1994 debutearre er mei de ferhalebondel It fertriet fan dokter Kildare. Dêrfoar en dêrnei publisearre er ferhalen yn ferskillende sammelbondels.
Teije Brattinga (1929) wie boekhanneler en printer, promovearre dêrnei yn de teology, publisearre in pear romans en hjir en dêr wat fersprate gedichten yn it Frysk, publisearre yn it Hollânsk in tal teologyske stúdzjes mei as ynset de ferbining tusken it sekulêre en it religieuze. Hy is sekretaris fan de Stichting Bartolomeu Simoes Pereira Nederland, fan it Paul Tillich Genootschap Nederland/België en ponghâlder fan de Koperative Utjowerij.
Kees 't Hart (1944) wennet yn Ljouwert en is redakteur fan De Revisor. Hy skriuwt romans, poëzij, toaniel en essays. Resinte romans fan syn hân binne Zwembad (1993) en Blauw Curaçao (1996).
Eeltsje P. Hettinga wennet yn Los Angelos en wurket as free-lance sjoernalist.
Eric Hoekstra (1960) studearre Ingelsk en Algemiene Taalwittenskip. Hy wurket no op it P.J. Meertens Ynstitút by Dialektology. Hy ynteressearret him de lêste jierren in soad foar Nietsche, en is op it heden dwaande Also sprach Zarathustra yn it Frysk oer te setten. Hy siket in ko-auteur en in útjouwer foar in Nederlânsk-Frysk idioomboek: in rûge kladde fan 220 siden leit yn it laad fan syn buro.
Jan Pieter Janzen (1945) wurket as learaar skiednis en maatskippijlear yn Ljouwert, is redakteur fan Trotwaer en it jierlikse Strikelboek. Hy makke tegearre mei Freark Dam Boekje iepen. It Fryske Boek 1934-1984, wurket mei oan it takomme jier te ferskinen hânboek foar de skiednis fan Fryslân.
Trinus Riemersma (1938) is húshâlder, boadskiprinder en itensierder te Frjentsjer. Hy skriuwt - as 't net oars kin - resinsjes foar Frysk en Frij. Fierder is er tige besteld mei it op floppy bringen fan eigen en oarmans teksten en it redigearjen dêrfan.
Eelco Salverda (1968) wurket as publisiteitsmeiwurker by Stichting Keunstwurk en docht p.r.-wurk. Hy publisearre fersen en koarte ferhalen yn Trotwaer en Hjir. Yn 1994 wûn er de AFUK-jongereinpriis en yn 1996 in Rely Jorritsmapriis, beide kearen mei in ferhaal.
Doeke Sijens (1955) is redakteur fan Trotwaer. Hy skreau mei Henk van der Veer In útjouwerij fan QuizeQuânsje, it tinkboek by it 25-jierrich bestean fan 'e Koperative Utjowerij. Hy skriuwt fierder koarte ferhalen.