overslaan. Wie zich op wieltjes onder schoenen verplaatst is aan het skieleren of sketen.’
De oplossing is simpel: ‘Leraren Duits moeten eisen dat hun taal weer een verplicht vak wordt bij alle vormen van voortgezet onderwijs. En leraren Nederlands moeten eisen dat er Nederlandse woorden komen voor alle van elders overgewaaide nieuwigheden.’
Stom dat dy leararen Dútsk en Nederlânsk dêr sels net op kommen binne. Stom ek dat de dosinten yn al dy oare, net ferplichte en dochs wol nuttige fakken, lykas Frânsk, ierdrykskunde, maatskippijlear en skiednis - om even yn 'e alphahoeke te bliuwen -, net fûler op 'e tromme slaan. No ja, ‘stom’? It is de haadredakteur grif ûntkommen dat it parlemint krekt foar de simmerfakânsje it nije lesprogramma foar de heechste klassen goedkard hat, nei in ferheftige diskusje oer de ynfolling fan de ferplichte fakken en de fjouwer ‘profielen’. En om dan daliks wer mei nije ‘easken’ te kommen, sa masogistysk binne leararen no ek wer net.
Ien treast is der yntusken al: Rimmer Mulder en syn kollega's kinne yn harren kranten sels it noadige dwaan oan it brûken fan Nederlânske wurden foar nijichheden fan om utens.
Twadde foarbyld. De gearwurking/fúzje tusken de Friese Pers Boekerij en de Afûk.
Noch gjin wike nei't útjouwer Robert Wielinga ôfskied nommen hat fan de Boekerij (om direkteur te wurden fan Castel Media yn Grins), komt de Ljouwerter Krante mei it berjocht dat Friese Pers en Afûk, de grutste en de ien-neigrutste Fryske útjouwerij, drok yn petear binne oer de mooglikheden fan gearwurking. ‘It is belangryk om in sterke organisaasje te hawwen om kwalitatyf sterker te stean’, lit Afûk-direkteur Koen Eekma yn in taljochting witte.
Moai sein. Te moai, want de krêft fan de net alhiel rendabele Boekerij is no krekt dat se diel útmakket fan in grutter, winstmeitsjend gehiel, it LC-bedriuw. En it is net de bedoeling dat de Afûk dêr oansluting bij siket; oarsom: de Friese Pers wol fan de Boekerij ôf. En dat soe in ferlies foar de Fryske útjouwerij yn it algemien wêze. Mei de wurden fan Rink van der Velde: ‘In ramp wol ik it noch net neame. Mar it is wol in tebekset. De Afûk kin dy promoasje fan it Fryske boek net dwaan.’
Foar haadredakteur Pieter Sijpersma is de ‘ûnrêst’ yn skriuwerslân oanlieding om op 18 july syn ljocht oer dizze saak skine te litten. Foar de feroaring yn it Frysk, al is it him it praat eins net wurdich: ‘der [binne] aardiger en wichtiger kwestjes om jin de holle oer te brekken’. In Frysk boek mear of minder, wat docht dat der ta?
‘Te betiid en te benaud’, is syn konklúzje. Bij de drokte oer de mooglike fúzje falle him nammentlik twa dingen op: ‘wat binne se benaud en wat binne se rap mei har oardiel. Yn it Fryskkulturele rûntsje liket it tinken te wêzen dat eltse feroaring in efterútgong is. [-] Dat de nije gearwurking ek geunstich útpakke kin, skynt yn gjin ien holle op te kommen. Gjin sprút fidúsje yn it ûntstean fan nije konkurrinsje.’
Nee, dan Sijpersma sels. Dy sjocht, alheel net benaud, grutte mooglikheden: ‘Soe in nij stel jonge útjouwers it net foar mekoar krije kinne om