Fernijing yn 'e Fryske literatuer
Trinus Riemersma en Anne Wadman
11 novimber 1997
20.15 oere
De Harmonie yn Ljouwert
Organisaasje: Literêr-histoarysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy Stichting Literaire Activiteiten Leeuwarden
Op tiisdei 11 novimber 1997 hâlde it Literêr-histoarysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy en de Stichting Literaire Activiteiten Leeuwarden (SLAL) in jûn om it tema ‘fernijing yn 'e Fryske literatuer’ hinne. Literêr wurk fan Trinus Riemersma en Anne Wadman sil op 'e jûn sintraal stean.
De oanlieding ta de jûn is de promoasje fan Babs Gezelle Meerburg op tiisdei 4 novimber 1997. Dy deis sil hja yn Leien promovearje op it proefskrift ‘hwant wij binne it nijs ûnder en boppe de sinne’. Hja jout yn dat boek antwurd op ûnder mear de fraach yn hoefier't de romans De smearlappen fan Anne Wadman en Fabryk fan Trinus Riemersma út 'e sechstiger jierren neffens de skriuwers sels en neffens de literêre krityk út dy tiid fernijend west hawwe foar de Fryske literatuer. Hja pleatst de romans en de resepsje dêrfan yn in bredere diskusje oer modernisearring.
Op dizze jûn sil it tema fan it proefskrift, de fernijing yn 'e Fryske literatuer, fan ferskillende kanten beljochte wurde. Twa man dy't dy tiid meimakke hawwe, sille har persoanlike fyzje op 'e literêre wrakseling jaan. Alderearst sil Govert Gezelle Meerburg (Marten Sikkema) op 'e tekst. Dêrnei sjocht Trinus Riemersma werom nei de tiid om syn roman Fabryk hinne. Fierders is der in foarumdiskusje oer it tema. It foarum bestiet út Josse de Haan, Jelma Knol en Trinus Riemersma, en de diskusje sil laat wurde troch Geart de Vries fan de SLAL.
De kaartsjes binne by De Harmonie te krijen. De tagong is trije ryksdaalders. Yn 'e seal leit ûnder mear de dissertaasje fan Babs Meerburg te keap.