sa eksplisyt in rol spylje moat. De werjefte fan de myte fan Daidalos en Ikaros foaryn it boek makket dat men de parallellen besiket te finen. Dat falt lykwols net ta, want by de haadstiknûmers wurde oanwizings jûn hoe't de lêzer de parallel begripe moat - en dy oanwizings komme net oerien mei wat ik sels yn it ferhaal preaun hie: de feitlike Ikaros-fal soe ik yn de epilooch fûn ha. Dan hat mem Brecht (á la Daidalos) it bluisterige soantsje hyltyd heine wollen yn syn reis oer de wrâld en ûntkomt it har noch op it lêste momint, as er it dochs te heech siket yn in libben fol risiko. Mar neffens it boek moat ik it delstoarten al yn it earste haadstik sykje.
Men wurdt as lêzer dus troch dy oanwizings op in ferkeard spoar set en kin net, of minder maklik, op eigen manneboet de parallellen mei it Ikaros-ferhaal fine.
Oan de ein fan it boek wurdt jins oandacht lutsen troch it T-shirt dat soan Roel yn it begjin fan it boek oan hie en dat syn broer en skoansuster ferlegen makke. Der wurdt yn it slot frijwat omtinken oan jûn, mar Brecht sels komt net út de betsjutting. Ik as lêzer kaam net fierder as de safolste Ikaros-ferwizing, mar koe ek net in fierdere betsjutting gewaarwurde - dat sil wol oan my lizze, want neffens it plak yn it boek moat it frijwat essinsjeel wêze.
Ikaros baarnende soan is my de iene kear te eksplisyt en de oare kear net eksplisyt genôch. Brecht lûkt gauris út Roel syn wurden har konklúzjes, dy't de lêzer ek al lutsen hat (lykas ik twa alinea's hjirfoar dien haw); oan de oare kant leit se nachtenlang te prakkesearjen en just sokke kanten hiene wat mear útwurke wurde kind.
De auteur hat der nammentlik foar keazen en fertel it ferhaal út Brecht har perspektyf wei en net út Roel sines. Dan soe men ferwachtsje dat der in protte mei it ynderlik fan Brecht dien wurdt. Mar folle fierder as de helpeleazens fan Brecht wer te jaan komt it net. Brecht is alderheislikste ûnwis en lit har troch alles wat oaren sizze, beynfloedzje. Har ynderlik is tige werkenber, mar nochal klysjeemjittich werjûn: se komt net echt út de ferve (de iennichste kear dat der wat boarte is mei de taal, liket my ‘mei in holle as in amer’ (s. 126): dat kin ek op in oare as de wênstige manear útlein wurde, as ik Brecht har karakter goed begryp).
Ek Roel wurdt jin net eigen: hy is te tipelsinnich om jin yn te ferpleatsen, mar wát er no foar nuvere dingen allegearre docht, wurdt ek net dúdlik beskreaun. Spanning of reljef troch dy ‘gekke’ kanten fan Roel ûntstiet der net. Hy wurdt jin net ûnsimpatyk (as in David, dy't syn mem bedonderet), mar simpatyk komt er ek net oer: hy bliuwt te dizich om ien dy't ús noed en betrutsenheid wurdich is, te wurden.
Styl en stavering binne net sûnder wryt of slyt: der sit yn beiden in soad Nederlânsk. ‘Voorstreek’ njonken ‘Nijstêd’ komt my nuver oan; oerémus, oerstjoer en oerdwealsk brûk ik oars as de auteur fan dit boek; te faak komt ‘Marroko’ etcetera foar ynstee fan ‘Marokko’: der binne gâns dingen dy't mei in goede einredaksje/korreksje ferbettere kind hiene.
Wat hat ‘Ikaros’ ús te melden? In wichtich tema liket my: iensumens, it ûntbrekken fan wier