minsk. Lûd is oerlêst, stilte is idyllysk. Mar it is ek negatyf. It is eng, benearjend, bedriigjend, pynlik. It is dea, iensumens en spanning. Ek yn figuerlike sin hat stilte faak in negative assosjaasje: net tinke kinne, leechte, ferlet, ensfh.
Stilte is dus in begryp dêr't men in soad kanten mei op kin. Mar oan de oare kant ek wer net. Dat is de fal fan stilte. Want wat is der al net oer skreaun? It is dreech orizjineel te wêzen en wa't him beheint ta de bekende dichterlike assosjaasjes fan stilte, betrêdet al gau de klisjeepaden of skriuwt in swiersettich of symboalysk gedicht.
Dêrmei kom ik op ien fan de minpunten fan dizze bondel. In soad dichters (en dêrmei de bondel as gehiel) binne yn de fal trape. Der wurdt in grut ferskaat fan bylden oproppen. Spitigernôch binne it faak de bekende bylden. Dêrtroch is it gehiel te min ferrassend.
Guon ûntkomme net oan it beskriuwen fan de bekende idyllyske stilte. Hja slute oan by it romantyske byld: stilte as in fenomeen dat allinnich mar wurdearring fertsjinnet, dat socht en koestere wurde moat. Oaren roppe (te) bekende assosjaasjes op, faak yn in sfeargedicht. Op himsels hoecht in gedicht dêr net ûnder te lijen. Soks kin hiel moai wêze, by Jan Kooistra bygelyks, mei in moaie spanning tusken de jonge hynders, de skiep en de ‘wy’.
Flecht yn 'e stilte
op in buordsje stiet ‘stiltegebiet’
jonge dampige hynders by de hikke
foar de bûns yn it boarst
de slûpende lûden, it gat
foar de sleur dy't de lusten ferlammet
de wyn sliept, de Waadsee gloaret
ûnferbidlik neier komt it tsjerkje fan Wierum
wy dogge lang oer ús kofje
prate sacht op it stille terras
yn it slyk spegelet de sinne
by it Skoar wachtsje se op ús
Neat mis mei, wat my oanbelanget, mar yn in bondel wurdt in sammeling fan sokke stiltesfearen al gau tefolle. Seker as men de fersen foar in grut part achter inoar troch lêst. Boppedat binne guon fersen te eksplisyt, of wurde te foarspelbere bylden oproppen, op it klisjeemjittige ôf.
Oaren jouwe it tema lykwols op oarspronkliker wize stal of skeppe in fraaie tsjinstelling. Aggie van der Meer bygelyks, oer stilte as drager fan de Hillige Geast. Of Jacobus Quiryn Smink, oer de stilte tusken twa tikken fan de klok yn. Tiny Mulder, mei de tsjinstelling tusken de winske stilte en de twongen stilte fan it dôf wurden. Of de ‘observaasje’ fan de natuer fan Jurjen van der Meer, dy't mar oantoant dat absolute stilte net bestiet.