Trotwaer. Jaargang 29(1997)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 230] [p. 230] Eric Hoekstra Goudene fisk fan genot Ik tútsje dy net, ik draach it printsjen en it krantsjen en it tsjapkjen fan myn lippen oan dij op. Ik priuw dij net, ik jit it lije wetter fan Dyn wurd yn it Iene ear. Ik tonkje net, ik jaach it wetter oer de sjems fan myn tosken oant ta stofgoud it sêfte ferkerrelt, ta goudklang de kerrels oanien smeid oant it liet fan de reade hammer myn foarm beskiedt. Ik nim dij net, ik doop de hân fan myn geast yn wijd wetter en fang de goudene fisken fan genot út dy op. [pagina 231] [p. 231] Leech lânskip Ik lies hoe't twa millennia ferlyn Ovidius troch it dal hinne ried op syk nei syn freondinne. It gers, de sinne, de rook fan stiennen, wat is der feroare? Ik wie der ek, raas ik út. It ding himsels is lang ferlyn. Bang en allinne, of, it gers, de blommen en de sinne. Vorige Volgende