kusjearje. Jo moatte oan 'e keamerstafel sitte, op in gewoane stoel, lyk foarinoar oer. Mar wy sieten neistinoar, en wy sêgen inoar no en dan wat skean oan. En hy prissentearre oan ien tried wei sigretten.
Ik moast hast wol leauwe dat ik de man syn literêre karjêre ferrinnewearre hie. Ik fielde my dea-ongelokkich. Der skarrele in lyts famke oer de grûn om. En Hylkje skarrele der ek om, net oer 't hûs, se wie mei tee dwaande. Se besocht Anne wat del te bêdzjen, yn 'e trant fan: ‘Do bist op 't heden ek wol osa swiertillend.’ Mar hy wie foar gjin rede fetber. Ik hie no dúdlik makke dat er in skriuwer fan neat wie, dat hy koe wol ophâlde. En wat Fabryk oan gie, ik hie him net frege oft ik dat wol oan him opdrage mocht, en soks wie wol wisânsje. Ik wie him oer it mad kommen en wat moast er dêr wol fan tinke? Ik haw andere dat ik net wist dat men soks hearde te freegjen en dat dy opdracht as in ferrassing bedoeld wie. Hie ik seze moatten: Sjoch Wadman, ik fyn jo in grut skriuwer en dêrom haw ik jo myn boek opdroegen? En ja, hy hie wol dwaande west mei in besprek fan Fabryk, trije kear wie er begon, mar it wie mislearre. Hy koe my boppe de bewizen der wol fan sjen litte. Ik hie der gjin ferlet fan om efter him oan by de trep op om de bewizen te sjen. En dan wie der noch wat, doe't ik him myn boek brocht, hie er my warskôge dat Fedde Schurer it wol ôfwize soe, want dy hie De smearlappen ek ôfkrêke. En ik hie doe sein dat ik dêr net bang foar wie, want ik koe goed mei Schurer. No, it die bliken, Schurer wie optein oer myn boek. Hy fermoede in komplot tsjin him, dat wie dúdlik. Hy pinde my fêst op wurden dy't ik yn myn onnoazelheid sein hie. Ik wie by de grutte Wadman op besite en ik bea him myn earste boek oan, wat ferwachte er? Ik kin wol goed mei Schurer, hie ik sein, mar ik koe de hele Schurer net. Ik hie him ris in briefke skreaun, foar myn koarte ferhalestúdzje tink, en dêr hie ik in freonlik andert op krigen, mear net. Ik haw letter heard dat Schurer my yn
De Tsjerne helle hat, mar dat wist ik doe net. Ik wie net part fan in komplot, ik wist fan al dy literêre minefjilden neat ôf.
Ik haw besocht om him wat op te fleurjen troch myn resinsje te bagatellisearjen. Hy wie in fêstige skriuwer en ik wie 26, hy hoegde him fan in begjinnend kritikus dochs neat oan te lûken? Mar dat wie mis. Hy fielde him as man fan 45 helendal net sa wis fan himsels en fan syn kapasiteiten, dat sêch ik helendal ferkeard. Hy sei: ‘Wy prate oer tweintich jier wolris wer, dan binne jo sa âld as ik no en ik sawat fiifensechstich.’
Ik haw my oan dy termyn holden en noait wer kontakt mei him socht. As ik him earne moete, dan groete ik him, mear net. Mar tweintich jier letter wie der fansels helendal gjin ferlet mear fan in petear. 't Wie krekt as mei in skieding, wat sil men nei safolle jierren noch âlde keallen út 'e sleat helje? Wy ha wol werris praat, mar tige oerflakkich. Op 't lêst ha 'k him ek noch doke. Dat wie leau 'k sa kommen by de lêzing fan Piet Calis. ‘Do seist altiten noch “jo”, ja, it leeftydsferskil, hin?’ Doe ha 'k tenei ‘do’ sein, mar dat brocht ús neat neier ta inoar. Hat hy dêr ferlet fan hân? Ik tink it net. Ik hie wol graach in bettere relaasje ha wollen. Mar de man wie net benei te kom