Trotwaer. Jaargang 29
(1997)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 216]
| |||||||
1 In ferantwurding as ynliedingDit is in bewurking fan in lêzing dy't holden is foar it Literêr-histoarysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy. De bedoeling wie de roman fan Wadman te lêzen út it perspektyf fan in theologyske disipline wei, dy't exegese neamd wurdt en en har dwaande hâldt mei de stúdzje (analyse en ferklearring) fan de tekst fan de bibel. En dan net daliks yn de technyske sin (want exegese kin hiel technysk wêze) mar mei de fraach: wêr giet it winliken oer. De roman fan Wadman wurdt op deselde wize besjoen as ek bard is mei De Reade Bwarre fan Trinus Riemersma yn it tydskrift Hjir (1996) en mei de poëzij fan Steven de Jong, mei bydragen fan oare skriuwers útjûn by de Koperative Utjowerij doe't De Jong de Gysbert Japicxpriis wûn hie (1992). Op de lêzing oer Wadman en de bydrage yn Hjir hat Trinus Riemersma reagearre yn Frysk en Frij fan novimber 1996. Dêr seit Riemersma dat it winliken net kin, mei in tekst teset sûnder jin te bekroadzjen om de konstruksje fan de tekst, konstruksje dat is de taal, de opbou, de folchoarder, de fertelsitewaasje. Ik hie der net by stilstien dat dat in probleem wêze koe. Boppe de stúdzje oer De Jong syn poëzij hie ik it wurd ‘exegese’ set (oan ‘eksegese’ kin ik mar net wenne) om oan te jaan dat it net om in literêr hifkjen fan it wurk gyng, mar om in tematyske behanneling. Yn Hjir haw ik dat oan it begjin fan it essee rûch útlein. Mar Riemersma syn reaksje ferget my op wat mear útlis. Men soe tinke kinne dat exegese him net bekroadet om konstruksje, ensfh. En dat is net wier, alteast foar de lêste ieuwen. It tilt ek yn de teologyske disipline dy't exegese neamd wurdt op fan de tekstanalyses, benammen omdat it hast altyd om bewurke teksten giet en de saneamde einredaksje fan sa'n tekst syn eigen typyske problemen jout. Dêr is it fak exegese in hiel ein mei kommen en it hat my altyd fernuvere dat der sa'n bytsje ynteraksje wie (en is) tusken it fakgebiet fan de bibelske exegese en dat fan de net-bibelske literatuerwittenskip. Dy frjemde spjalt tusken it religieuze en it ‘wrâldske’ moast men hast marris farre litte. Dêr is nammers gjin spjalt tusken: it sit yn mekoar ferweve. Wat yn de exegese wierskynlik minder nei foaren komt, is de fraach nei de literêre wearde fan in tekst. Bibelske teksten binne fierhinne gebrûksteksten dy't ek funktionearje (en bestudearre wurde) as de literêre wearde net sa grut is (hast op de wize sa't de Oarkonderûnte fan de Fryske Akademy midsieuske oarkonden en akten bestudearret). Men kin fansels it literêre aspekt meitelle litte (en yn wêzen | |||||||
[pagina 217]
| |||||||
wurkje bibelteksten ‘literêr’, dat is te sizzen: men wurdt der troch meinommen) en kin ik aansen beweare dat it sânde haadstik fan it bibelboek Spreuken grif literêre kwaliteiten hat. Nei alle ‘technyk’ sil it úteinlik gean om de betsjutting fan de tekst, om wat de tekst te sizzen hat (oerbringe wol en oerbringt). En jawis, hoe heger de literêre kwaliteit, hoe better in tekst dêryn slagget. De fraach nei wat in tekst te sizzen hat, yntrigearret my it measte en it wûnderlike is, dat teksten sprekke kinne sûnder dat men in technyske analyse tapast. Men is fansels wol traind yn analyse en men hat in gefoel foar de technyske kant fan de saak. Lykwols is it mooglik en stel de direkte fraach: wêr giet de tekst winliken oer? Hat in tekst literêr gewicht, dan komt it andert wol. Der komme sels goede risseltaten út te foarskyn. Exegese mei graach tematysk tewurk gean, b.g. oer ‘de selspresintaasje fan Jezus yn it Johannesevangeelje’ of ‘de implisite ferteller yn Markus’. Sa gean ik graach mei literêre teksten oan it wurk, yn dit gefal mei de roman fan Wadman. De ortodokse literatuer-krityk is net ta weismiten keard en neffens my moatte literêre tydskriiften, earder as dei- en wykblêden, der oandacht oan jaan, lykas Jetske Bilker yn Trotwaer 95-1 dien hat oer de roman fan Wadman (mar dan dochs te koart om 'e hoeke). Wat hjir folget neam ik dus net literêr-kritysk. Alteast, it giet net oer de fraach of de tekst fan In okse nei de slachtbank literêr ferantwurde is. It giet ek net oer de struktuer fan de roman, oer de opbou fan de karakters, it fertelperspektyf of wat men fan in literêr eachpunt út sizze kin. Wat it wol is, neamde de foarsitter fan it Literêr-histoarysk neamde Wurkferbân, Piter Boersma, ‘kultuer-filosofysk’ doe't er my frege foar it hâlden fan de lêzing. Dêrmei kroep er út 'e wei by wat yn it besprek fan it dichtwurk fan Steven de Jong in ‘exegese’ neamd is, doelbewust as in teologyske disipline. It útlizzen fan in tekst - en dat is dus wat oars as de wurdearring/resinsje fan in tekst - freget nochal wat. As it oer âlde teksten giet, leit dat yn 'e reden: men hat faak mei in oare taal as jins eigen te meitsjen en boppedat mei in oare kultuer. It bibelboek Spreuken, dat aansen op it aljemint brocht wurde sil, is net sûnder mear fersteanber, ek al is it ljocht net sa tsjuster dat in skriuwer der net de titel fan syn boek weihelje kin. Mear moderne teksten, bygelyks de hjir behannele roman fan Wadman, jouwe miskien minder swierrichheden. Mar ek dêr is it de fraach of men foar it faderlân wei lêze kin. Dat docht men wol fansels, mar de prosessen dy't har tusken de lêzer of harker en de tekst ôfspylje, kinne dochs objekt fan stúdzje wêze. Yn it filosofysk en teologysk jargon hjit dat hermeneutyk. Wat ik fan bibelske exegese leard haw, hat in bulte mei hermeneuse te krijen. Ik bin dus nijsgjirrich nei wat in tekst by my (en oaren) as lêzer opropt. Dat is dan uteraard altyd subjektyf en selektyf. Ferantwurdet men dat yn in essee as dit, dan krijt it subjektive dochs in mear objektyf karakter, omdat elk it ferrin neiride kin en it dêr al of net mei iens wêze kin. It subjektive wurdt ommers op basis fan de tekst ferantwurde. De claim is dat de tekst de selektive | |||||||
[pagina 218]
| |||||||
gong fan saken rjochtfeardiget. Wat hjir dus folget, wurdt exegese neamd om it ferskil (en ek de distânsje) mei in besprek of in literêr-krityske analyse oan te jaan. Ek by sa'n exegese kin men de struktuer neigean, it taalgebrûk, ensfh. Mar dêr komt in fraach efteroan (ek by in besprek fan sekulêre teksten) en dat is: wat seit de tekst, wêr giet it oer, wat docht in tekst de lêzer? It is itselde as wat Ernst Bloch earne seit: ‘Beskôget men in muzykstik fan de technyske kant, dan kloppet alles en it seit neat, lykas by in algebrafraachstik; beskôget men it lykwols fan de dichterlike kant, dan seit it alles en ferklearret neat.’ Dat dichterlike set ik oer mei de ynteraksje tusken tekst en lêzer, it konstruktive lit ik oer oan de beropsminsken. Ik spring dus sûnder pols (neffens Riemersma). No gappet dat mear as it byt, want ek mei dizze fraach (wêr giet de tekst winliken oer?) komt men de struktuer tsjin. Mar dêr sis ik dan net folle oer. | |||||||
2 It boek SpreukenIt is moai meinommen dat In Okse nei de Slachtbank yn de titel in sitaat jout út 'e bibel mei foaryn sels in ferwizing nei it fynplak: Spreuken 7, 22. It boek Spreuken is in samling fan siswizen, lytsere en gruttere kolleksjes mei wat koarte mear gearhingjende stikken. It binne hast nea folksaardige sprekwurden mar keunstich foarme wiisheden. De tekst sels hat it oer ‘spreuk en tsjustere taal’ en oer ‘de wurden fan de wize minsken en har riedsels’ (1,6). In maklike tekst hoecht men dus net te ferwachtsjen. De opset is dúdlik en stiet as in motto foaroan yn it boek: ‘Om wiisheid en fermoanning te learen, om wurden te begripen fan ynsjoch, om fermoanne te wurden en sa te learen wat rjucht is en goed gedrach’ (1,2-3 - wat ôfwikend fan de Fryske bibeloersetting fan 1978, dy't ticht by de Hollânske NBG-oersetting bleaun is; ôfsjoen dêrfan: de oersetting fan dizze oarspronklik Hebrieuske tekst is net in noflik kerwei). It motto dat Wadman brûkt hat, komt út it foarste part fan it boek Spreuken, dat wat langere stikken befettet, benammen oer it plak en de funksje fan ‘wiisheid’. Opfallend (en sels wat steurend) is it hyltyd weromkommende warskôgjen foar de omgong mei ‘de frou fan in oar’ (2,6), dêr't de auteur trije mear wiidweidige passages oan wijd: haadstik 5, haadstik 6, 20-35 en haadstik 7. As Wadman syn boek in motto út Spreuken 7 wei meijout, dan kin fansels in teolooch it net litte en helje dy tekst fan Spreuken der by en net allinne dy iene rigel, mar de hiele kontekst. It funksjonearret hast as in hermeneutyske kaai foar de roman. By exegese moat men in útgongspunt kieze: út hokker hoeke men de yn dit gefal fan De Okse goed trijehûndert siden tekst besjucht. Dat is noait neutraal. It is lykwols gjin dwaan en nim yn in skôging as dizze de hiele roman ûnder hannen (soe ek ferfelend wurde). Men moat in reduksje tapasse en dat bart yn dit stadium troch eksplisyt de ferbining mei it boek Spreuken te lizzen. De bedoeling is dúdlik: de man lit him fange troch de frou, yn it boek Spreuken in frou ‘optoaid as in hoer’, yn de roman fan Wadman: | |||||||
[pagina 219]
| |||||||
‘behongen mei alle huorrichheid dêr't se oer beskikte’ (3.1.3). Yn it boek Spreuken is de frou gjin hoer, mar docht se har sa foar. En by Wadman? Wy sille sjen. It is dan wol sa dat men yn de earste struktuer fan de roman bedarret (yn de tekst hyltyd oanjûn mei it sifer 1 efter it sifer fan it haadstik) en de oare twa ferhaallinen (jeugdjierren en it boek fan Malamud) lizze lit. Dat komt omdat dy Ria troch de suggestje fan it boek Spreuken yn it fizier komt en der net wer út giet. Dan ferdwine Hindrikje (jeugdjierren) en Aletta (de frou fan Bennekamp) yn 'e skimer, dêr't se yn 'e roman dochs al wat yn sitte. It soe in aparte stúdzje fergje, wol men neigean wat dy trije froulju mei elkoar te meitsjen hawwe. De literêre krityk soe dat ris ûnder hannen nimme moatte. It lêzen fan Bernard Malamud syn roman ferdwynt alhielendal, hoewol ik tink dat dizze tredde fertelliny net om 'e nocht is en feitliks noch net goed achtslein is. It leit foar de hân en nim it hiele haadstik út Spreuken oer: it is in goed stik literatuer en it tekent frij aardich, oft de skriuwer dat no sa bedoeld hat of net, de sfear fan de oanrin fan Wadmans boek. Dit kapittel fan Spreuken is yn trijen ferparte:
Spreuken haadstik sân
Myn soan, jou acht op wat ik sis
en wat ik oanried, lit it by dy bliuwe.
Doch wat ik dy sis en do silst libje,
(bewarje) myn ûnderrjocht as de apel fan dyn each,
wyn se om dyn fingers,
skriuw se op it blêd fan dyn hert.
Sis tsjin de wiisheid: ‘Myn suster bisto’,
en neam it ynsjoch dyn sibbe.
Hoedzje dy foar de frjemde frou,
foar de ûnbekende mei har flaaikjende tonge.
Want thús digere ik troch it finster
en seach út troch de traaljes,
dêr seach ik by de ûnbedreaunen,
ûntdiek by de jongfeinten
in knaap sûnder ferstân.
Hy rûn op 'e strjitte, de hoeke om,
en rûn de kant út nei har hûs,
yn 'e skimer fan 'e jûn en it jûnskoft fan 'e dei,
by it begjin fan 'e nacht en it tsjuster.
En sjoch, dêr komt in frou him temjitte,
optoaid as in hoer en listich fan hert.
Sûnder rêst is se en ûngeduerich,
har fuotten kinne it thús net úthâlde;
no ris is se op 'e strjitte, dan wer op in plein
en op elke hoeke stiet se te loeren.
Hja pakt him beet en tutet him
en drystwei seit se tsjin him:
‘Mienskipsoffers soe ik bringe
en hjoed haw ik dat ûnthjit neikommen;
dêrom bin ik derop útgien, dij yn 'e mjitte,
om dy te sykjen en no haw ik dy fûn.
Mei tekkens haw ik myn bêd opmakke
en mei kleurige lekkens fan Egiptysk linnen;
ik haw myn leger besprinkele,
mei mirre, aloé en kaniel.
Kom, lit ús dronken wurde fan 'e leafde oan 'e
| |||||||
[pagina 220]
| |||||||
moarntiid ta,
ús berûzje oan 'e leafdeswille.
Want myn man is net thús,
hy is op reis nei in fier lân;
de jildponge hat er meinommen
en mei folle moanne komt er wer thús.’
Mei al sokke moaie wurden helle se him oer
en troch har glêde lippen krige se him mei.
Fuort rûn er efter har oan
as in okse dy't nei de slachtbank giet,
as in hart dat yn it fangnet rint,
oant in pylk him de lever spjaltet;
en as in fûgel dy't nei it klapnet fljucht,
net wit dat it om syn libben giet.
No dan, soannen, harkje nei my,
jou acht op 'e wurden dy't ik sis.
Lit jim hert net ôfwike nei har wegen
en ferdwaal net op har paden;
want gâns slachtoffers hat se makke
en hoefolle hat se al net it libben nommen.
Har hûs is it paad nei it deaderyk,
dat delrint nei de keamers fan 'e dea.
(ôfwikend fan de oersetting yn de Fryske bibel 1978 op basis fan de oersetting fan J. van der Ploeg, Roermond, 1952)
No moat men foarsichtich wêze mei de ynterpretaasje fan dizze tekst. Sa'n wiisheidslearaar as dy fan Spreuken is faak in hiel praktysk man. It giet him yn dit stik net om de seksualiteit op himsels. Hy ûnderskiedt de ‘hoer’ en de ‘frou fan in oar’. Oer hoererij jout er gjin oardiel. It liket as skikt er dat yn. As er yn it haadstik, dat hjirboppe ôfprinte is, seit dat dy frou har klaaide as in hoer, dan is dat in fermomming: de frou ferskûlet har en wol de jongfeint op dy wize fange. Doch it net, seit learaar, ‘want jaloerskens makket in man alhiel breinroer’. Dat stiet yn haadstik seis (in tekst dy't dus oan haadstik sân foarôf giet). Dêr wurdt útlein wêrom dejinge dy't him yn it klapnet fange lit, telâne komt yn 'e keamers fan 'e dea. It giet om 'e wraak fan de man. Yn de kultuer fan Spreuken is in frou eigendom, besit fan de man - fergelykje mar mei de saneamde tsien geboaden: ‘Do meist dyn neiste syn hûs net begeare; do meist dyn neiste syn frou net begeare, noch syn slaaf of slavinnen, noch syn okse of ezel of wat ek mar dyn neiste sines is’ (Exodus 20, 17). De frou stiet moai yn it rychje fan hûs, slaaf, okse en ezel. En dêrom warskôget Spreuken ‘bliuw fan in oarmans frou ôf, ‘want jaloerskens makket in man alhiel breinroer, op 'e dei fan 'e wraak sil er neat mije, hy nimt gjin soenjild oan en jout net ta, al biedsto noch safolle’. Spreuken warskôget foar de wraak fan de man, mei waans frou men omslacht of omslein hat. It kin jins dea wurde en dêrom, en foarlopich nearne oars om, mij soks. Yn de roman fan Wadman komt dat motyf wat neutralisearre werom yn de reaksje fan Sjak, de man fan Ria. Sjak sjantearret Bennekamp (de haadpersoan) omdat dy mei syn frou omslacht. ‘Hy fielde in licht, feninich tikje op syn skouder’, stiet yn 11.1.1 en de haadfiguer wit fuort dat it Sjak Bots wêze moat, de man fan Ria en oars makket Sjak it him wol dúdlik: ‘De man fan dy frou bin ik dus’. Sjak Bots nimt Bennekamp geweken, bedriget him no net daliks mei de dea, mar siket de wei fan sjantaazje: ‘En wat het u deran gelegen leid, dat u frou 'et nyt te weten komt?’ Sjak wit it presiis (swier geskut, seit de tekst): ‘Dattet dus | |||||||
[pagina 221]
| |||||||
miskein eigenlik nyt su goeëd fan pas komt, at 'en wethouwer fan goeie naam en faam, troud en met kynde's, geheime betrekkingen het mit de frou fan 'en ander.’ Men aant wat der bart. En dan kin Bennekamp wol sizze: ‘Jo moatte mar dwaan wat jo net litte kinne’, Sjak Bots wit it better: ‘Ik sêch nyt dat ik 'et doeën sal, mar ik hew dus om su te sêgen de macht wel. En 'et recht, as beledigde partij sijnde. Nyt te fe'geten 'et recht’ (side 190-192). De master fan Spreuken wist it wol: omslaan mei de frou fan in oar, dat is libbensgefaarlik, it gefaarlike sit yn dit gefal yn de sjantaazje, dêr't Bennekamp dan ek net foar wei komt. Yn dit stik fan saken treft de roman fan Wadman presys de teneur fan it boek Spreuken en Jetske Bilker kin wolris gelyk hawwe, dat Wadman dêr mear út nommen hat as allinnich it motto. Ik lit it tema Sjak Bots fierder lizze, ek al koe dat in aardich ferhaal opsmite, begjinnend by 2.1.1. Ik bepaal my fierder by de frou, it frommeske Ria. Foldocht dy oan de beskriuwing fan de gefaarlike frou sa't Spreuken dy úttekent? | |||||||
3 De frou fan 'en ander‘....de frou fan 'en ander’ - wat foar frou is dat? Is it wol de frou ‘fan 'en ander’? As de roman úteinset, rint it lykop mei Spreuken. ‘Myn man is net thús’, sa stiet it yn Spreuken, ‘hy is op reis nei in fier lân, de jildponge hat er meinommen’ - yn De Okse sit de man yn 'e finzenis en de jildponge is ek dêre fier te sykjen. En sadwaande is Ria foar in part in oerhuorrige: ‘jild fertsjinje mei neuken’, neamt de roman dat, ‘net foàr it jild om òm it jild’ (3.1.2). In subtyl ûnderskie dat oanjout dat se út de dearinnende strjitte wei wol. Se wol meiparte ‘yn de heal-lúkse sektor’ (s. 48). 't Is my noch lang nyt nei 't sin’, seit se as se Bennekamp har hûs sjen lit (s. 33) en letter seit se: ‘Ik hew 'et geld gewoan noadich’ (s. 51). Giet it dan om lúkse? De oerhuorrens fan dizze Ria, as men dat sa neamme mei, begjint net mei seks mar mei jild: ‘Ik sit toefallich krap by kas’ (s. 40), seit se en as B. har freget hoefolle as se nedich hat, andert se: ‘Honde't at 'et kan en ande's sofeul minder as je misse kanne’. As B. betellet komt de útnoeging: ‘Wederdynst bereid’. B. ynterpretearret dat as: ‘Der wie fansels net folle fantasij foar nedich om te witten wat se woe: jild fertsjinje foar it lisbad en oare lúkse dingen, en neuke’ (s. 46). Net mear ‘om’ mar ‘en’. Neuke is fansels in aardige ferdivedaasje mar it is de fraach of it by dizze Ria allinne mar ferdivedaasje is. Sa begjint it miskien, as ‘wederdienst’, mar it ferskoot stadich. Se is ek noch de mem, neist twa sûne knapen dy't yn it ferhaal winliken gjin plak hawwe, ek fan in efterlik bern, it jonkyponky: ‘Se bûgde har mei in gebeart fan tearens nei it bern oer en aaide it oer syn te grutte holle’ (2.1.2). Yn Spreuken komt dat mem-wêze net foar en dat makket de figuer fan Ria mear komplisearre. Se wurdt gefoeliger tekene as men trochstrings fan in ‘hoer’ docht. It is wierskynlik it riedseleftige yn har wêzen dat de skriuwer yn 2.1.2 ek as sadanich oantsjut: ‘Mar der lei wol wat riedselichs oer har wêzen’. En even letter: ‘Se hie wat tsjinstridichs oan en om har hinne’. | |||||||
[pagina 222]
| |||||||
Dat it om it jild giet, komt yn it ferrin fan de roman hyltyd werom. Ek it memme-wêzen spilet in rol, is in thema yn it boek, de ferhâlding fan Ria mei har Honky-ponky. Dy twa eleminten wurde oan elkoar fêstknoopt, sadat it te simpel is om te sizzen dat se in eroatysk avontoer siket. By it huorrige heart wol wer it brutale fan de frou út Spreuken, ‘de hurde en hast bretale blik’, dêr't Bennekamp him ûnwis by fielt (s. 31), de brutaliteit as se him freget ‘Binne jo goeëd by kas?’ (s. 40), de slûchslimme fûnkjes yn 'e eagen (s. 37) of it skelmsk gnyske as se fernimt dat hy him foar har avances werom lûkt (s. 41). Bert Bennekamp is tsjin dy ‘leafbrutale slûchslimmens lang net opwoechsen’ (s. 47) en dêr blykt de medalje twa kanten te hawwen: tagelyk leaf en brutaal, ûndogensk en grutsk (s. 50). De brutale eagen kinne ek earnstich stean (s. 33) en nei de earste frijpartij sit se yn tinzen op 'e bank mei in glês kampary: dan spûket it efterlike bern troch har holle? Of is dan al wat oars? Se seit ja ‘mei in tige benypt lûdsje’ as se fertelle moat dat har man yn it gefank sit en is duort dêrnei wer fûl en seit ‘mei in yntonaasje fan wraaksucht: Mar hy hoeft nyt te dinken dat ik ses weken sonder fent leve kan’ (s. 64). Is it net allinnich it jild? ‘Ik fe'feel mi 'et apesuurlazerus at ik so alleen op myn bed lech’, seit se der fuort oer hinne. En dat is it twadde twaslachtige yn har karakter: se docht it wol om it jild en se docht it der net om. Se wol net allinne op it echtelike bêd. Der blykt lykwols noch mear te wêzen as dat. Yn it ferrin fan de roman groeit der tusken har en de buorman in relaasje dy't tragysker is as it bleate jildfertsjinjen. Wannear op it neakenstrân yn 4.1.3 har hân yn sines krûpt, dan komt der neffens de tekst in loksfielen oer him - mar wat bart der mei har? Se rekket yn panyk as er it út meitsje wol: ‘Dat kanne je nyt make’ (s. 124) en even letter: ‘Ik mach jou hartstikke graach lije’ (s. 125). Fansels, it rint troch elkoar: jild brûke moatte en jin bine oan dy man. En as de jildkraan ticht giet, is it net bêst. Mar dochs. En dat komt boppe as ‘ons Sjakky’ siik is (7.1.2). De relaasje fan Ria mei dat bern is op 'e eftergrûn fan Bennekamps aventoerke tekene, mar hjir wurdt it earnst. It wie dy middeis - Aletta wer nei har wurk en Dick op syn brommer de stêd yngien - in hiel oare Ria as dy't er koe. Koel, op in distânsje. Mei wat fan ynhâlden eangst. Se sette mei nerveuze hannen kofje en swijde gâns in skoft. Op 'e tafel lei in brief mei it haad ‘Departemint fan Justysje’ derop. It soe mei Sjak te meitsjen hawwe. Hy frege net, se moast der sels mar mei oankomme. Mar se sloech gjin acht op dat brief. Se droech in blaugrize trui en in donker rokje mei ploaien. Hy koe dat net fan har. It like suver as wie se yn 'e rou. Hy swijde ek en der ûnstie in benearjende stilte, dat je allinnich it hastich tikjen fan in wekkerke op 'e skoarstienmantel hearden. Op 't lêst frege er; ‘Wat is der dochs mei dy, Ria?’ Se briek yn snokkerjen út, smiet har boppelichem op 'e tafel dat kofjekopkes rinkelen en sprate de earms wiidút: ‘Ons Sjakky is syk. Ha'tstikke syk. Het eenenvee'tich koa'ts. Ik hew de dokter beld, dy sal drekt kome’. Se snokkere fierder. Hy frege: ‘Leit er boppe?’ ‘Ja, in syn bedsje. De stumpert, doadsyk.’ Hy gyng oerein en lei in hân op har skouder: ‘It sil bêst tafalle. Bern binne soms deasiik en in oere letter wer sa sûn as in fisk. Sil ik | |||||||
[pagina 223]
| |||||||
by dy bliuwe oant de dokter komt? Hokker dokter haste?’ ‘Weet ik nyt, Almans is met fekaansy, der komt 'en fe'fanger. Blyf mar, ik hew wel 'en bitsje steun noadich. De dokters hewwe altyd al seid dat Sjakky nyt oud wudde sal, mar nòu al, God geef dat 'et nyt waar is.’ Se kaam mei in hoart oerein en rûn hastich nei boppen. Hy gyng har efternei en seach it bern lizzen, swittend en hymjend en mei wylde koartseagen. (s. 135-136). Ek dan bliuwt it tsjinstridige: ûnbeskamsum gebrûk meitsjen fan de foaral finansjele mooglikheden dy't de ferhâlding mei de buorman biedt en de emoasjenele relaasje mei it bern en dyselde buorman. De emoasjenele relaasje mei it bern is sûnder mear dúdlik. Dy mei de buorman wurdt sichtber as dy fan har ôf wol: ‘En lit dit dan it lêste jild wêze dat ik yn dit frommes stek. It falt dochs yn in fet sûnder boaiem. En dy twa kear gratis-foar-niks sjogge wy dan wol. Of leaver: sjogge wy net’ (s. 142-143). En as se ‘har lekker lichem nochris tsjin him oanparste’, him op 'e mûle tutet en seit: ‘Jou benne 'en skat’, dan makket hy him los út har omearming. It is dus net ‘wederzijds’. Wat der mei Ria oan 'e hân is, blykt út 'e siden dy dan folgje en dat is mear as jildfertsjinjen. Bert Bennekamp sil Ria nei it sikehûs bringe. ‘Aletta fynt dat ik dy wol even bringe kin. Buorreplicht, seit se. Bisto klear?’ Alette is de frou fan Bennekamp dy't benammen yn de twadde laach fan de roman beskreaun is, de tekst oer Bennekamps jonge jierren yn 'e oarloch. Ria fynt it ‘lyf fan Aletta’ en sil har ferklaaie. ‘Kom su lang even binnen’. It wurdt in lange, yntinse tút ear't se nei boppen gyng om har toilet yn oarder te meitsjen. As se lang om let fan boppen komt, is se sterk opmakke, wynreade lippen, swarte wynbrauwen, eachblau, in healreade blûse, in wide blauwe rok en op hege hakken. Se freget: ‘Hoe lykt 'et, kan ik er mee deur?’ Hy fynt it fantastysk en seit dat se sa nei in feest kin. Yn 'e auto skeukt se fuortdaliks tsjin him oan. ‘Fijne fent benne jou, dat je sumar 'en frije sundach foar my opoffere’, seit se en ferfettet: ‘Et lykt wel 'en plezierritsje, so tegare derop út. Alleen jammer dat 'et foar dy arme kleine Sjakky is. Ik ging oek liver me je na’ 'en feesje. Lekker daanse en sjampanje drinke. Doeëne we dat noch ‘es? Saampys na’ ‘en feest?’ Hy sjucht fansiden nei har. Se wie ûnwjersteanber en tagelyk ûnútsteanber. ‘Hoe reitsje ik hjir ôf’, freget er himsels. Op it parkearterrein seit se: ‘Jou gane toch even met na' kleine Sjakky?’ Hy wol him der foar wei wine mar sy seit: ‘Ik hew jou su noadich, wete je. Stel 'es dat 'et niet goeëd is mit Sjakky, wat moet ik dan sonder jou? Dan hew ik steun ha'd noadich.’ Se krijt him by de earm en troait him nei de yngong en dan nei de berneôfdieling. Dêr neamt se B. ‘Myn frynd’ foardat er sels sizze kin wa't hy is. Nei de besite wol se mei him in bakje kofje drinke. ‘Diskear net’, seit er, ‘ik kofjedrink thús.’ ‘Mit je eigen Aletta,’ seit se dan smeulsk. B. freget him ôf: ‘Har naïvens moat wol tige grut wêze. Of it is in foarm fan raffinemint dêr't in bedoeling efter sit. Wat wol se einliks? Sweeslaan mei in hear op jierren, dy't har heit wêze kind hie, in machthawwer ek noch? Siket se in beskermskyld tsjin it fierder libjen mei Sjak? Of is it allinnich mar om him finansjeel út | |||||||
[pagina 224]
| |||||||
te klaaien?’ Wat B. him net ôffreget is oft se gewoan fereale op him is. En ferealens past net yn 'e kream fan Bert Bennekamp. ‘Moatst ris even goed harkje,’ seit er dan tsjin Ria, ‘ik fyn dy in fijn mins en ik haw plezierich mei dy nei it strân en op bêd west. Mar no moat it ophâlde.’ ‘Je wille fan mi af,’ sei sy dan, ‘ik bin menhear te min.’ Hy wol dat se him in skoftke mei rêst lit. ‘En tydsje’, seit se smeulsk, ‘tot 'et menhear wear 's past, as-i wear 's neuke wil.’ Se kin it net krêftiger sizze: hy wol neuke, sy wol... ‘Nou lache jou en Aletta om my,’ seit Ria op it ein fan 7.1.4. De lêste alinea lit de tragyk kleardernôch útkomme: ‘Hy loek foar har lâns it rjochterportier iepen, en rekke dêrby efkes har boarsten yn it tinne blûske. Se sloech de earms om him hinne en tute him op 'e mûle. Hy liet har efkes gewurde en makke him doe los. Hast hied er har in triuwke meijûn. Se waard wei yn har hûs, nei't se de foardoar mei in wylde klap efter har tichtslein hie’.
Se wit it dus. En stadich slút de wrâld om har hinne. Sjakky stjert en se ‘klamme har mei fûl gripende fingers oan him (dat is B.) fêst’ (s. 164). Sjak, de man fan Ria, komt út it tichthûs wei. Foar har hoegde hy net werom te kommen: ‘Ik hew jou toch, as hulp en steun in 'e noad,’ seit se tsjin Bennekamp (s. 185). Se besiket it noch, de ‘okse’ lit him wer ferliede en kriget de rekken fan de begraffenis fan lytse Sjakky der op ta en ‘de ûnfrede yn syn siel’ (s. 203) en de sjantaasje fan grutte Sjak dêr nochris oerhinne, it grutte gelyk fan Spreuken: ‘Har hûs betsjut it paad nei it deaderyk, dy't delrint nei de keamer fan de dea’ (7, 27). Lykwols, de ‘dea’ fan wa? As Bennekamp nei de begraffenis fan it Honky-ponky wer by de buorfrou lâns komt, leit der in wale fan trystens oer de dingen, seit de tekst (s. 199). Dagen letter treft er har oan ‘yn in steat fan folsleine ferwyldering’ (s. 239). Yn it foarkeammerke stiet in flesse jonge jenever op 'e tafel en in heal leech gleske. De flesse is al lang net fol mear. ‘Sûpe en hasj, foarsafier't se dat te pakken krije kin’ (s. 254). Hy wol har fan 'e drank ôfhelpe troch in pear dagen fakânsje op in eilân. As er yn de roman fan Malamud lêst, freget se him: ‘Wat leze jou dar allemaal?’ Hy lit it boek sjen en as se yn 'e gaten hat dat it Ingelsk is, seit se: ‘Spitich, ik had graach leze willen wat jou leze. Dan snappe je mear fan mekaar’. As hy opmerkt dat it boek nochal pittich is, gearstalde relaasjes en sa en dat soks ek it gefal is yn it ferhaal dat er sels skriuwt oer syn jonge jierren, freget se foar wa't soks dan feitliks skreaun wurdt, ‘at it su ingewikkeld is’. As er dan seit dat er foar himsels skriuwt, dat er witte wol wa't er is, sjucht se him stomferbaasd oan en seit: ‘Wete je dat dan noch nyt? Idereen weet toch widi is? Jou benne Bert Bennekamp, troud, dry kyndes, man fan aansyn en fan 'en ha'taanfal. Man mit serten en 'en goeie baan. 'En soon di homo is, mar fedder 'en heel aa'dige jonge. De twee anderen ken ik nyt, mar dat sal oek wel snor sitte. Moete jou nou noch wete wi je binne? Nou, wat moet ik dan, met myn púnhoop om mi hene en 'en doad kyn.’ Se slacht de spiker op syn kop en wit wat der komt, ek al seit se noch: ‘Mar ik hew dan toch | |||||||
[pagina 225]
| |||||||
maar 'en fijne fent troffen di mi der deurhene slepe kan.’ Dat kin er net en dat wit se. Se seagen dy jûne, sittend op in dúnkop, nei it swierwaar dat út it donkere suden opsetten komd wie. Net folle tonger noch, mar ynoarme, fassinearjende ljochtflitsen oer de hiele himel en it hiele dúnlânskip, oant oer de see yn 'e einleaze fierte. En se frijden dy nacht sûnder echt klear te kommen. Se hie sein: ‘Ik wil gewoan lekker naken naast je lêge, ik hoef niks. Ik bin helemaal tefreden en lekker in myn body. Stom hè, fan dy pil. Mar 't is gjin ramp.’ Foar't se har nei sliepen joegen frege se mei lyts stimke: ‘Houwe je fan Aletta?’ ‘Ik hâld fan har libben’, sei er. ‘En houwe je fan my?’ Hy sei dat er dat die. ‘Dat is dan één tefeul’, sei se. ‘Mar ik snap 'et wel. Je houwe nyt fan myn leven. 't Is oek nyt feul soeps.’ (276). It is har deafonnis. De fakânsjedagen mislearje troch Ada, de dochter fan B., har tadwaan (20.1.3). Ria wurdt glêshurd weromstjoerd. Yn it rammeljende en stjonkende buske rieden se nei de haven. Ria seach noartsk en misledige foar har út en sei gjin stomwurd. - Hy wachte op 'e pier oant de boat fan wâl stekke soe, ek doe't se al lang tusken de minsken op it boppedek ferdwûn wie. Noch ien kear ûntdiek er har, wer mei dy fint mei de wite pet yn petear. De capitano, tocht er wrang. Doe't de fluit foar de lêste kear gie en de boat him stampend en hoartend fan 'e wâl losmakke, wie se nearne mear oan board te sjen. Even letter wurdt se opnommen yn in alkoholklinyk en it hûs wurdt leechhelle fanwege de skulden. Bennekamp sels stjert as er de rou-adfertinsje lêst fan syn dochter, dy't er wûn hie yn in fier ferline by in Hindrikje, mar dy frou/dat fanke der mei sitte liet. It ein is tryst en tragysk. Mar de echte ferliezer is it fromminske mei dat riedseleftige oer har wêzen en dat tsjinstridige om har hinne. Brutaal en weak, slûchslim en nayf, langjend nei in oar bestean dat se by de buorman siket, bûn oan har debile soantsje. En se ferliest alles. De omkearing fan wat Spreuken nei foaren brocht. Ria hat alles dien wat Spreuken fan ‘de frjemde frou’ beskriuwt. Mar net de ‘okse’ strûpt der ûnder mar sij, in soarte fan natoerminske (s. 287) dy't troch de sosjale natoer ferinnewearre wurdt, it avontoerke fan in buorman dy't wol wat jild misse kin en it ien en oar ‘út buorreplicht’ dwaan wol, dy't eroatyk en seks siket, wat ferdivedaasje by revalidaasje krijt mar perfoarst net mear wol (net mear kin?).
Ik wit net of Bert Bennekamp in okse is. Ik haw myn twifels. Ik wit wol, dat dejinge dy't nei de slachtbank giet, it slachtoffer wurdt, net Bert Bennekamp is mar dizze frou. Bennekamp is miskien in fariaasje op De reedridder, mar hy komt wol aardich telâne, ek nei it aventoer mei Ria. Foar him wie dat in aventoer; hy komt dêrnei kreas werom by Aletta: alles is ferjûn en hy kin wer gewoan trochgean. No ja, hy krijt in hertoanfal en dat is syn ein. Mar ‘de frou fan 'en ander’ is nimmens frou wurden en komt yn de tsjusternis fan de psychiatry telâne. As in skriuwer dat oproppe kin - en dêr wie it my yn dit relaas om te dwaan - dan hat er in knappe roman skreaun, op syn minst yn dat part dat ik hjir in wat mear as gewoane oandacht jûn haw. Spitich dat it syn lêste wie. | |||||||
[pagina 226]
| |||||||
Ta beslútIk kom werom op it ‘teologyske’ begjin fan dit ferhaal. It is net sa swier en wiis it religieuze elemint oan yn dit sekulêre boek fan Wadman. Dat is dizze frou dy't realistysk beskreaun wurdt mei in realisme dat kritysk is. Yn in religieuze kontekst kin men dat it profetysk-krityske religytype neamme. Ut de beskriuwing fan dizze frou komt in oardiel foar it ljocht. Hast denigrearjend en ôfwizend fine we dat werom yn it sizzen fan Bennekamp dat se de semi-lúkse fan in konsumpsje-maatskippij siket. De wurden binne stik foar stik kritysk en slane werom op wat as lúkse yn in maatskippij presentearre wurdt en der't dizze frou it slachtoffer fan is. Mar der is mear dat oer de lúkse hinne giet of troch de lúkse hinne, hoe sil men it sizze. Se wit dat se dy lúkse wol. Wit se wat se winliken wol? Dat falt hast gear mei in hoopjen. Mar wêr't se yn feite op hope, dat wurdt har út hannen slein. ‘Do hâldst net fan myn libben, it is ek net folle soeps.’ Dat is net itselde as moraal. It lit wat sjen, it ljochtet, it docht sear. En it daget út, de essinsje fan it religieus-profetyske. Dan kin der in foarm fan solidariteit ûntstean, in bepaalde identifikaasje. |
|