Trotwaer. Jaargang 29
(1997)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 213]
| |
Moaije blommen fen ús Frysce letterkroane (4)
| |
[pagina 214]
| |
makke hawwe, beliwen net; mar ik tink er mines oer.” (..) En yn it lêste haedstik fine wy Tsjipke en Gatske wer, stil libjend yn 'e Lemmer, dêr't de hiele stoarje, yn in fan skuld en sûnde laden atmosfear, syn ôfrouning kriget troch in petear tusken Gatske en de geheimsinnige wiersizster.’
Wadman syn oardiel oer De Kaartlizzer is - om earlik te wêzen - net maklik nei te kommen. It boek is wier net it juwiel dat hy der fan makke. Wis, it boek hat kwaliteiten, mar it is ek tsjuster en ûnbegryplik, Van der Veen makket him der bytiden wol hiel maklik fan ôf mei syn opsommingen. Hy giet lestige situaasjes - sa liket it wol - leaver út 'e wei as der oer te skriuwen. De lêzer wurdt út en troch wrantelich fan dit fersideboartsjen fan de skriuwer. Van der Veen kin moaie, krêftige begjinrigels skriuwe lykas: ‘Nearne mear nijs as yn 'e iensumste kriten,’ mar oare parten fan it boek binne minder bysûnder. De typearring fan Gatske is treflik: ‘Oan har hiele skouwing en hâlding kin men wol sjen, dat se troud is of troud west hat, mar hja draait as in luftige fotse op 'e hakken om foar in jongkeardel, net folle âlder as hja, en dy sa just it kampke foar-hûs-lân opkomd is, út 'e jister wei, dêr syn folk de bisten ynjage, om molken te wurden.’ De oare persoanen bliuwe lykwols ûndúdlik en dêrom is de ‘seldsum knappe karakterteikening’ yn it boek - sa't Wadman ha wol - mear as in bytsje oerdreaun.
Wêrom sette Wadman dit boek sa heech? Doe 't er syn dissertaasje skreau, wie Wadman al jierren ûntefreden oer it nivo fan de Fryske literatuer. Soks docht foaral bliken út syn besprekken. Syn ideaal wie in hegere, mear serieuze literatuer as syn kollega's yn Fryslân op dat momint leveren. Sûnder mis hat er syn eigen idealen werom fûn yn it wurk fan H.G. van der Veen. Dat wurk rûn der út fergelike mei dat fan Waling Dykstra en de Halbertsma's. Wadman woe eksperimentearje mei literatuer, krekt as bygelyks de lju fan de nouveau roman yn Frankryk. Wadman soe in avant-garde yn Fryslân ha wolle, dy't de literatuer drastysk feroare. Dat moat er projektearre ha op De Kaartlizzer. H.G. van der Veen hie neitocht oer de foarm dy't syn ferhaal krije moast. Dat dy foarm foar de lêzer net sa maklik wie, fûn Van der Veen gjin biswier: ‘In romansje moat oan 'e ein ta tsjuster bliuwe, as men daliks fiele kin wêr't it hinne giet, dan is der in bytsje oan.’ Konsesjes dwaan oan de lêzer wie fansels wol it lêste dêr't in skiuwer oan tinke moast. Van der Veen hie yn syn tiid gjin sukses - nei alle gedachten is syn boek mar in bytsje lêzen, mar dêr giet it in avant-garde skriuwer fansels ek net om. Yn Wadman eagen bruts dit ferhaal mei de folskskriuwerij en dêryn moat Wadman noch in parallel mei syn eigen stribjen sjoen ha. As ferklearring foar it bytsje sukses dat H.G. van der Veen mei syn boek hie, komt Wadman mei de konstatearring dat ‘Fryslân anno 1856 noch net oan de roman en de psychology ta [wie].’ Dat sil hy oer syn eigen tiid ek faak tocht ha. Wadman hat syn eigen ambysjes werom fûn yn | |
[pagina 215]
| |
De Kaartlizzer. Dêrom koe hy der ek safolle yn weromfine, dat Van der Veen syn earste èn lettere lêzers der net yn fûnen. De Kaartlizzer is net in klassiker lykas de Rimen & Teltsjes, De sulveren rinkelbel of De Frysce Thyl Ulespegel. Dat binne boeken foar lêzers. De Kaartlizzer sil wol altyd in boek bliuwe foar skriuwers. |
|