Trotwaer. Jaargang 29
(1997)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 206]
| |
[pagina 207]
| |
I SpoarImmen sil it fine op in winterdei. Al
twa kear in slach it hûs om. It giet hast
as altiten. Oantsto de seestreken sjochst.
Op en del beweging tusken himel en see. Giest
der mei dyn fingers by lâns, mar it slûpt en
it ûntglûpt. Bist der stil fan, skylst gewoan
mar dyn appel oan tafel. Fernuverst dy noch
om 'e nerven yn it hout. Skrikst. Wist dat immen
dy oait sa fine sil op in winterdei. Rôlest dy
yn inoar foar de kachel. Om it net te steuren.
Om te witten wêr't it begjint.
| |
[pagina 208]
| |
II LûdImmen sil it lûd heine wolle. Silst de stoel
ûnder de tafel skowe, silst om dyn reinjas
sykje en nei it strân tôgje. De dunen rinne
fol fan dyn fuotstappen. Hiest tocht datst
allinne foar it fjoer leist. Dat gjinien weet
fan dy hie. Mar der is lûd fan folle fierder
fuort. It lûkt dy nei it fiere noarden ta
wylsto yn 'e slinken mei it ljocht fjochtest,
in stik hout fynst om op te sitten. It hat dy
by de strôt. Gjin trui beskermet tsjin sokke
winterdagen. Bist hjir om te heinen en dan
der master oer te wurden. Immen sil dy sa
miskien sjen en it dy fertelle. Mar no net.
| |
[pagina 209]
| |
III TekenImmen sil it tekenje. Omdatst it lûd net
heine kinst. Dyn fingers glydzje oer sân
hinne. Atsto mei spoaren yn it strân mei
tekenest, binne dêr yn ien kear sinjalen
fan wetter. Soest se staverje kinne, soest
se in sin jaan kinne, mar wat hat dat
foar nut. Knopest de sjaal noch wat
steviger om 'e nekke, bûchst dy noch in kear
oer it sân. En dan stiet it der. Hiest it
hast net werkend. Samar, sûnder der oer nei
te tinken. Hoe stil stiesto dan te sjen.
Immen sil it foar dy tekenje, sil sinjalen
nei dy útstjoere op in oare winterdei.
| |
[pagina 210]
| |
IV SwannefearImmen sil gryp krije op de wrâld. Mar do
sitst noch altiten yn 'e skulp te harkjen,
yn 'e grûn om te wrotten. Oantsto de fear
fynst. Fan in swan. Doopst him yn 'e tarre
om ta it teken te kommen. Raast der hast oer
at it ferskynt. Hast it net yn 'e rekken dat
dyn fuotten wiet binne, dat it hier dy beferzen
op 'e harsens stiet. Silst gryp krije op
wetter om dy hinne. De fear skrast oer it sân,
skrast oer it wetter, skrast oer de wrâld.
Dan sitst op 'e knibbels te sjen. Wist dat
immen dy oait sa moetsje sil, nei dy glimket.
| |
[pagina 211]
| |
V SkriftImmen sil om dy gûle op krekt sa'n winterdei.
Moai beweechst op 'e wyn mei, it hier alle
kanten op. Fynst it plak fan de fearskrassen.
Rigel nei rigel ferspringsto at de weagen der
oer hinnestreame en it wer mei har meinimme.
Tinkst dat it noait weromkomme sil, mar
hoechst mar te sjen nei de trek fan swannen.
Under dyn fuotten ferskynt op 'e nij it skrift
fan 'e see. Immen sil it fine op in winterdei.
| |
[pagina 212]
| |
NeiseeskriftSitst yn dyn stoel foar de kachel, snijst
in stik bôle. Immen sil dy dêr oait fine
op krekt sa'n winterdei. Hy sil dy ûntfange,
witte hoe't in trien weiwurdt yn it papier.
Hy sil glimkje atsto him rekkest. Do
fernuverst dy om de plakken op it behang.
In swan set op en de nacht komt wer oan.
|
|