sierd mei de namme fan de dichter. Oan dy namme wie De Haan fansels wol ferplichte en ûndernim wat yn it hûndertste bertejier fan de dichter. Dat De Haan en in ploechje dosinten rekken oan it brainstoarmjen. Dat hat úteinlik lieden ta de oprjochting fan de Stichting Herdenking J.J. Slauerhoff en it is dy stichting dy't de Slauerhoff-priis ynsteld hat. Yn de ‘wurkgroep’ dy't har dwaande holden hat / dwaande hâldt mei de organisaasje fan de Slauerhoff-priis en it opsetten fan it ‘poëzijprojekt’ komt men û.o. de nammen tsjin fan Lambert Fortuin (Keunstwurk), Teake Oppewal (Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum) en Wieke Roorda (Stichting Literaire Activiteiten Leeuwarden).
It idee is net hielendal nij. Der hat, sa jouwe de inisiatyfnimmers ta, al ris earder sokssawat yn Fryslân west. Dichter bij dichter hjitte dat doe, mar dat waard net in trochslaand súkses.
It idee is yndie net nij. Al yn de foarige ieu liet meester Pennewip, dy ûnferjitlike kreaasje fan Multatuli, de bern út syn klasse gedichten skriuwe. Dat levere û.o. dizze prachtige dichterlike frijheid op fan Jannetje Rast:
Op een windwijzer
Hij staat op een schoorsteen van binnen vol roet,
En wijst aan den wind hoe hij waaien moet.
It idee dat dichtsjen eat is dat je leare kinne, waard oan 'e ein fan 'e midsieuwen al propagearre troch de rederikers. Wat dat opsmiten hat oan poëzij, dêr binne wy it no wol oer iens. In skriuwer út dy tiid, de auteur fan it ‘mirakelspel’ Mariken van Nieumeghen, fersuchte doe al: ‘Doer donconstighe gaet die conste verloren.’
It is oars al de bedoeling fan it projekt om de ‘onconstighe’ ta it meitsjen fan ‘conste’ oan te poenen. Soks waard ús, dosinten út it fuortset ûnderwiis, dy't 17 septimber nei it Fryslânhûs tein wiene om dêr de kat ris út de beam te sjen, útdruklik meidield troch Lambert Fortuin, de skriuwer fan de lesbrieven. Krekt de learlingen dy't fan en by poëzij net folle idee ha, sille mei dizze kursus de eagen iepen gean. Want gedichten skriuwe, dat kin elkenien, is de grutte gedachte achter it projekt.
It is yndie it gedachteguod fan de âlde rederikers. Nil Volentibus Arduum. Neat is te dreech foar harren dy't wolle. Waar een wil is, is een weg. Dy wei wurdt ús wiisd troch Lambert Fortuin, neffens in trochtocht stappeplan. As alle stappen en stapkes dien binne, dan rôlet der by einbeslút sokssawat as in gedicht út.
De poëzijles dy't Lambert Fortuin yn gedachten hat, begjint mei ‘de plek’:
Vertel de leerlingen wat jouw favoriete plek is om te fantaseren, te dagdromen, te mijmeren of om mooie gedachten te krijgen. (...) Vertel heel gedetailleerd hoe het er op jouw plek uit ziet en ook hoe je daar bent, je houding.
Wa't de Fryske ferzje neist de Nederlânske leit, sjocht in pear opfallende ferskillen. Wêr't de bolbjirken Hollanner in ‘plek’ opeasket, dêr jout de skrutele Fries him del op in ‘plakje’. Samar ‘mooie gedachten krijgen’ is foar in Fries ek net weilein, dy hat te krijen mei ‘tinzen’ en dêr moat je dus even echt foar sitten gean, dy moat je yn