De auteurs
Sjoerd Bottema is learaar Nederlânsk en Frysk yn Ljouwert en redakteur fan Trotwaer. Yn 1994 debutearre er mei de ferhalebondel It fertriet fan dokter Kildare. Dêrfoar en dêrnei publisearre er ferhalen yn ferskillende sammelbondels.
Flippus Breuker (1939) is heechlearaar, resp. bysûnder heechlearaar Fryske taal- en letterkunde oan de Universiteit fan Amsterdam en de Ryksuniversiteit te Leiden, en wittenskiplik meiwurker foar letterkunde oan de Fryske akademy. Hy is op 't stuit foaral dwaande mei Obe Postma, Eeltsje Halbertsma en de edysje fan Elbrich fan Ype Poortinga yn de rige Fryske Klassiken, en hat krekt mei dr. Antheun Janse (RUG) de redaksje fan in bondel stúdzjes oer de relaasje Fryslân-Hollân troch de ieuwen hinne ôfsletten.
Jan Pieter Janzen (1945) is leraar skiednis yn Ljouwert en redakteur fan Trotwaer. Earder siet er yn 'e redaksje fan it moanneblêd De Strikel. Hy skriuwt oer (kultuer-)histoaryske en kultuerpolitike ûnderwerpen. Hy makke tegearre mei Freark Dam Boekje iepen. It Fryske Boek 1943-1984. Wurket mei oan it takom' jier te ferskinen hânboek foar de skiednis fan Fryslân.
Eelco Salverda (1968) wurket as publisiteitsmeiwurker by Stichting Keunstwurk en docht freelance p.r. wurk. Hy publisearre fersen yn Trotwaer en yn Hjir ferskynden fan syn hân koarte ferhalen. Yn 1994 wûn er de AFUK-jongereinpriis en yn 1996 in Rely Jorritmsa-priis, beide kearen mei in ferhaal.
Doeke Sijens (1955) is redakteur fan Trotwaer. Hy skreau mei Henk van der Veer In útjouwerij fan QuizeQuânzje, it tinkboek by it 25-jierrich bestean fan 'e Koperative Utjowerij. Hy skriuwt fierder koarte ferhalen.
Albertina Soepboer (1969) is redakteur fan Trotwaer en wurket as skriuwster en publisiste. Hja publisearre yn it Frysk de bondel Gearslach en yn it Nederlânsk De hengstenvrouw. Dit foarjier ferskynt har twadde Fryske bondel De twirre yn 'e tiid.
Jurjen van der Weg (1966) skriuwt ferhalen en hat inkelde oersettingen fan net-literêr wurk op syn namme stean. It measte skriuwwurk docht er lykwols op syn wurk, as beliedsmeiwurker Wolwêzen, en foar syn frijwilligersbanen. Hy sit sûnt 1994 yn 'e redaksje fan Trotwaer en is sûnt 1996 redaksjeskriuwer.
Henk van der Veer (1954) is resinsint foar it Sneeker Nieuwsblad en besprekt jeugdliteratuer foar Byntwurk. Hy skreau de dichtbondels Skrousk, Je mutte hore wie ut seit, Dàt ok noch, Melkboerehonnehaar en deagewoandea. Proaza fan syn hân: Willem Santema, in fersetsman en tegearre mei Doeke Sijens In útjouwerij fan QuizeQuânsje. Hy publisearret fierder yn Hjir en yn iP2r90. Hy jout oan dat er yn syn frije tiid ûnderwizer is.
Harmen Wind (1945) is as direksjelid ferbûn oan in learare-oplieding yn Doetinchem. Hy skriuw Frysk- en Hollânsktalige fersen. Syn lêste bondel yn it Frysk is Plak, yn it Hollânsk wie dat Plaatselijke tijd. Yn 1987 wûn er de Fedde Schurerpriis.