Ynstjoerd
Min, geef, gever frysk
Sytske de Jong
Reaksje op Doeke Sijens syn Dwersreed yn Trotwaer nûmer 1.
Sijens pleitet yn syn Dwersreed foar it akseptearjen fan in libben Frysk taalgebrûk as it literatuer oanbelanget. De Bewegers krije de triennen yn 'e eagen as se in moderne roman of ferhalebunnel ûnder eagen krije. De oandacht foar it gebrûk fan de Fryske taal docht my tinken oan in eardere striid. Noch mar in pear desennia lyn seagen se yn dat it gjin sukses mear hie om te striden tsjin in ûnfryske, ûnkristlike en ûnfatsoenlike literatuer en akseptearren se mei muoite de moderne Fryske roman.
De striid sette útein yn 1915 en waard nei de Twadde Wrâldoarloch fuortset troch Schurer. Hy skreau yn 1946 yn it earste nûmer fan De Tsjerne dat de relaasje tusken literatuer en Beweging net mear needsaaklik wie. Syn proklamaasje stiet bekind as ‘De Bining Forbrutsen’.
De emansipaasje en frijwurding fan 'e Fryske literatuer kaam mei in protte tsjinsin ta stân. Yn 1954 skreau Poortinga dat er ‘gjin beswier hie tsjin it beskriuwen fan 'e réaliteit fan 'e siele, mar dat er bang wie dat de Fryske literatuer troch it brekken mei it Fryske boerehiem syn lêzers en syn eksportmooglikheden forlieze soe’. Prikke skreau yn datselde jier oer in bundel fan Sikkema: ‘Der komme gjin blommen yn de forhalen foar en der is gjin sjongen, der binne gjin laitsjende bern en naeijende fammen.’ De bundel foel de measte lju kâld op 'e mage. En yn 1960 skreau it Friesch Dagblad dat se ‘hwat striid dy't de leauwige hat om nei it libben yn Jezus Kristus to gripen’, tige misten.
De striid om in ‘kreas’, kristlik en fatsoenlik Fryslân by de skriuwers ôf te twingen is eartiids ferlern. Sa sil it ek gean mei de geve Fryske taal. Deselde Schurer skreau oer in roman fan Wadman: ‘It liket wol Nederlânsk.’ No fine de Bewegers Wadman syn taalgebrûk geef Frysk. Literatuer is, as it goed is, in ôfspegeling fan it libben en dat feroaret, sa ek de taal. Dat is spitich mar net tsjin te hâlden.
As takomstige skriuwers fertrouwe op 'e taaladviseurs fan 'e útjouwerijen en einlins de ferhalen en romans oer de tsjustere kanten fan 'e minske skriuwe dy't se allang yn 'e holle hawwe, sil it gebrûk fan in libben Frysk taalgebrûk akseptearre wurde en sille wy stadichoan fan dat geëamel oer min, geef, gever, geefst Frysk ôfreitsje.
Literatuer is der ommers net yn earsten om de minsken better Frysk te learen mar û.o. om de minsken te konfrontearjen mei in oare wrâld.