Trotwaer. Jaargang 29(1997)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 181] [p. 181] Harmen Wind Betide learling Oer myn eachlidden struts de dei, âldroze, stienread; in sêftgleone stream, ûnderbrutsen troch koarte, raffelige nachten. Ik learde it foarbygean op de fearren fan in bernewein; ûnder it piipjen fan strjitten, it kroanjen fan paden. It wie it ljocht. Timpere troch in tinne hûd, mar net te kearen; net te kearen. [pagina 182] [p. 182] Perspektyf Dat se it sa net ha wold hie, sei se. Dat ik foar har de ienige bleau. Op dat stuit bile in hûn, skreau in houtekster. In dwêstende simmerjûn yn septimber. Hie ik har oanrekke, myn streakjen soe nei hâldfêst socht ha, hie ik it wurd naam, it soe oandwaanlik myn ûntrou ferklearre ha. Mar ik swijde ûnferweechlik. As wetter op it fjoer, sa raasde de tún om ús hinne. De damp sloech út 'e strûken. It plak dêr't wy sieten ornearre wat ús te barren stie: lingte fan dagen, kânsen op lok. [pagina 183] [p. 183] Werom Loftich op 'en paad tegearre, slakken, stikeltûkelteammen, learden wy wer wa't wy wiene, op it hôf fan apelbeammen. Mûnling de hiemhûn ûntkomme, laitsjend yn 'e jarrelucht, hagelwite wûnen bite yn in donkerreade frucht. Wat salang ferstomme bleaun wie yn 'e stilte fan de nacht, rissele yn leaf en twigen, rissele út alle macht. [pagina 184] [p. 184] Spegel Yn it ljocht fan dizze stilte is de fiver suverder as de loft. len sigentsje is genôch: sadree't syn kearsen dôvje yn huver, draacht de kastanje se wer sniewyt op oan 'e jûnhimel. Vorige Volgende