it. ‘... nei Andalusien, it moaiste plak, daer jou azem noch oer gien is. Nei it heerlyk Andalusien, siz ik, daer natuwr al de moayens, dy se troch Italien, Switserloan in Frankryk spraette, yn ien koärt bestek by eltsjoar garre het. Daer rint de riwier de Guadalquivir troch, in it mat dit wetter waeze, dat jou je oafdrjouwe lieten as je de sinnen forsette woene. Ho moai matte oan beide woalen dy gesichten waeze, Eölus! in daer glieden je den mids troch hinne. Hjir troppen fen swiere bjemmen mei heach scaed fen geile in brede bledden, waer Spansce sciep tsjin it prykjen fen de sinne onder lizze to scuwljen. Daer loftige hichten in klingen, bewoechsen mei blommen, kruwden in druwebjemmen, dy hjar grien frjeunlik troch eltsoar frizzelje, in nou in den ien bescuwle huws smoek efter wei kipet. Jinder ien Moarsk kastiel op it tipke fen ien hingjende rotsklibbe uwtbouwd, in noch fjirder himelheage bergen, dy hjar besnyde koppen yn it heldere azuur opstekke. Onderwilens boärtten jou berntjes om jou hinne, in saeiden jolich oer de riwier fen de iene ich nei de oare. Daer wier íén, dy nochte hie om ien moaye fuwgel, dy op ien tuwke stie to tjotterjen, hinne in wer to touterjen; ien bytje fjirder spartelle íén onder ien tropke roazen om, dy fen 't gedjoei ruwsden in de holtjes schodden.’
Wat my trof yn dizze ferbyldingen, is it ûnfryske, dat is te sizzen: it dekor is gjin Fryslân, en yn it lêste gefal ek net iens in lânskip dat de skriuwer út eigen oanskouwing koe. En dêrby ek it feit fan de oanspraak ta de stoarm op himsels: hoe komt in Frysk skriuwer derby om yn it Frysk oer in stoarm te skriuwen? Hjir moat wol de bedoeling efter sitte om krekt yn it Frysk wat gruts en machtichs út te byldzjen, sa tocht ik, doe't ik lies hoe't datselde jiers 1836 ien skreaun hie dat de Friezen gjin poëtyske ferbyldingskrêft hienen - en ek net hawwe koenen. Har lân soe dêrfoar te sljocht wêze. Soe Halbertsma miskyn sjen litten hawwe wolle dat de Friezen wol deeglik ferbyldingskrêft hienen?
It boek dêr't ik op doel, is Nederlandsche volksoverleveringen en Godenleer fan L.Ph.C. van den Bergh. De skriuwer besiket om út de skriftlike oerlevering te distillearjen wat echt oarspronklik is, en gjin lettere gelearde tafoeging. Hy mient dat Fryslân allinnich oarspronklik bleaun is, en brûkt dat as ferklearring foar it grutte plak dat binnen Nederlân krekt de Fryske oerlevering oan oarspronkliks bewarre hat.
Yn ferliking mei it bûtenlân is dy Fryske oerlevering frijwat nofteren. Sage kin men har net neame, want dy is poëtysk, en dat is se net. ‘Kan de mensch uit het Noorden eveneens gevoelen, denken, zich ontwikkelen en uitdrukken als in het Zuiden?’ freget er retoarysk, en dan folget it antwurd.
‘Maar zijn nu deze sagen poëtisch? Men zie of volk en land poëtisch zijn. Er zijn in Friesland geene rotsen, geene holen, geene heilzame bronnen, berg- of woudstroomen, echoos, geene grootsche natuurtooneelen. Het land was wel met digte en donkere wouden overdekt, maar dezen stonden in moerassen. De landzaat moest zich eerst zijn land vormen, eer hij het bewonen mogt. Hij roeide de bosschen uit en had nu eene eindelooze vlakte, vaak door de zee overspoeld en waarop