har oan te sjen as wie se it spoek fan de opera. De kleuren gongen har op en del. Se hie it gefoel as wie se earne op betrape.
Hy besocht de seage op 'e nij te starten, mar it meunster pruttele en pufte allinne mar even. Hieltyd wreder skuorde er oan it startkoard.
Op itselde stuit dat de motorseage jankend oansloech, seach se him yninoar sakjen.
Hy hat mei de hân yn 'e seage sitten, tocht se. Hy mist in finger. Of miskien wol de hiele hân. Hy hat himsels yn it bil fike. Hy hat syn ding der ôfseage.
In oerhaal, wist se ynienen.
Dit wie dus wêr't se him altyd foar warskôge hiene. In stolseltsje. Streekrjocht nei syn harsens. In bloedpropke. In prop. En net sa'n lytsenien.
Se gong op 'e knibbels by him sitten en rôle him op 'e rêch. Unferweechlik bleau er lizzen, de eagen ticht, as lei er fredich te sliepen. Wie er dea? Se seach nei syn mûle, oft er miskien ek bloed opjoech. Bloed út 'e mûle, dan wie it net bêst, dan wiisde it mâl. As it bloed harren ta de mûle útrûn, dan wie it mei de measten gebeurd.
Mar der wie gjin bloed. Libbe er dan noch? Se naam syn hannen yn harres en wreau se waarm. Se tikke him mei beide hannen op 'e wangen. Se naam syn holle en skodde dy hinne en wer. Se skuorde him oan it hier. Se stampte mei de foet op syn boarst. Se skopte him yn 'e side. Mei in grimmitigens dy't har folslein frjemd wie mar dy't se net keare koe. Se skopte him links en se skopte him rjochts. En ûnderwilens waard se almar razender. Se rekke him oeral dêr't se him mar reitsje koe.
Doe sloech er dochs noch de eagen op. Sleau gappe er har oan, as wie se net deunby him, mar earne fier fuort. It pikefel skeat har oer de earmen.
Net dwaan, tocht se noch. Mar se koe it net keare.
Stiif klemde se de hân om de greep fan 'e seage. De holle waard har dwyl, reade flekken draaiden har foar de eagen. Mei geweld besocht se de seage los te litten mar har hannen woene net, it wie as sochten dy wanhoopjend in hâldfêst no't se sels alle hâld en stjoer ferlern hie en foaroersloech wylst de seage op folle toeren draaide. It gong sa fluch allegear dat se net iens de tiid hie om te roppen of te razen, en wat soe dat ek foar doel hân ha, want wat dêr ynienen foar har eigen eagen barde, dat wie mei roppen en razen dochs net te kearen en boppedat, net ien soe har heard ha, dy ferrekte moterseage jankte boppe alles út. Se wit net iens oft it no by ûngelok wie of mei opsetsin. Sa fluch gong it. Boppedat koe se it net goed sjen, want se hie ynienen in flek foar it each. Foar beide eagen. Dat hat se wol faker. It lêste dat se hearde wie in sûgjend slobberjend lûd.
Hoe't ik it oerlibbe ha, Jitske, ik wit it net. Mar dochs is it sa.
Hoe lang hat se dêr noch stien? Fiif minuten? In kertier? In healoere? In oere? Se wit it net. Wêr't se de krêft weihelle om har los te skuorren en te dwaan wat har te dwaan stie, se wit it net, mar dochs is it sa.