Hiel bysûnder is it Aksjeboek foar bern dat ferline jier útkaam. De reizen fan Tsjam is in oarspronklik Frysk stripboek mei tekst fan Willem Tjerkstra en (strip-)tekeningen fan Luuk Klazenga.
En dan is der dit jier It swurd fan Lytse Pier fan it auteurs-twatal Van der Veer & Wytsma, mei yllustraasjes fan Karin Poiesz. De namme fan de yllustratrise is net nij yn Frysk boekelân. Sa makke se koartlyn noch de tekeningen foar Yn piama de dyk oer fan Auck Peanstra en earder yllustrearre Poiesz foar it boek Tsien fersnellingen fan Hanneke de Jong.
De fyftsjin tekeningen en it omslach fan It swurd fan Lytse Pier binne ienfâldich mar oh sa dúdlik. It wurk slút goed oan by it ferhaal en de tekeningen steane hieltyd by de oanbelangjende stikken ôfprinte. Opfallend is it rjochtopsteande túfke hier fan Lytse Pier. Allinne as er slim fertriet hat, hinget it nei ûnderen. (s. 47)
Lykas de foargeande berneboekewikegeskinken ‘moat’(?) ek dizze útjefte oanslute by it tema fan de lanlike Berneboekewike. Yn dy wike fan tsien dagen giet it dit jier om de histoarje. En sa't soks faker yn berneliteratuer bart wurdt de tiid fan doe en no ferbûn troch in tiidmasine, it motto foar de Berneboekewike. Jacobus Q. Smink makke dan ek in passend fers oer de tiidmasine, wylst Karin Poiesz in moaie kleurige poster ûntwurp.
Wat Smink en Poiesz wol slagget, dúdlik oanslute by it motto fan de Berneboekewike, dêryn slagget it duo Van der Veer & Wytsma mar foar in part. Akkoart, de Frysk histoarise figuer Grutte Pier fan Kimswert, krijt in plak yn it boek, de story wurdt sels op in boartlike wize ferteld. En yn de figuer fan Indië-feteraan Sikke wurdt der sels praten oer in stik koloniale skiednis dat men no net bepaald yn in lichtfuottich berneboekewikegeskink ferwachtet: ‘Sikke is in ienling, hy slút him op. En dat komt allegear om't er Indiëfeteraan is. Hy hat as soldaat yn 'e tropen west en dêr hat er in bêste reis fan krigen. “Hat er yn 'e tropen west?” “Ja, hy hat yn Indië fochten, by de mariniersbrigade. Foar't Indië Yndonesië hiet en in ûnôfhinklike republyk waard.” “Mar dat is dochs al skoften lyn?” “Flak nei de oarloch, fan '47 oant '49. De Polisjonele Aksjes. Der binne doe fansels ferskriklike dingen bard.” (s. 10) Logys dat Pier gjin grevel fan sok praat begrypt en hy komt ek gjin stap fierder mei it antwurd fan syn mem dy't seit “Dat lis ik dy letter wolris út”. En dat antwurd slacht dan ek noch op de fraach hoe't it kin dat Sikke minskeskou wurden is. As dizze histoarise tematyk Pier (11) al boppe syn moaie túfke út giet, hoe moat it dan mei it lêzerspublyk fan '10 jier en âlder’?
It grutste part fan it ferhaal giet oer it feit dat Pier pesten wurdt. Syn skelnamme ‘Lytse Pier’ hat er krige neidat master, in earsteklas kloat dy't blykber neat sjocht en heart, oer Pier Gerlofs fan Kimswert ferteld hat. De tematyk fan it pesten wurdt folle better útwurke as de histoarise aspekten. It pestgedrach fan Pier syn klasgenoaten komt tige autentyk oer. As de bern, nei in besite oan it Frysk Museum dêr't se it swurd fan Grutte Pier besjoen hawwe, yn 'e bus sitte raze se yn sprekkoar: ‘Bûter, brea en skytpapier. Broekje-