Trotwaer. Jaargang 29
(1997)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 166]
| |
De dichter, de muze en de kidelstien
| |
[pagina 167]
| |
in frou meikrigen ha, siket de dichter nei in ienwurding mei de frou. Hy wol de wurdleaze taal fine dy't tusken in man en in frou ûntstean kin yn ‘de lytse dea’. Frije wurdt in metafoar foar it proses fan it skriuwen en de frou wurdt de boarne fan syn ynspiraasje en foaral fan syn frustraasje. It paad en it idee dat Josse de Haan folget is net nij en is pakkend omskreaun troch Germaine Greer yn har boek Slip-Shod Sibyls. Recognition, rejection and the woman poet. The female represents the knowledge of the libido, which the male cannot penetrate by means of his conscious or his ego or still less his superego. The female evades his systems of classification and mocks him with the partiality of his understanding, fascinating him while she appals.Ga naar eind1 Foar de dichter wurdt de frou de muze dy't him ynspirearret ta poëzij. Mar de relaasje tusken de dichter en syn muze is in relaasje dy't him úteinlik ôfgryslik frustrearret. Hy is him der bewust fan dat in wier en fruchtber kontakt tusken him en de muze mar inkeld bart. Hy is net by machte om syn fersen wêze te litten wat Greer as folget omskriuwt: ‘the consequence of spiritual intercourse between the poet and his muse.’Ga naar eind2
Dat de dichter mar inkeld ‘de lytse dea’ berikt sjogge wy hast yn alle fersen fan de bondel. Yn de earste fersen fan de bondel komt de dan noch nije, liiflike taal tusken de ‘ik’ en de frou oan bar. ‘Gloednije wurden dreaunen om ús hinne. Wy makken in eigen wurdboek.’ (s. 13) Mar dy taal hâldt it net lang fol, want ‘de groeden ferskynden op 'e radio as âlde wyskes spile waarden.’ (s. 11) En al yn it sânde fers fan de bondel wurdt beskreaun wat der no krekt oan 'e hân is: Wiest der net. Meastens. Dyn liif op reis, dyn geast by my, in stim. Ik herhelle de wurden, kear op kear en mear... (s. 15) It is net mear te kearen: it kontakt tusken de dichter en syn muze is fuort. It fers dat neist it sitearre fers stiet, is dúdlik oer de taal dy't syn muze him oanbiedt: Skema's, net te min, leidest my foar, keunstmjittige konstruksjes, neaken mar sûnder libben. Ik sette it mes der yn, (s. 14) Yn in taal dy't hast oerstreamt fan bylden en symboalen ferfolget de dichter syn paad. Syn taal hat sa no en dan te grutte wurden yn rigels as: ‘Goddelik, bûtenierdsk. Mar, dy heechmoed rasjoneel, en / dat geswets sa hol en leech’ (s. 19). It binne saken dy't in dichter suggerearje moat wol er sokssawat sizze. Op in soad oare mominten slagget it him wol en lit de taal my reitsje as lêzer. Hy brûkt ûnferwachte bylden en wit sa in sterk dizige, broeierige en frjemde sfear te skeppen. Yn rigels as ‘It nôt is ryp, mar de skuorren binne noch net leech. Ald weet spilet / op, skoarstiennen rikje fan it wilich strie, mûzen sette ôf’ (s. 22) komt it byld fuortendaliks skerp en helder op my ôf. It is de kombinaasje fan wurden as ‘opspyljend weet’ en ‘wilich strie’ dy't my rekket en dy't my tinken docht oan wat Lucebert sa moai yn it motto om- | |
[pagina 168]
| |
skriuwt as ‘picturale partituren’: bylden en lûden dy't my meifiere nei in oare wurklikheid ta. Miskien is it wol de seizoensalgemy fan Lucebert dêr't er nei ferwiist at er opskriuwt: ‘Mar dan spatte it ferrie / wer by de beammen op, snijde de tûken keal. Simmer waard yn ien jûn / hjerst, de tiid sloech op 'e rin.’ (s. 20) It byld bringt yn elts gefal de wanhoop oer fan in ‘ik’ dy't himsels weromfynt yn 'e hjerst wylst er tocht dat it simmer wie.
Lykas ik al earder sein ha, draait it yn De Lytse Dea soms om de frou dy't troch de dichter as muze brûkt wurdt. Dochs is de muze yn syn poëzij gjin positive krêft. It is gjin frou dêr't er bygelyks de skientme fan besjongt. Nee, it liket wol krekt oarsom te wêzen. Rigels as ‘Strutst oer it al te sloppe liif, gliedest by de wetterige boarsten lâns’ (s. 55) komme hiel faak foar. It is likemin de leafde dy't de dichter foar in frou besjongt. Eltse kear wer ferdwynt dy leafde rillegau en dat wit er mar al te goed. Ek de lytse dea, it grutte, orgastyske momint, beskriuwt er net allinne posityf at it om de frou giet. Foar it orgasme fan in frou brûkt er in pear kear it byld fan in ekster: ‘Skatterjend kraaidest, in ekster’ (s. 37). Wat der yn dizze poëzij bart mei de frou is dat se beskreaun wurdt troch it each fan de dichter, wat yn sa'n soad poëzij fan manlju oer froulju bart. Nijsgjirrich genôch is de dichter him wol bewust fan wat er docht: ‘Kollaazje fan in frou / in djippe winsk, in wurdewrâld’ (s. 35). De frou yn syn poëzij is in kollaazje fan wurden dêr't ik as lêzer úteinlik allinne mar de bûtenkant fan sjoch. Hoe presiis en krekt de froulju ek beskreaun wurde yn de fersen, ik sjoch har net, mar de dichter. Sa no en dan brûkt er de âlde klisjeewurden at it om froulju giet lykas ‘de keninginne fan de nacht’ en ‘sfinks’. Hy lit de frou ek oer harsels sizze dat se ‘in heks is mei in eigen biezem’ (s. 41). Hy jout hiel dúdlik har wanhoop stal dy't se hat oer harsels. Mar úteinlik is it dochs de dichter dy't hjir oer har oan it wurd is en dy't har net berikke kin. Syn muze is ivich de oare en dat giet hast de hiele bondel sa troch. Foaral it earste en it langste part fan de bondel hie wol wat koarter kinnen. De wanhoop is wol dúdlik en om dêr hyltiten op troch te gean, makket de poëzij net sterker. De ein fan de bondel fyn ik it sterkste. Hjir krije wy de ferskillende kanten fan it ferhaal te sjen en hy makket in soart fan balâns mei himsels op. Foar himsels is it net allegear wanhoop oan 'e ein. Yn ien fan de lêste fersen is er wer op it strân yn Gaasterlân dêr't er earder yn 'e bondel al faker west hat: Wurden stoaren ôf. Mar dyn wiet gers bleau op myn tonge waaksen. Swit ûnder kaugom op 'e nâle. Sa rûn ik wer yn Gaasterlân. De rûnte fan de stientsjes wie ferbrutsen, geil gers groeide... (s. 58) Yn it alderlêste fers komt de konfrontaasje mei de frou en de muze. Hy is oan 'e ein fan syn reis troch it ferline. En hy skriuwt: | |
[pagina 169]
| |
... Do bist no in byldsje
wurden. Maria yn it lyts. Mei in kealskeard
liif en sûnder
neils. En al dat hier sit as in roazekrânse om
dyn holle teard,
frissele. Hast glêzen eagen, fertikaal en
meastens ticht. (s. 60)
De frou en de muze dy't er sa djipgeand beskreaun hat, is no in Maria wurden dy't neat frouliks, sels neat minskliks mear hat. Hy kin har net mear oanreitsje. It spul tusken de dichter en de muze en ek tusken de man en de frou is foarby. Yn de lêste rigel komt er oansetten mei in byld dat er yn de hiele bondel al brûkt hat en dat is de kidelstien. Twa kidelstiennen dy't kontakt meitsje, dy meitsje fjoer en dat is krekt dêr't er al dy tiid nei socht hat. ‘it reint alle dagen kidelstiennen, mar kidelje fûnst lytsbernich’ is de lêste rigel. It liket derop oft de muze de skuld krijt fan it ûntbrekken fan it fjoer tusken de dichter en syn wurden. Sy hat it spul net oandoard en it iennichste wat him oerbleau is it skriuwen fan in bondel mei fersen oer syn ûnmacht. De muze dy't er yn it lêste fers beskriuwt is gjin frou mear. De frou hat er troch it skriuwen fan de bondel kealskeard en de neils ôfknipt en dat wit er sels mar al te goed. Dochs is it byld fan in deade Maria net de dea fan syn poëzij, al liket dat wol sa te wêzen oan 'e ein. It is it opdrachtsfers rjochte oan in frou oan it begjin fan de bondel dat it lêste fers yn in oar ljocht set en in nij begjin foar de dichter en syn taal oanjout: As by ljochtmoanne de hûnen bylje
moatte wy ús hier bypuntsje
de neils knippe
de lea waskje
en stappe wy troch it fjoer
fan de baarnende beammen
op de heechflakten fan
de talen dy't wy sprekke. (s. 6)
It hier wurdt no bypunte en de neils wurde knipt. De man en de frou dogge dat tegearre om dêrnei mei de kidelstiennen fjoer te meitsjen. Opmerklik is dat de dichter it net mear hat oer dy iene liiflike taal dêr't er de hiele tiid om socht hat, mar oer ferskillende talen dy't in man en in frou prate kinne.
De Lytse Dea soms is in yntrigearjende bondel. De dichter behannelet in soad tema's op in hiel eigen manier. Sa't er sels ek al yn syn mottofersen oanjout, giet it foaral om it kontakt meitsjen. It sykjen nei in nije taal yn in muze en foaral de frustraasje dy't dat opsmyt, binne op in oertsjûgjende manier stal jûn. Sa no en dan is syn taal te bombastysk en dat hellet de subtilens dy't in soad oare bylden wol ha, út de fersen wei. It yn de hân hâlden fan it lykwicht yn in tematyske bondel is him net hielendal slagge: yn in tal fersen docht de dichter net folle oars as himsels herhelje. Mar úteinlik fyn ik it wol in fassinearjende bondel. It proses fan sykjen nei in nije taal troch al de klisjees hinne dy't oer froulju skreaun binne en dêr't de dichter sels faak ek net oan ûntkomt, is ynteressant om te lêzen. It meast nijsgjirrich fyn ik de ‘konklúzje’ fan syn bondel: dat | |
[pagina 170]
| |
in man en frou ferskillende talen sprekke. Hy hâldt syn muze úteinlik net finzen yn syn eigen taal. It sil my dan ek benije oft sy yn in nije bondel ek wer opdûkt en hokker taal sy dan sprekt... |