wytging dy't troch in boaze muoike oer it jonge prinske útsprutsen is en krijt muoike har sin: de man trakteart de prins op in pantsje hite bliksem en dêrmei feroaret de jongkeardel yn in krússpin. Eigentiidsk is ek de femi-glâns dêr't dit kremearke mei skitteret, want it froutsje rêdt it mantsje ynstee fan oarsom: de betsjoening wurdt ferbrutsen troch it tûke yngripen fan in frijfochten jongfaam. Ek fan dy sosjale anagronismen binne de kremearkes fan Bylsma ferjûn: rasisme, diskriminaasje, de prestaasjemaatskippij, dûmnyslân (de striid tusken de frij- en de rjochtsinnigen), pedagogyske straffen, miljeufersmoarging. En fuotbal: yn Skoppe (HB) lit in kening dy't gek is fan fuotbal, foar him en syn soan in trimsintrum bouwe:
En sa krige de kening syn sin. Yn 'e kelder liet er in trimsintrum bouwe en dêr dienen hy en syn soan, yn it ramt fan 'e legalisearring, har dingen (.....). En folslein ôftrimd sieten se letter ‘life’ by de wedstriid Stikelstampers - Fligeswammen.
Boppesteand sitaat bringt noch in tredde anagronisme oan it ljocht: it taalgebrûk. Trimsintrum, legalisearring, ôftrimd, life: de kremearkes fan Bylsma steane stiif fan datsoarte eigentiidske termen dy't dissonearje mei de sfear fan it tradysjonele mearke:
‘Wie 'k mar wer brêgewipper,’ tocht er, ‘dat is nochris wat oars as piloat. Sa'n brêgewipper sit op in krúspunt fan belangrike wegen. Yn syn senuwsintrum midden op 'e brêge is hy de baas. Hy is de machtige regelaar. Stressbestindich regelet er dêr mei omheech en omleech de grutte ferkearsstreamen fan De lene Kant nei De Oare Kant.’
De piloat dêr 't it hjir oer giet, wie earst kapitein en dêrfoar brêgewipper. Sa keart it ferhaal, De brêgewipper (HB), oan 'e ein dus werom ta it útgongspunt, neffens it patroan fan De Japanse steenhouwer. Multatuli makke de sirkel yn seis stappen rûn, Bylsma hat der mar trije nedich. Dochs is it kremearke fan Bylsma gâns wiidweidiger as de strakke fertelling fan Multatuli, dêr't alle ‘rûs’ útfiltere is. Multatuli is earnstich, beheint him ta de saak en hantearret in âlderwetske, bibelske styl. Bylsma gekjaget mar wat en kletst noflikwei yn 'e breedte, yn moderne turbotermen mei moai wat ‘rûs’. Dêrby har er in sa't it liket suver net te bedimjen nocht oan it boartsjen mei taal. Dûbelsinnichheden en paradoksen, it iene wurdboarterijke folget it oare. Lykas oan 'e ein fan De brêgewipper, dêr't it toverpopke dat de metamorfoazes fan de haadfiguer mooglik makke, in plakje op 'e skoarstienmantel krijt:
...en it wie der tsjûge fan dat de brêgewipper en syn wiif noch lang en lokkich (wipten soenen wy hast sizze, mar dat dogge wy net) libben, want sa wie it.
It liket derop dat Bylsma faker syn ynspiraasje fûn hat by bekende foarbylden. Sa hat De hoanne dy't net kraaie koe (HP) wol wat wei fan ‘Het lelijke eendje’ en liket Fan in gewoane kikkert (HP) yn 'e fierte op ‘Assepoester’ (mei femi-glâns: de Assepoester-rol wurdt spile troch in mantsje dêr 't in prinsesse har hert oan ferliest). Striegieltsje (HP) begjint as in parody op ‘Sneeuwwitje’ en Hite bliksem docht hjir en dêr tinken oan ‘Doorn-