Trotwaer. Jaargang 29
(1997)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 160]
| |||||
Moaije blommen fen ús Frysce letterkroane (3)
|
- | der binne goede minsken dy't goed dogge en ferkearde minsken dy't ferkeard dogge; dêrneist binne der ek noch goeden dy't tydlik dwale. De goeden wurde beleanne en de kweaden wurde straft. In dwalende goeden bekeart him en wurdt yn genede oannommen; in kweadenien bekeart him net of allinnich op syn stjerbêd. |
- | de yntrige ontstiet út in fersteuring fan 'e harmony troch de aksje fan in ferkeard of dwalend minske. By einsluten oerwinne de goede krêften de kweade, de dwalende minske bekeart him en de kweade komt ta fal. Dêrmei is dan de frede hersteld.Ga naar eind2 |
As de ferhalen sa stereotyp binne: wêrom soe men Van der Steegh syn ferhalen dan lêze?
De reden is dat er - by alle klisjees - dochs libbene minsken beskriuwt, dy't ‘logysk’ binne foar salang't it ferhaal duorret. Boppedat is er in kundich ferteller.
De measte ferhalen fan In oantinken hawwe in fergelykber útgongspunt. Twa broers, of twa freondinnen, sette gelyk út ein, mar meitsje in oare kar: de iene is ferstannich, de oare net. Van der Steegh is wol sa realistysk, dat it net altyd de minsken har eigen skuld is as se min terjochte komme. Soms komt it troch ferkearde foarbylden of troch guon dy't har oars foardogge as dat se werklik binne. It moaiste foarbyld dêrfan is Twa utersten oer twa broers dy't beide yn 'e hannel geane: de iene treft in earlike keapman dy't him de regels bybringt, de oare in ûnsuvere hanneler. De earste fertsjinnet yn 't earstoan net folle jild, mar de oare slacht úteinlik fallyt. De iene helpt dan de oare wer. De grutte ynfloed fan in opfieding komt ek oan 'e oarder yn Twa spylfammen boaske. Sjurt har âlden wienen sunige, ynklauwerige minsken. De dochter bedjert har houlik troch dit ferkearde foarbyld. Earst rekket se har bern kwyt: ‘Den krigen dy stakkerts altyd
gjin friske en suvere spillen, waerden nea ris goed waerme en opkoekere, mar tjirmen út en stoaren oan 't sûr en bloedearmoed. Den stelde hja hjar al wakker oan, mar yn pleats fen út sokke ûngelokken goede libbensleskes to heljen, dy't er oars sa fen sels yn lizze, bleau hja like stiif en stom en socht de wille by har sparpotsjes, dy't hja der in stikmannich op nei hâlde (..).’ Dan stjert ek har man Japik: ‘Do't hja dokter by him hellen, loek dy de skouders op, en sei: ‘Wy scille ús bêst dwaen, mar it sinuwstel is sa oerspand en oerstjûr, det it scil wol spanne om dat wer goed op 'e steek to krijen.’ Troch it foarbyld fan har freondinne Pjirk komt hja dochs ta ynkear en trout letter noch in kear.
De beide grutte ferhalen Keapman Wessel en Simens Auk litte sjen dat Van der Steegh in aardige yntrige opsette koe. De keapman út it earste ferhaal wol neat witte fan emoasjes, foaral net fan de macht fan de leafde. ‘Ljeafde, nou ja, dêr rôpen in hele bulte lju lûd oer, dêr hie Wessel, do't er yet gjin tweintich jier âld wier, wol ris fen lêzen yn boeken, yn romans, en den foun hy it ek wol moai; mar nou hy âlder wirden wier en syn forstân ryp hjitte, nou moast er sizze, dat al dy moaije praetsjes neat oars wienen as leugens, hwent yn de wrâld seach min der gjin byt fen, of it moast by jonge hjithollen wêze, dy't rounom sûnder omtinken op ynfleane, mar den wier it ek mâlle gau ôfkoelle en den koe it faek op deilisskip útrinne.’ It is Van der Steegh syn bedoeling fansels om dizze keapman Wessel syn ûngelyk sjen te litten. De keapman hat in dochter, Gelske. It famke rekket fereale op in timmermanssoan, mar dy is har heit te min. Hy siket in man foar har, ien mei jild, teminsten dat mient er. De lêzer wit al rillegau dat dizze jonge net doocht, foar keapman Wessel duorret dat noch sa'n tachtich siden. It houlik mislearret, de jonge fersûpt alles, en dan kin de dochter trouwe mei har earste leafde. It ferhaal bliuwt spannend om't Van der Steegh boartet mei de ferwachtingen fan de lêzer: alle kearen wer bart der wat oars en jout de keapman noch net ta, dat er ûngelyk hân hat.
Simens Auk hat fan alle ferhalen de meast literêre bou: it ferhaal fan it earste houlik fan Auk wurdt yn flashbacks ferteld. Ek dat giet Van der Steegh handich ôf. It ferhaal wurdt ferteld as twa turfskippers in pear dagen net farre kinne. By it kuierjen, it kofjedrinken en in slokje wurdt de widner Wigle ryp makke foar de widdo Auk troch de oare skipper. ‘Ja wis,’ sei Geale, ‘en ik wit in goeden ien for jo; mar dit siz ik er fuort mar by: it is ien sûnder jild. As jy dêrop sjogge, den past hja net for jo. Mar oars: in bêsten, in boppest bêsten, der stean ik for yn.’
Van der Steegh is op syn bêst as er oer swakke, minne figueren skriwt, foaral oer de lju dy't ûndergean oan 'e drank. Wat karaktertekening oanbelanget bliuwe dy manlju en froulju frij ûndúdlik, mar har drankferslaving tekenet er masterlik en yn skrille kleuren. Wa't lêst oer harren útein nimt net gau wer in slokje. Oer de man fan Geeske yn Keapman Wessel: ‘(..) mar hy wier to Amsterdam oanlânne. Dêr hied er salang in beesthaftich libben lein, ta't it jild wer op wier; do hied er yette al in pear brânbrieven skreaun,
mar Harke [syn heit] hie him dôf hâlden oan dat ear, en do wier er by de spoarweinen ûnder in heap loije skoaijers forsyld rekke, om oan de frjemden yn Amsterdam it paed to wizen of om pakjes of sa to dragen. Syn maten neamden him altyd de fryske boerebaron fen Pûrim, om't er sa'n soarte fen greatskens oer him hâlde. As er in dûbeltsje fortsjinne, hied er for twa toarst. Hy hie gjin thús of fêst hinnekommen, mar sliepte folle ûnder in brêge of yn 't iene of 't oare forskûle hoekje, en waerd op 't lêst sa mitich en skurf, dat de flarden en bellen hongen him by it liif del.’
De man fan Auk is de meast tragyske figuur fan allegear. Syn mem sûpt, mar hy lit it spul stean. Hy fertsjinnet goed en trout mei Auk, in moaie, ferstannige frou. Dochs rekket er oan 'e drank om't er in pear saaklike tsjinslaggen krijt, dy't er net ferneare kin. Syn útein is ferskriklik: ‘Mar nou, nijjiersdei, den is it jongfolk fen 't kjetting; moarns wakker sjitte en joukebier ophelje en tsjin de joun mâlfarje en jeneverdrinke. Dêr het Simen him midden yn jown en do dy ynnimme woe, hawwe hja him sêd foere. “In gek dy't it nimt,” siz ik, “mar yette greater gek, dy't it jout.” Simen hat safolle ynnomd, dat dêr is er yn smoard, tominsten op healwei de bûrren en de arke hawwe se him de oare moarns yn syn eigen ûngemak dea foun.’
- eind1
- In oantinken. De neilitten skriften (forhalen, sketsen, ensft.) fen J.S. van der Steegh, by enoar sammele en fen in foarwird foarsjoen troch O. Stellingwerf. Snits, R. Feenstra Johz., 1884.
- eind2
- Yn: S.K. Feitsma, Ut 'e ûnderste lagen (oarspronkelike realistise forhalen). Mei in ynlieding fan Tr. Riemersma. Boalsert, Koperative Utjowerij, 1991, s. 14.