| |
| |
| |
Foarmjouwer Gertjan Slagter:
Ik fyn it moai om wat te prikkeljen
Jan Pieter Janzen
Syn wurkkeamer oan de Friesestraatweg yn Grins stiet fol mei de meast moderne apparatuer, mar in ‘kompjûterûntwerper’ mei men Gertjan Slagter net neame: ‘Kompjûters, dêr ha 'k niks mei. As byldzjend keunstner ha 'k heel lang trijediminsjonaal wurke. No fyn ik just it platte flak fan it boek, it grafise en it kantige heel moai. In kompjûter is in prachtich medium mar gjin doel op himsels. De 3D-suggestjes dêr't kompjûterûntwerpers sa graach mei wurkje, fyn ik helendal neat oan. Tensij fansels ast in boek oer kompjûters meitsje soest.’
Gertjan Slagter (1961) hat earder namme makke as sanger fan de Koffieband en foaral as ien fan De Vier Evangelisten, de Ljouwerter keunstnersgroep dy't yn de jierren tachtich oant yn it bûtenlân ta fan him sprekken die. No is er in foaroansteand foarmjouwer fan moaie en aparte útjeften. Mei in hege produksje en in grut ferskaat: fan mânske katalogy en jubileumboeken oant affysjes, tydskriften, dichtbondels, programmaboekjes, cd-hoeskes, logo's en hússtilen. Op 't stuit is er û.o. dwaande mei it ûntwerpen fan it omslach en it binnenwurk foar de twadde rige Fryske Klassiken, dy't takom jier begjint te ferskinen. ‘Dat is fansels ien fan de moaiste opdrachten dy'st krije kinst op Frysk literêr gebiet.’
Oanlieding genôch dus foar in petear.
| |
Alles metmake, jonge!
Oant myn achttjinde ha 'k op 'e Jouwer wenne yn in nochal beskerme wereld. Ik ha in prachtige jeugd hân en sjoch net yn wrok om, mar doe't ik sechstjin santjin wie woe 'k wat fan 'e wereld sjen. Kultuer wie bij ús thús abslút net in prioriteit en dan druk ik my noch foarsichtich út. Ik siet altiten te tekenjen mar krige gjin inkelde oantrún om dêr fierder yn te gean, ek fan skoalle net. It Nassaucollege op It Fean wie folslein kultuerleas en ochsa konservatyf. Dêr waarden yn 'e jierren santich famkes mei in spikerbroek noch nei hûs ta stjoerd om in rokje oan te dwaan.
Nei de havo wie de keunstakademy in stapke te fier, foar myn âlden seker. De learare-oplieding tekenjen yn Ljouwert wie in moai gemiddelde. Oan 'e iene kant in feilich idee, ek foar mysels, want ik wie natuerlik net in mantsje dat samar even mei in mapke mei eigen wurk nei de Rietveldakademie stapte. Oan 'e oare kant wie Ubbo Emmius yn dy jierren in folstrekt goddeleaze binde. It wie noch eksperiminteel. Wij koenen ús
| |
| |
gong mar gean; kennisoerdracht wie net nûmer ien. Fideokamera's, film- en fototastellen en ek drukpersen, alles wie foar hannen.
Ik kaam dêr yn 1979 yn in oaze. Myn earste leske keunstskiednis gong oer kontemporêne keunst. It earste wat ik foar my krige wie in dia fan Jackson Pollock. Ik wie totaal fan slach. Binnen trije wike gyngen wy op ekskurzje nei it Stedelijk yn Amsterdam, dêr seachst dy dingen yn it echt. Geweldich! ‘Thúskommen’ is in grut wurd, mar ik hie wol it gefoel fan: dit is myn wereld, hjir wol ik mear fan witte. Foar de minsken dy't wat inisjatyf hienen wie it in hele leuke tiid. Je sieten samar yn in bandsje; ik wie û.o. sanger yn de Koffieband.
It hie wat lost generation-achtichs. Myn generaasje - ik bin no 35 - wie te jong foar de hippies, opgroeid yn de jierren santich, de grote matheid en de ultieme lelijkheid. Een wereld op drift, sis mar, de punk moast noch komme. Dy hat foar mij in eye-opener west. Alles bruts iepen. Wij setten ús mei leafde ôf tsjin al dy âlde hippies. It rücksichtslose fan de punk: alles ôfwize, dy anargy, dat ha 'k altyd fantastys fûn. Ek de new wave-tiid dy't der achteroan kaam yn 'e muzyk en de moade - swarte koltruien, swart hier en Camus ûnder de earm, nei Amsterdam ta, Paradiso en de kroaning fan Beatrix, en nei Parys -, geweldich! Wij ha noch nei Berlyn west en dêr op 'e Muorre kalke: Jonge Friezen breken door. En al wie it in sombere tiid, mei in soad Weltschmerz, mei swiere diskusjes oer it libben, wy ha in soad wille hân en woenen oeral bij wêze, of sa't de Ljouwerters seinen: Alles metmake, jonge!.
Ik haw it echt opswolge, dei en nacht yn 'e wear. Dat hat my wol foarme. Oanpakke, wij geane los, ek al is der noch niks, net wachtsje oant it tij geunstich is. Yn it begjin ha wy yn alderhande kraakpanden eksposearre, yn Amsterdam en Eindhoven. Doe sieten wy noch gewoan op skoalle. Alles tagelyk. In enoarme enerzjy, net te benaud wêze.
Ik ha in soad leard fan de jonges út de muzyk. It leuke fan dy muzyk wie, it wie funky, it wie dûnsmuzyk, yn dy sin dus popmuzyk, mar de saksen dy soargen ek foar jazzynfloeden: wat grilliger, wat langere nûmers ek en wikseling yn tempo. Dat makke it foar popmuzyk einlik wer te dreech. It wie nederlânstalich, it waard wat meilutsen yn de hausse fan Doe Maar. Henny Vrienten hat noch in plaat fan ús produsearre en wy ha yn har foarprogramma spile, mar ek op it Northsea Jazzfestival en yn it BIMhús yn Amsterdam en yn elk jeugdhonk yn Nederlân en België. De muzykwereld wie heel oars as dy fan de keunstners. Dy minsken ha ek wol in bepaald soart blues oer har mar ek in protte wille. Mei syn allen op 'en paad, ûnderweis klaverjasse, bij in benzinestasjon in waarme woarst keapje en in blikje bier en dan wer fierder, echt on the road wêze. En dan nachts ergens spylje yn in jeugdhonk. Wy ha ek wolris foar tsien minsken stien, mar op it hichtepunt spilen wy foar hûnderten. En dan wer werom yn 'e bus, mei syn allen sjonge en op 'e Ofslútdyk bij de opkommende sinne yn 'e Iselmar pisje. Unferjitlik.
It wie in mentaliteit fan: dat it net goed komt mei de wereld, dat witte wy no wol, lit ús der
| |
| |
yn elk gefal wat fan meitsje. Dat ha 'k altyd wol fêsthouden, al wie it net sa dat ik yn de muzyk alles kwyt koe. It ha sa'n trije jier duorre.
| |
Mei elkoar in flot bouwe, dat gefoel
Yn dyselde tiid kaam ek it idee foar De Vier Evangelisten op. Gerard Groenewoud en Tilly Buij sieten bij de Koffieband. Mei Rins Boschma en in tal oaren hienen se as ‘Jonge Friezen’ bij Van Hulzen yn Ljouwert eksposearre, in groep dy't dêrnei al gau wer útelkoar spatte. Wij binne yn 1983 mei syn fjouweren begongen.
It idee wie om fjouwer kear in útstalling te meitsjen op fjouwer ferskillende plakken yn Nederlân. Fandêr ek de namme: as evangelisten barrevoets de wereld in.... De namme ha wy faak útlizze moatten. Wij binne net religieus, mar hienen wol it idee dat wy mei in boadskip de wereld yn moasten. Wij woenen it evangelie van de schoonheid bringen: útpakke mei moaie dingen, op alderhande manieren, wij woenen universeel wêze, lykas Michelangelo: skriuwer, dichter, byldhouwer en skilder, de uomo universale. Tagelyk siet de humor fan it relativearen der yn. It wie net allinnich it ferhevene, want wy skilderen op lânbouplestik en karton en brûkten rotsoai dy't wy bij de dyk fûnen. De romte sels wie ûnderdiel fan it keunstwurk.
It wie ek in ôfsetten tsjin it klassike idee fan de keunstner, da'st doe nochal op opliedingen hiest: de eenzame schilder in het atelier dy't sit te kankerjen op de wereld dy't him net begrypt en yntusken âld wurdt. Dêr woenen wij neat mei te krijen ha. Wij woenen aksje, net fan dat esotearise gewauwel en ek net fan dy ‘konseptkeunst’: ien stipke op 'e muorre dêr't dan de hele wereld yn siet. Wij fielden ús oansprutsen troch de jonge ‘wylde’ skilders út Italië en Dútslân. De punktiid yn 'e skilderkeunst sis mar. It feest fan it skilderjen en fan it muzyk meitsjen, dat lei ticht bijelkoar.
De Vier Evangelisten bij de iepening fan har tentoanstelling yn De Fabriek, Eindhoven, 1984: flnr Rins Boschma, Gertjan Slagter, Tilly Buij en Gerard Groenewoud. (foto Peter Cox, VN 19-12-'87).
Wij binne út ein set as yndividualisten dy't ien útstalling makken, mar al bij de twadde útstalling,
| |
| |
yn Amsterdam, diene wy mear mei-elkoar. Ut dy tiid is niks bewarre. It wie in tydlik statement, nei ôfrin gong it spul wer nei de kontener. Wij hienen net de ûnsekerheid fan: kin dit de tand des tijds wol trochstean? Letter wurdst dêr wat nuansearder yn, dan wolst wolris wat weromsjen. Stadichoan waard it objekt ek belangriker en die de romte der minder ta. Wij seagen yn dat it earmoedich is at in keunstwurk allinnich mar yn ien bepaalde romte goed is; dan wurdst dekôrskilder fan dyn eigen idee.
Foar it nije sikehûs yn Snits ha wy yn 1994 ús lêste wurk makke; doe wie Rins der al bij wei. Dat hat kwa sfear wol wer mei it earste wurk te krijen: in sokkel mei in hynder en dêr boppe-op in barch, in geit en in kyp; bûten steane de stâlen fan dy bisten. It is fan alle kanten wer oars en soe yn mear romten stean kinne.
Wij ha in soad erfaringen mei elkoar dield en oan de randen van het bestaan operearre, ûnder de meast ekstreme omstannichheden: wij hawwe bij Beatrix yn 'e tún eksposearre en mei har praat oer moderne keunst en oan 'e oare kant ha wy yn de Warmoesstraat sitten tusken de rotsoai en de ratten. Hast meielkoar in heel stik fan it libben ôflein. Dat giet noait stikken, mar de hektyk en it hillige fjoer, dat wie wat fan it begjin.
Op in gegeven momint gyng it sa hurd: wij sieten yn it Stedelijk en tagelyk hjir yn de Oosterpoort, wienen op de Documenta yn Kassel en hienen grutte stikken yn De Volkskrant en Vrij Nederland. Ik hie wol graach fierder wollen yn it bûtenlân, mar wij makken fansels dingen dy't totaal ûnferkeapber wienen. Dêr wie gjin galery yn ynteressearre. Hoe kinst no in romtlike ynstallaasje of in byld fan tsien meter slite? Foar musea wurken wy faak foar ûnkostefergoeding. Wurdst ek allegear wat âlder, wolst ek wol ris wat fertsjinje.
Ik wie yntusken wat mei dy boekjeboel begongen en fûn it heel leuk om mei lytse dingen foar mysels oan 'e gong. It is geweldich om mei syn fjouweren mei grutte balken oan 'e slach, in flot bouwe, dat gefoel, mar op in gegeven momint sieten wy ek yn projekten dy't twa jier duorren. Museaal wie de nijichheid der wat ôf en dan komst yn de opdrachtesfear telâne. Mei grut monumintaal wurk kinst yn Nederlân wol wat fertsjinje, mar dan hast te meitsjen mei keunstkommisjes, dy't sizze: Kin it blau net wat ljochter. Dêr fûn ik net safolle oan, al wie it kommersjeel sjoen net sa handich om der mei op te hâlden, want nei tsien jier kaam it jild einliks.
De keunst lûkt noch wol en ik slút ek net út dat ik oait wer mei gruttere dingen begjin. Myn leafde foar it frije wurk dat ‘kant noch wal raakt’, dat in bepaalde anargy yn him hat, dat ‘verontrust en verleidt’, is der noch altyd, mar dy ‘verleiding en verwarring’ - de kearnwurden fan De Vier Evangelisten - geane ek op foar in grafise opdracht. Dêr ha 'k no mear aardichheid oan. It is leuk da'st oeral foar frege wurdst.
Dat hele uomo universale-idee, da'st alles kinst en alles wolst, hat wol wat as in soarte fan oarsprong, in boarne dy't útbarst, mar op in gegeven momint moatst dochs kieze. Wolst in bepaalde ferdjipping berikke, in bepaalde mate fan konsintraasje, dan moatst der dei en nacht mei
| |
| |
dwaande wêze en kinst der net samar even wat oars bijdwaan. Ja, der binne natuerlik útsûnderingen, in Jan Schoonhoven bijgelyks dy't syn libbenlang postboade west hat en jûns de prachtichste dingen makke.
| |
In âlderwets fak
Wat foarmjouwing oangiet bin ik eins autodidakt, al ha 'k altyd wol mei boeken en blêden oan 'e gong west; it is fan de lêste jierren dat ik dêr sa djip yn sit en der alles oer lêze wol. Huib van Krimpen syn Boek over het maken van boeken bijgelyks, in soart bibel foar boekfersoargers, mar ek alles oer en fan moderne foarmjouwers as David Carson en Neville Brody, in ‘chaoot’ mei inselde grafise kwaliteit as Hendrik Werkman.
Der binne yn Nederlân in heleboel ek ynternasjonaal bekende ûntwerpers en typografen. Dy meitsje prachtich wurk, mar ik hâld ek fan klassike, âlde boeken fan foar it fotosetsel. Ik bin net in ferhearliker fan it lead, mar dêr siet noch in bepaalde kwaliteit yn de opmaak, de lay-out, mei klassike marzjes, harmoanise blêdspegels en typografy, dy't der no net mear is.
Ik bin net in ‘kompjûterûntwerper’. Ik moat it earst echt foar my sjen. It is in wêzentlik ferskil: byldskerm of papier. Dat bliuwt echt it platte flak, dat libbet foar myn gefoel ek. In boek rûkt ek oars as in kompjûter. Ik ha altyd in sketsboekje bij my. At ik ûnderweis bin mei de trein, ha 'k faak in ynfal. Dan kinst op heel lyts formaat even in lay-out sketste en tinke: ja frek, sa moat it.
Ik besykje eins heel âlderwets in fak te beoefenjen, in ambacht. Minsken dy't mei in kompjûter de iene A4 nei de oare útpoepe, mei altiten wer de Times en de Helvetica derop, dat hat helendal niks mei ûntwerpen te krijen. Der binne in heel soad opdrachtjouwers dy't it ferskil net sjogge. Minsken dy't sizze: Dit sjocht der doch ek kreas út, dy hoechst net te oertsjûgjen, dat slagget dochs net at se it ferskil tusken in Times en in Bembo net sjogge. Ik wurkje foar minsken dy't dat ferskil wol sjogge, dy't al in foarleafde foar in bepaald type boek ha.
Ik bin in geweldige letterfetisjist. Alles wat mei lettertypen, ûntwerpen en de histoary fan letters te meitsjen hat ynteresseart my. Sa'n Bembo en in Garamond, klassike letters mei in skreef, dêr't ien soms trije jier of langer oan wurke hat, prachtich! Minsken as Jan van Krimpen en Sjoerd de Roos ha har libben wijd oan mar in pear lettertypen, dat fyn ik fenomenaal. De Gill bijgelyks, in hele heldere moderne letter dy't al desennia lang meigiet en dy't alle stoarmen trochstiet. En dan komt de earste de bêste kompjûteridioat en dy tinkt: Dy kop past net helendal op it omslach, ik meitsje him mar wat smeller. Dat fyn ik gewoan krimineel. Sjoch, at it der net ynpast moatst soargje foar in oare lay-out of in oare letter kieze, mar moatst net in letter ferkrachte. At ik dat soarte wurk sjoch, ek al is it fierder noch sa'n aardich boek, dan tink ik fuortdaliks: dit is rotsoai.
Oer myn eigen dingen bin ik kritys en ûnseker. Nij wurk lit ik in hoartsje op dy kast dêr lizze om it noch faak ris troch te blêderjen: is it no wol goed of net? Ik ûntwerp net op de automatische piloat mar besykje it ûnderste út 'e kanne te heljen. Probearrest dingen út. Dan beweechst dy op
| |
| |
Omslagûntwerpen fan Gertjan Slagter.
(foto Erik Hesmerg)
gefaarlik terrein, op it skerpst fan 'e snede: troch in lyts nuânseferskil kin it helendal mislearje.
Ik hâld it leafst alles yn 'e hân mar bist ek ôfhinklik fan de litograaf, de drukker en de biner. Ik ha dan ek in foarkar foar bedriuwen dêr't de minsken har belutsen fiele bij it produkt. Fan sokken lear ik ek. Foaral fan de begjin dit jier ferstoarne Johan Wielsma, drukker èn leafhawwer fan boeken, ha 'k in soad leard. Oan minsken dy't myn leafde foar bysonder printwurk diele, ha 'k in protte te tankjen. Dy meitsje it wurkjen ek makliker.
Oant no ta ha 'k altyd de mazzel hân dat fan it iene it oare wer kaam. Ik soe net graach de boer op moatte. Ik bin abslút a-kommersjeel en kin my sels helendal net ferkeapje. Ik ha heel fluch in heel soad opdrachten krigen. Kenlik wie der ferlet fan en makke ik dingen dy't minsken oansprutsen. Dat kin ek wer heel fluch gebeurd wêze.
| |
Op 'e achtergrûn
Yn dizze kast ha 'k fan alles wat te stean: Eppie
| |
| |
Dam, Itty Sluis, Jetske Bilker, Harmen Wind, keunstboeken fan Thom Mercuur, It griene jier / het groene jaar fan Douwe Tamminga. Dat is heel leuk gongen. Ik hie him moete doe't ik foar útjouwerij Perio fan Willem Winters de meartalige blomlêzing Gean út 'e wei makke, in boekje dêr't ik ochsa oan hechte bin. Tamminga hat my yntrodusearre bij de Afûk. Dit is myn earste boekje dêr; ek it binnenwurk ha 'k dien. Dat is eins in must: omslach en binnenwurk hearre bijelkoar. It is spitich dat ek de opdrachtjouwers har dat net better realisearje. Soms meitsje ik in omslach foar in boek dat der fan binnen bedroevend útsjocht. It giet net yn it earste plak om 'e kosten: de keuze fan in letter en in blêdspegel is noait kwestje fan jild.
Dit is myn alderearste boekje Herinneringen aan de Arbeitseinsatz fan Willem Winters syn heit, útkommen yn 1990. Fia Anneke van Renssen fan it Ljouwerter Filmhûs, wêr't ik myn plakferfangende tsjinst die, kaam ik mei him yn kontakt. Ik makke doe it materiaal foar it Noordelijk Filmfestival, affysjes en programmaboekjes. Dat doch ik noch.
Fan it Monument van de Maand krige ik yn 1991 myn earste grutte opdracht: in nije opset foar har jierlikse rige boekjes, in grutter formaat, dêr't de foto's better yn ta har rjocht kamen. It boekje hat no trouwens wer in lytser formaat, wer mear in stek-yn-'e-bûse.
Dit ha 'k foar Koopmans Meelfabrieken dien, it jubileumboek. Helendal sels set. Wol in kick, hear, doe't it klear wie. Aparte katernen foar tekst en yllustraasjes, twa soarten papier - dat brekt sokke dikke boeken wat.
Yn dizze laden ha 'k myn affysjes: Filmhûs, Prinsessehof, Museum voor Volkenkunde yn Rotterdam, literêre jûnen. En De Harmonie yn de tiid dat der troch de nijbou gjin Harmonie wie. Helendal swart mei wite letters. Dêr bin ik noch altyd ochsa wiis mei. Sij moasten doe in soad bombary meitsje om de bân mei it publyk net te ferliezen. Bij it heien fan de earste peal ha wy in ‘betonnen boek’ presintearre.
Bij it meitsjen fan boeken stean ik op 'e achtergrûn. Ik bin net ien dy't koste wat it kostet as ûntwerper foar de dei komme wol. De foarm moat de ynhâld ûndersteune en dy sa goed mooglik foar it fuotljocht bringe. Ik lês altiten it manuskript of in part derfan om de sfear te pakken en myn eigen idee fan sa'n boek te krijen. Yn guon gefallen praat ik ek even mei de skriuwer. Sa woe Eppie Dam heel graach belutsen wêze bij it ûntwerp fan Damstikken. Dat fyn ik ek hartstikke leuk, at minsken my mar frij litte. Se moatte net sizze: Ik wol graach in blau omslach mei dy-en-dy letter. Dan sis ik: Doch it dan sels mar. Mar at in skriuwer seit: Ik ha oan dy sfear tocht of ik hâld fan ekstremen of yn myn ferhalen sykje ik it surrealistise, sa'n soarte opmerking, dan gean ik gewoan blanko oan it wurk en besykje in passend omslach te meitsjen. Soms wurde it twa of trije. Dy presintear ik dan, it leafst yn in sa lyts mooglike kommisje, want hoe mear minsken, hoe minder at it wurdt. Dat ha 'k bij myn keunstopdrachten wol murken.
Mei In nacht fan hûs fan Jetske Bilker siet ik wat tusken de skriuwer en de útjouwer yn. Har
| |
| |
ferhalen sit wol wat erotyk yn, mar dat is net it haadtema en Jetske woe abslút net in bleate frou op it omslach ha. Ast dêr wat prikkeljends opsetst dan beljochtest mar ien aspekt út dat boek. Der stiet no in bleate man op, in model tekening dy't stilearre is. Dat binne de ferhalen ek. Yn dy sin fyn ik dat it heel goed past. De typografy is heel klassyk mar dan wol - letterlik - dwers.
Ik wol wol graach dat de skriuwers oprjocht sizze: Ik fyn it moai, it docht rjocht oan myn boek. Ik soe it heel slim fine at in skriuwer sei fan: Gatver, wat ha se der no omhinne setten. In boek is foar in skriuwer in heel belangryk en prekêr gebeuren, dêr't er in hele tiid fan syn libben ynstutsen hat. Dan kinst it net samar even op 'e merk goaie. Ik wit wol, dat is it pikante fan de boeke-yndustry: oan de iene kant is it gewoan hannel, oan 'e oare kant is it ek in keunstwurk. In skriuwer jout him op in bepaalde manier bleat. Ik fyn it heel belangryk dat in omslach dat in bytsje de brêge is tusken de kommersy en de literêre tekst, rjocht docht oan de skriuwer en oan it boek sels. It is goed dat der in trêde partij nei sjocht dy't it boek op in bepaalde manier ynterpreteart mar dy't net oer de holle fan de skriuwer hinne praat.
In opdrachtjouwer kin dy soms net helder jaan wat er no eins wol. Dan meitsje ik wolris twa
Gertjan Slagter yn Emmeloard (± 1994): ‘Je freegje je wolris ôf, wêr ha 'k it oan fertsjinne?’
(foto Rins Boschma)
| |
| |
ekstreme ferskillen dêr't ik sels folslein achterstean, bijgelyks mei in heel moderne en in heel klassike útstrieling. Pas dan krijst it fan de opdrachtjouwer faak helder: Dat is it, dy kant moatte wy út. Dan komme de arguminten boppe wetter dy't se yn it earste gesprek net ynbrocht ha.
Ik fyn it moai om wat de prikkeljen. It omkaft fan de nije edysje fan it Lyts hânboek fan de Fryske literatuer giet frij fier foar myn gefoel. Dat is einlik heel modern, pure keale typografy. De boartlikheid fan de kleuren fan de letters moat it bytsje it skriuwerspalet fan Fryslân oanjaan, mar fierder is it in heel koel ûntwerp. Om't der in stik oan taheakke is oer de jongste skriuwers, fûn ik it moai om it ôf te setten tsjin de foarige edysje. Ik bin heel bliid dat de útjouwer dêr syn fiat oan jûn hat. Ik fûn it heel spannend: it gefoel dat je wer in nije stap sette.
Poëzy is foar de foarmjouwer it summum. Dat is it meast pure. It giet allinnich om de typografy en de lay-out. Bij poëzy moatst as ûntwerper helendal weromhâldend wêze. Poëzy is keal, in leech blêd, moatst de planke net misslaan. In dichtbondel meie se my midden yn 'e nacht wol foar wekker meitsje. Dat der minsken binne dy't dat doare en kinne, dêr ha 'k in hele grutte bewûndering foar en as ûntwerper sil ik der ek alles oan dwaan om dat in útstrieling te jaan dy't rjocht docht oan de poëzy mar dy't de poëzy noait yn 'e wei stiet. Dat is it gefaar dêrst dy as ûntwerper altiten bewust fan wêze moatst. Poëzy moat heel ingetogen, sûnder stoffich te wurden. It moat ek ferliedlik wêze yn syn ienfâld. Dêr leit de grutste útdaging. En dan sjocht it der faak út as is it yn in oerke yninoar set mar hast der soms wiken mei dwaande west. Dan leit it ûntwerp dêr en tinkst: moat de letter noch ien punt grutter, moat dy kleur net krekt wat oars? It moat oer tsien jier ek noch moai wêze, in bepaalde tiidleaze ‘schoonheid’ ha. Wat it simpelst liket, is faak it dreechst.
Resinsjes moatte oer de ynhâld fan it boek gean, mar ik fyn it wol heel leuk at se skriuwe: it sjocht der heel moai út, goed fersoarge útjûn. Ik tink dat dat ek in belangrike stap is yn it wat op in heger plan bringen fan de boeken; it literêre Fryske boek moat der - mei alle respekt - net útsjen as in streekroman. Ik bin net ien dy't resinsjes scant om te sjen at myn namme der wol yn stiet. Dat kin ik wol skiede. As keunstner bist as persoan yn it geding, joust dy folle mear bleat. Dat hast as sanger op in poadium ek. Se pisje sa oer dy hinne. Wat dat betreft ha 'k miskien de hurdste learskoalle wol hân. As foarmjouwer lis ik dêr dus net mear wekker fan. Ik hoopje altiten dat it boek as totaal wurdearre en troch it publyk oppikt wurdt.
| |
It emigrantegefoel
Ik kom wat as Fremdkörper yn dy Fryske literêre wrâld. Ik wit noch goed dat twa jier lyn it omslach fan De malmûne fan Jan Sloftra, dat ik makke hie, de priis foar it bêst fersoarge boek krige. Dy waard útrikt bij de start fan de Boekewike. Der wie in heel programma mei petearen mei skriuwers. Doe ha 'k mei ferbazing om my hinne sjoen: in lyts klubke útjouwers en in fergriisde groep skriuwers. Dêr wie 'k troch skokt. Ik hie it gefoel dat ik op in jûn wie fan in doarpsferiening
| |
| |
yn 1950 of sa. Ik ha my wol fermakke, dat wie it probleem net, mar it wie krekt at it yn in soarte fan fakuümbel leeft yn dizze tiid. It wienen minsken dy't elkoar al tritich jier troffen op dat soart jûntsjes en der wienen miskien wol in pear dy't yn 1962 spul hân ha oer wa't de benzine betelje soe en dy't sont net mear meielkoar prate, en guon dy't as bern al bijelkoar kamen en noch stees befreone binne. Der wie in famke, Albertina Soepboer, dy hie krekt har earste dichtbondel, dat wie it iennige lûd dêr't ik fan tocht: hé, dit is jong bloed.
Doe ha 'k in bytsje begrepen hoe't it ynelkoar siet: da'st in hele ploech âlderen hast dy't elkoar al jierren kenne en dêrnei stiet it in hele tiid stil. Dat fûn ik wol beangstichjend: ik tocht fan: komt dit wol goed? Doe begreep ik ek dat der hjir yn Grins in stikmannich jongere skriuwers sitte, om de studinteferiening hinne, dy't wat tsjin 'e trie yn geane. It is prachtich dat dat bart: in bytsje in frisse wyn.
Sjoch, ik ken al dy nammen en achtergrûnen net. At ien it hat oer Trinus Riemersma, sit dêr in hele wereld achter, wat dy man allegear dien hat en teweechbrocht hat. Dêr wit ik no wol in bytsje fan, mar yn it begjin binne dat foar mij allegear lykweardige nammen.
Ik fyn it wol fassinearjend dat der sa'n lyts taalgebiet is. Myn hert leit yn Fryslân. En it gekke is, hoe mear ast fut bist, hoe mear at it lûkt. It emigranteferskynsel. Ik kin der sentiminteel fan wurde. Nim no it lânskip. Froeger fûn ik dat geouwehoer, it Fryske lânskip en de Fryske loften, wat is dat foar flauwekul man: de loft is dochs oeral gelyk. Mar it is ferdomd wier. Al komst hjir bij Súdhorn, it feroaret dochs, de swarte bou wurdt langsum grien. Dy loften derboppe, foaral bij Warkum yn 'e buert, tsjin de Iselmar oan. Dan kin 'k de eagen hast net droech hâlde. Mar at ik der wer in hoartsje bin, kin it my soms benearje. Dan wurd ik ûnrêstich en wol wer fuort. Fernweh neame de Dútsers dat.
It moaie is dat ik troch myn wurk rûnom ‘kom’: fia katalogy oer Aziatise of Afrikaanse keunst of Italiaanse ûntwerpers en Fryske skriuwers en skilders reizgest yn dyn eigen hokje de hele wereld troch. Ek noch yn ferskillende ieuwen. Om mei Gerard Reve te sprekken: Je freegje je wol ris ôf, wêr ha wy it oan fertsjinne?
[Mei tank oan Stichting Keunstwurk en it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaesjesintrum foar de achtergrûnynformaasje. - jpj]
| |
Seleksje út it wurk fan Gertjan Slagter
Katalogy
Ype Koopmans, Bernard Richters; Galerie Frans Leidelmeijer, Amsterdam, 1993. |
Sandra Borstlap, Zhou Jun; Museum Het Princessehof, Leeuwarden, 1994. |
Pieter Doensen, Watch; Snoeck Ducaju en Zoon, Gent, 1994. |
Drie eeuwen Joods leven in Friesland; Ryksargyf, Ljouwert, 1995. |
Erna Beumers, Africa Meets Africa; Museum voor Volkenkunde, Rotterdam, 1996. |
Thom Mercuur, Sjoerd de Vries; De Drijvende Dobber, Gersloot, 1996. |
Bas Roodnat, Rienold Postma; De Drijvende Dobber, Gersloot, 1997. |
Jean Pierre Gabriel, Gaetano Pesce; The Gallery Mourmans, Knokke, 1997. |
| |
| |
| |
Literêr (omslach en binnenwurk)
Michaël Zeeman e.a., Het eerste wat ik mij van W... herinner; SLAL/Perio, Leeuwarden, 1993. |
J.M. Iben, De zee is een grotere gedachte; Uitgeverij Perio, Leeuwarden, 1993. |
Geart de Vries e.a., Het metrum van de voetstap. Poëzieroute Leeuwarden; Stichting Poëzietableaux Burgemeester Te Loo, Leeuwarden, 1993. |
Willem Winters (samenst.), Gean út 'e Wei!; Uitgeverij Perio, Leeuwarden, 1994. |
D.A. Tamminga en Annie Pansier, It griene jier / het groene jaar; Utjouwerij Fryslân/Afûk, Ljouwert, 19953. Henk te Biesebeek, Dea en wille, 11 radioynterviews mei Frysk skriuwers; Uitgeverij Perio. Ljouwert, 1996. Harmen Wind, Plak; Utjouwerij Fryslân. Ljouwert, 1996. |
Teake Oppewal (samenst.), Wetter / Water. Vijfentwintig Friese gedichten met een vertaling in het Nederlands; Friese Pers Boekerij, Ljouwert, 1996. (allinnich it omslach) |
Itty Sluis, Wy dûnsje; Utjouwerij Fryslân/Afûk, Ljouwert, 1997. |
Hylke Speerstra, Kening op sokken; Friese Pers Boekerij, Ljouwert, 19973. |
Eppie Dam, Damstikken; Utjouwerij Fryslân/Afûk, Ljouwert, 1997. |
Jetske Bilker, In nacht fan hûs; Utjouwerij Bornmeer, Wânswert, 1997. |
Klaes Dykstra en Bouke Oldenhof, Lyts hânboek fan de Fryske literatuer; Fryske Akademy/Afûk, Ljouwert, 19972. |
| |
Periodieken
Aziatische Kunst; kwartaalblad Afdeling Aziatische Kunst Rijksmuseum, Amsterdam (fan 1993 ôf). |
Keramika; Kwartaalblad Museum Het Princessehof, Leeuwarden (fan 1996 ôf). |
Rige boekjes Monument van de Maand, Stichting Kultuer en Toerisme yn Fryslân, Ljouwert (fan 1991 ôf). |
Programmaboekjes Noordelijk Filmfestival, Centrum voor Film in Friesland (fan 1991 ôf). |
| |
Ferskaat
Bouke Oldenhof (samenst.), Rixt, de Fryske opera; Stichting Rixt, Ljouwert, 1995. |
Ria Efdée, Molen naar de wind gezet. Honderdvijftig jaar Koopmans Koninklijke Meelfabrieken B.V.; Leeuwarden, 1996. |
Pieter de Groot, Ha, die Rients! Rients Gratama veertig jaar op de planken; Friese Pers Boekerij, Ljouwert, 1997. |
Willem Winters (red.), Leeuwarden in de schaduw van Havank; Uitgeverij Perio, Leeuwarden, 1995 (kaart mei Havankrûte). |
The Serenes, Back to wonder; RCA, 1993 (cd hoes). Simmer, Mothertongue; Excelsior recordings, 1997 (cd hoes). |
Jules Deelder, ornette coleman is u daar? (neon dichtregel in De Harmonie, 1997). |
|
|