De auteurs
Joop Boomsma (1945) wurket, as er net skriuwt, as learaar Nederlâns oan in skoallemienskip yn Ljouwert. As er al skriuwt ûntstean der meastentiids proazateksten dy't, yn roman- en ferhalefoarm, beflapt wurde kinne ûnder it skift ‘misdiedliteratuer’ (en dat is neffens syn sizzen net itselde as ‘detektives’). In nije misdiedroman sil ferskine. Eartiids skreau en publisearre Boomsma mear gedichten as hjoeddedei, mar de poëtyske flamme kriget linkenoan wer mear ljocht en krêft.
Lolkje Hoekstra (1968) skriuwt koarte ferhalen en toanielteksten. Se brûkt it Frysk en it Nederlânsk en wurdt yn beide talen publisearre c.q. spile. Foar twa ferhalen krige se de Rely Jorritsmapriis, yn 1994 en 1995. Yn 1993 wûn se de earste AFUK-jongereinpriis. In pear fan har Nederlânske teksten wurde yn maart 1997 spile troch Het Jachtgezelschap yn it Grand Theatre (Grins). Yn it ramt fan de foarstelling Hertejacht spilet Tryater in Frysktalich stik. Se wennet yn Grins en wurket by de Albert Heijn as... fleiswarenfamke.
Tjitte Piebenga (1935) wurke oant 1990 yn it ûnderwiis. Hy skriuwt poëzij-kritiken yn 'e Leeuwarder Courant en publisearre poëzij, proaza en toaniel. Hy wûn ferskate kearen in Rely Jorritsmapriis, de lêste kear yn 1993.
Durk van der Ploeg (1930) waard berne yn Hoogkarspel en wennet no yn Feanwâlden. Fan syn hân ferskynden sawol yn it Frysk as yn it Nederlâns seis bondels gedichten. Fierders ferskynde fan him in tal romans en novellen. Om inkelde te neamen: De winter komt, De Jacht, Bertegrûn, It wrede foarjier, Reis nei de Kalkman, It lekken oer de spegel, In bit yn 't iis en Gjin plak op ierde. Yn tarieden is de roman Skepsels fan God.
Margryt Poortstra (1953) is berne yn Harns en wennet yn Zeewolde. Hja wurket by de RIAGG. Hja skriuwt poëzij en proaza. Fan har ferskynden ûnder mear Krúswetter (poëzij), Tolve huzen op it dak (berneboek), Nachtljocht (novelle en boekewikegeskink 1991), Beheind gebiet (ferhalen) en Adres ûnbekend (roman).
Eelco Salverda (1968) wurket as publisiteitsmeiwurker by Stichting Keunstwurk en docht freelance p.r. wurk. Hy publisearre fersen yn Trotwaer en yn Hjir ferskynden fan syn hân koarte ferhalen. Yn 1994 wûn er de AFUK-jongereinpriis en yn 1996 in Rely Jorritsma-priis, beide kearen mei in ferhaal.
Doeke Sijens (1955) is redakteur fan Trotwaer. Hy skreau mei Henk van der Veer In útjouwerij fan QuizeQuânzje, it tinkboek by it 25-jierrich bestean fan 'e Koperative Utjowerij. Hy skriuwt fierder koarte ferhalen.