[Nummer 4]
Dwersreed
Jurjen van der Weg
Pine yn 'e ponge
De provinsje hat it drok. Under it bewâld fan kommissaris Hermans hawwe Deputearre Steaten en de amtlike organisaasje har op tal fan terreinen it fjoer út de sloffen rûn. It liket der op it stuit lykwols op dat alle ynvestearringen fan bloed, swit en grif ek guon triennen net it measte oan rindemint opleverje sille. It pretinsjeuze projekt Fryslân Fernijt hellet it nijs hieltyd minder, of it moat al wêze dat it op ien fan de terreinen net rint lykas Hermans it bedoeld hat. Sa komt der bygelyks gjin plysje ûnder provinsjaal bewâld, wylst de gemeenten de provinsjale oerheid wol hâlde oan 'e ôfspraken oer it miljeubelied. En it prachtige plan om Albrecht van Saksen hinne, hat wol in hiel aardich budzjet, mar falt kwa goodwill by de Friezen folslein wei yn it slachskaad fan it reunyklupke, dat yn 2000 in tal aardige dingen foar de Friezen binnen en bûten Fryslân organisearje wol. En dan hawwe we it noch mar net oer al de oeren dy't op it provinsjehûs troch de jierren hinne ynvestearre binne yn Frysk en Frij en it rindemint fan dy ynvestearring...
Mei datsoarte fan saken yn 'e efterholle sille kommissaris en deputearren wiis wêze mei harren letterebelied. Dêrfoar is yndertiid yn 1989 in aardige basisstruktuer dellein, dêr't skoften op trochboud wurde kin. It nije stik oer it belied dat Deputearre Steaten yn maaie withoe breed yn 'e ynspraak brochten en dat de jierren fan 1997 oant en mei 2000 oanbelanget, liket yn haadlinen dan ek in soad op it ferhaal dat ein tachtiger jierren útkaam. Der soe dus konstatearre wurde kinne dat de provinsje wol wiis is mei hoe't it lân der op it stuit hinne leit en dat hja gjin oanlieding sjocht foar it opskodzjen fan 'e Fryske literêre kessens. Faaks hat hja dêr ek wol gelyk yn. Ommers: belied op it terrein fan 'e letteren moat net te faak mei ommeneuvele wurde om rindemint te hawwen. It skriuwen is langebaan-wurk en is it dan net de baas om it belied ek op dy termyn yn te foljen?!
Likegoed sitte ek yn 'e provinsjale letterenota - min ofte mear beskieden - pretinsjes. Spitigernôch wurde dy lykwols net wier makke. Wat moatte wy bygelyks tinke fan de beurzen dy't yn útsûnderlike gefallen beskikber steld wurde kinne oan skriuwers? Wis, it is in moai plan, dêr't yn in eardere Dwersreed troch Doeke Sijens in oanset foar jûn is. Mar hoefolle skriuwers kin men betsjinje fan goed tretjintûzen gûne?
In oar aardich punt út de nota is it feit dat it literêre boek sintraal steld wurdt, mar dat tagelyk de kommende fjouwer jier in beslach lein wurdt op it budzjet Fryske Boeken foar fakânsje-