tsjin my oer sein, hielendal neat. Utsein wat needsaaklike dingen hat er ek nea wer wat tsjin my sein.
‘Do hast my dy middei út dyn libben skopt,’ sei ik noch. Hoe patetysk klonk dat ynienen.
Us heit reagearre fansels net op myn wurden.
Hy hie my altyd negearre, as ik opbelle sei er daliks: ‘Ik helje mem wol eefkes.’ By besites by myn susters die er as wie ik der net. Hy hie net by myn eksamens west en ek net by myn promoasje. De earste jierren snapte ik der neat fan. Ik wie as ferstive. Ik fielde my skuldich en libbe as in kluzener. Sa hope ik dat ik de geunst fan ús heit werom winne koe. Mar hy hie my oerjûn like it wol. Mark sei: ‘Byt dy der net sa yn fêst. Set it fan dy ôf!’ Mar dat koe ik net. Hy hie my de kjeld ynstjoerd, hy moast my ek wer yn 'e hûs helje.
No koe ik neat mear fan him ferwachtsje. Ik seach nochris nei him. Hy hong foaroer yn syn stoel en sliepte. De mûle hong him iepen.
‘Komsto nochris wer,’ frege ús mem doe't ik de keuken ynkaam.
‘Hat soks doel? Hy wit ommers neat mear.’
‘Dyn lûd ken er wol, hy kin it allinnich net thúsbringe.’
‘Dat is dan mar better ek.’
Se luts oan 'e skouders. ‘Jim heit wie altyd in hurdkop, der is mar ien dy't op him liket.’ Ik wist dat se op my doelde.
Ik gie wer sitten. ‘Mem, sa hie 't dochs net hoegd. Wêrom moast it sa âldtestamintysk. Heit wist dochs wol dat ik gjin oare kar hie.’
‘Jonge, hy koe it net fan him ôfsette dat it ferkeard wie. Twa jonges. Hy hie it oars ha wollen.’ Dit wie foar har dwaan al ûnloyaal.
‘Wêrom hasto my net earder belle, dan hie ik noch mei him prate kind.’
‘Dat hie gjin doel hân, hy woe net mei dy prate.’
Wy seagen inoar oan. Ik hie it útsteld en útsteld dit momint. Ik hie altyd de hoop hâlden dat er grutsk op my wie, dat er syn ynstimming jaan soe. Dat er inerlik dochs mei my begien wie. No wist ik it.
‘Hoe lang kin dit sa trochgean?’
‘O, noch wol jierren. Wolsto noch kofje ha?’
‘Jawol. Hoe lang hâldt mem dat noch út?
‘Ik kin der net by weirinne wol?’
Dy wurden hongen noch yn 'e keuken doe't er der ynkaam. Hy rûn noch like rjochtop as ea. Hy gie sitten en ús mem geat him ek in kopke kofje yn.
Sa hienen wy altyd byinoar sitten. Heit krekt werom fan 'e bank, ik dwaande mei myn skoallewurk, de asalea tusken ús yn.
Hy seach my oan.
‘Sille wy aansens noch in eintsje te riden,’ frege er. Ik krige in skok. Foar him bestienen dy tweintich jier gewoan net. Us mem glimke. Wês aardich foar him, like se te bedoelen. Wês myld. Mar sa maklik koe ik de jierren net útwiskje.
‘Nee,’ andere ik, ‘ik gean nei hûs.’