| |
| |
| |
Iisblommen.
Margryt Poortstra
De foto's binne noch samar plaatsjes. Wat derop stiet hat betsjutting, mar no noch net. Earst sil ik se selektearje, de te tsjustere, dizenige derút sykje en oan 'e kant lizze. Pas dan komt it ferhaal fan de oerbliuwende bylden foar it ljocht. De tunen en de strjitten wurde bekende plakken, de minsken krije gesichten, wurde ta fertroude persoanen, krije stimmen, riuwe de bylden sa oan elkoar dat it net mear frijbliuwende plaatsjes binne, mar de wjerslach fan in stikje libben, myn libben. Myn eigen gesicht is altyd de ferfrjemdzjende faktor yn it gehiel. De oaren haw ik earder sjoen, sa, yn dizze hâlding, mei dizze glim om 'e mûle, soms betrape mei wjerstân yn 'e eagen of mei sleauwens. Ik haw it allegear sjoen. De gesichten op de foto's fertelle my neat dat ik noch net wist, inkeld de bylden fan mysels roppe fragen op dêr't ik gjin antwurden by betinke kin. In riedsel, dêr't ik wat langer wat mear yn fertize reitsje, wylst ik by oaren, by de minsken dy't by my yn terapy komme bygelyks, de geheimen faak wol fine kin, út har tizeboel triedden weilûk, dêr't se fierder mei spinne kinne, bytiden lokkiger fan wurde.
It is sneintemiddei. In neat-dei sûnder waar, en alles is griis: de loft, de huzen, de tunen, dy't de winter amper oerlibbe hawwe, de sleatten, mei dêryn it lêste laachje oantaast iis. Sels de keamer is griis. Ik ha besocht de wrâld om my hinne wat op te fleurjen mei it opsetten fan in cd en it oanstekken fan de kersen op it dressoir. Op de tafel dêr't ik oan sit te skriuwen lizze foto's, want ik soe se útsykje en ynplakke, mar ik bin opholden en ha pinne en papier krigen om dy te skriuwen.
Bisto myn geheim? Ik sil dy skriuwe, mei de pinne by mysels lânsskraabje, oer mysels fertelle, en wa wit kinne wy dan ôfskied nimme.
Hoe fier moat ik tebek? Sil ik fertelle fan earder, thús, in heit en in mem, en in broer, dy't fiif jier âlder wie en my altyd seach as in snotnoas, noch, ek al haw ik him tsien kear foarbyleard en -fertsjinne. Us heit is op syn manier grutsk op my, mar hy begrypt net wêr 't ik myn brea mei fertsjinje, inkeld dat ik goed fertsjinje. Mem fersoarget my noch as in lyts bern. As se my oansjocht leit ivich en altyd de fraach yn har eagen. It begruttet har sa dat ik wer allinnich bin. By har kin ik my net uterje en ik haw har net oer dy ferteld, krekt net tsjin har. Se wurde âld. Heit is al in pear jier mei pensjoen en se dogge foar myn gefoel hast neat, oars net as wachtsje. Soms komme se hjir en ik tink dat se wol faker komme wolle, mar ik hâld it wat ôf, ik wol it net. Der is hast neat mear dêr't ik har yn belûke wol en wat sy al of net belibje stiet fier fan my ôf. Hiesto noch
| |
| |
in part fan har libben útmeitsje sillen, hie ik dat wollen, of hie der neat te wollen west? Yn alle gefallen binne dat fragen dêr't ik net mear wekker fan hoech te lizzen. Sil ik al dy fragen dêr't ik mei ompield ha opskriuwe en troch it húske spiele? Soks soe ik oan myn kliïnten útstelle.
No moat ik om mysels laitsje. Dat is it allermoaiste: samar laitsje, hielendal allinnich, net om in grap fan in oar, mar omheechbuorreljend út mysels, lyk as fan 'e moarn.
Ik draaf, it is sneintemoarn betiid, en om my hinne is alles stil. De tinzen stampe my yn itselde ritme as myn fuotten troch de holle. De kadâns bringt rêst. Foet foar foet, en mei gjin minske wat te krijen. Ik kin sels kieze hokker kant ik útgean wol, hoe hurd ik draaf. De wyn waait my kâld troch it hier en it fielt as streakjen, as treast. Eefkes haw ik alle enerzjy noadich om de dyk op te kommen. It paad rint omheech en ik fernim dat ik net mear de kondysje fan earder ha. Ik haw it rinnen slûpe litten, ik wie wurch en ik wachte.
Boppe op 'e dyk bliuw ik stean om út te hymjen. De wyn komt fan oer it wetter, of leaver oer it iis, en de eagen begjinne my te prykjen. It is sa moai helder net mear as in pear wike ferlyn, it teit, en de oare kant fan it wetter leit achter in grize wale ferstoppe. Oan dy ûnsichtbere kant leit it wurk dêr't ik alle dagen hinneryd, oan dy kant wennet hy, en ik sil him net mear sjen.
It is te kâld om lang stil te stean. Ik doch wat rek- en strek-oefeningen, lit it boppeliif as in sâltsek delfalle, swaai mei swiere earmen hinne en wer, spylje dat ik myn eigen touter bin, swaai omheech, de earmen yn 'e loft, wiuw nei de fûgels dy't der net binne, gryp nei de wolken, dy't har weromlutsen hawwe, en laitsje om mysels.
Sjochst wol, dat is twa kear op ien dei. Wa sil úthâlde dat ik net lokkich bin. Ik kin laitsje as de holle my knapt fan it tinken en ik kin laitsje as ik de spieren yn myn liif losskodzje. Sa is it hjoed en sa sil it wêze. Fan dizze dei ôf is dit hûs fan my allinnich. Ik sil it lege keammerke ynrjochtsje en as ik klear bin mei skriuwen gean ik dêrhinne om de mooglikheden ris te besjen. In studearkeammerke kin it wurde mei in buro en boeken of in fitness-romte mei in pear tastellen, sadat ik foar de beweging de doar net altyd úthoech. Oanpakke sil ik en net langer wachtsje en dreame. Jierren haw ik dêrmei ferdien en it hat neat opsmiten.
No al fernim ik hoesto ferdwynst, hoesto dy stadich weromlûkst, by my wei, út myn hert en út myn holle. Wat mear ik dy wier meitsje mei dizze wurden, wat minder wier do wurdst.
Wat oerbliuwt is dizze dei, in frije dei, dy't ik yndiele kin sa't ik dat sels wol. Alle mooglikheden binne oanwêzich: ik bin sa sûn dat ik my sûnder muoite ferpleatse kin, ik ha in hûs dat romte biedt foar in hiele húshâlding en ik sjoch der aardich genôch út om oaren net kjel te meitsjen, sa aardich dat ik fan it eachkontakt mei manlju sa stadichoan in spultsje makke ha dêr't ik my mei fermeitsje. Ik sjoch om my hinne en nei mysels. Ik sil dy sjen litte hoe't it fan 'e moarn, nei it hurddraven wie.
| |
| |
It geniet. De noas yn 'e damp fan de tee, de rook fan krûden. De skerpe rook dêrtuskentroch fan myn eigen libbene liif, dy't bewiist hoe oanwêzich ik bin, hoe dea ynein. Ik wuolje my yn dit gefoel as yn in tekken. Ik hymje net mear sa wyld en it heazet my net mear sa yn 'e kiel, hoewol't de hite tee noch oanfielt as salve as ik it mei lytse slokjes drink. Mei it lege, noch waarme glês lit ik my achteroer falle, doch de eagen ticht en sjoch mysels hjir sitten: as in útknypte dweil, de rits fan it treningsjek iepen, de fuotten mei loftkessenskuon, dy't sa geweldich sitte dat men se eins altyd oanhâlde wol, op it taffeltsje, de hierbân, dy't it swit út de eagen hâldt, as smoarge wask oer de flier. Ik wit dat ik derút sjoch as in bern dat fan it iis komt, mei reade wangen fan de kjeld en de ynspanning, it hier rjocht oerein op 'e holle en yn 'e eagen de glâns fan stjerren.
Sa hâld ik fan mysels. Soesto dit mei my dield hawwe? Soe ik dy yn 'e strieljende eagen sjoen hawwe en hie ik dan nei dy glimke? Myn dream, myn net-bestean.
Ik triuw my út de bank wei omheech en gean nei boppen, piel in ivichheid yn 'e baaikeamer om, meitsje de eagen justjes op, set de lippen wat oan en lûk it pak oan dat sa noflik om it lichem slút dat it as in twadde hûd oanfielt. Ik rin tefreden de trep del en krij út it dressoirlaad de foto's dy't ik fan 'e wike ûntwikkelje litten ha.
Eefkes haw ik yn bestân stien en smyt it roltsje fuort, mar letter, tocht ik, soe my dat spite, en ik ha se dochs nei de winkel brocht en wer ophelle.
Fan mear as in heal jier haw ik de bylden yn 'e hannen en ik doar amper te sjen, hâld it pûdsje ticht, stel út. Ik krij it lêste album út de rige yn 'e boekekast, sykje de lege siden achteryn en lis it iepen by it lege blêd dêr't ik fierder plakke sil. De kersen baarne, de muzyk spilet en ik sko in stoel by de tafel, moat nei it húske en rin by it weromkommen by de kast lâns. Ik nim de âlde, folplakte albums mei en krûp op 'e bank.
Sa is it faker gongen. Al dy kearen dat ik ferhúzje en ik oprêde sil wat der noch leit, fuortsmite wat fuort kin, oanpakke, want ik moat wer fierder, en it slagget net. Ik kin wat west hat sa min samar opbergje of de doar útdwaan. Hieltyd moat ik earst oeral trochhinne, âlde brieven lêze, foar de safolste kear de skoallerapporten, it poëzijalbum, de diploma's, de foto's noch ien kear troch de hannen gean litte, lêze, besjen. Pas dan kin ik, in adres fierder, loslitte.
Dizze kear bliuw ik yn itselde hûs, mar ik moat al in adres fierder en ik betraapje my op itselde ferlet fan rituelen. Ik moat earst werom om te witten oft wat achter my leit wier west hat, fan my west hat, myn libben wol wie.
Do wiest myn libben net. Moat ik no it tsjinoerstelde fine? Moat ik de âlde foto's sa goed besjen, moat ik de eagen sa skerp ynstelle, dat ik dyn skym net mear sjoch tusken de bekende gesichten? Sjoch, lês, tink ik, en ik wit datsto net lêze of sjen kinste. Sa skriuw ik dy by my wei.
Mei grutte stappen rin ik troch myn libben. Leisto djip ferskûle yn dy bylden, giesto op yn de grize achtergrûn, bisto oanwêzich op it plak dêr't it
| |
| |
each fan de kamera dy net berikke kin?
Noch eefkes en ik bin der trochhinne. Dan kin ik de lêste foto's, dy't noch net ynplakt binne, net mear út 'e wei gean, dan sil ik by de lêste wiken lâns moatte. Sil ik dy dan kwytreitsje?
Ik klap it album ticht en lis it by de steapel op 'e bank. Bûten begjint it al skimerich te wurden. Wat haw ik mei dizze dei dien? Ferline wike koe ik noch te riden op de stille snein. It baarnt my yn. It leafste wol ik bewege, alle spieren yn't spier, my wurch wurkje. It hûs is skjin as de brân, ik hoech neat mear te poetsen, alles glânzet jin yn 'e mjitte. Ik ha sa bjind dat my de blierren yn 'e hannen stean. Niiskrekt op it húske snúfde ik de rook fan de sjippe nei binnen. De kick fan it rûken, de frede fan it liif dat de adrenaline op folle krêft streame litten hat en de rêst fertsjinnet.
Ik kin neat mei rêst. Haw ik dy ek ha wollen om hjir wat om 'e hannen te hawwen? Ik wurd kjel fan myn eigen tinzen en ik doar it dy hast net te skriuwen. Wol ik dy wol yn myn eigen eagen sjen?
Ik ha kofje setten en ik drink earst, foar't ik nei de foto's sjoch dy't foarôfgean oan myn beslút om net mear oan dy te tinken, fan dyn net-mearek-letter-net-bestean.
Oer de beker hinne sjoch ik it gesicht fan Teake lizzen. Hy hat hjirmei te krijen, mar eins ek net. It foar my útskowen, it mar net in ein oan dy relaasje meitsjen, liket hast wol op de earste kear: ik kin der net samar mei ophâlde, der is grif noch wol wat fan te meitsjen, wylst ik al lang better wit. It doel is oars. De earste kear soe in lang en lokkich, troud libben folgje, de lêste kear bisto oan bar, en wat dêrnei komme sil is de soarch fan letter. Hast hie it wêze sillen.
Ik bin âld, myn mantsje/wyfke. Ik bin aanst fjirtich en foar dy is dat âld. Foar mysels moat ik hjirnei noch mar ris besjen hoe âld dat is. Wa wit bin ik takom jier jong.
De foto's lis ik yn 'e folchoarder sa't ik se aanst ynplakke sil. Earst de sabeare bliere, dy fan de lêste dagen fan de kryst-fakânsje: it rekreaasjehúske, de snie, Teake mei de slûge kop by it moarnsiten, sûnder krante.
Wy ite sokke dagen let, wy sliepe út. It húske is as in hoal dêr't wy in wintersliep yn hâlde, en it foldocht him bêst. As ik moarns al in skoft wekker lis, yn bestân oft ik derôf gean sil, leit hy noch djip yn 'e sûs. De kjeld hâldt my tsjin, it idee allinnich yn it húske om te toarkjen wylst ik stil wêze moat om him net te steuren, en ik bliuw mar lizzen. Hy draait him by it wekker wurden heal nei my ta. Mei de eagen ticht stekt er in hân nei my út, siket, fielt oft myn hiele bleate liif der noch wol is en glimket justjes as er gerêststeld is. Ik besjoch him. Ik sjoch hoe't de sliep wer oer him hinne glidet, hoe't alles oan him ûntspant, en ik fiel myn eigen lichem ferstiivjen, ik rôlje de fûsten op, en wol it mar net wier hawwe dat it al lang ôfrûn is. Ik wist it wol, oars hie ik de lêste moannen de pil net lizze litten, oars hie dat beslút fan him en my tegearre west.
Oerdei meitsje ik foto's, fan him, fan de lytse dinkjes om ús hinne, binnendoarren, mar ek bûten, fan de snie, de beammen, de pracht fan it lânskip om ús hinne, dêr't hy amper each foar
| |
| |
hat. Ik nim him bytiden mei op myn ekskursjes, mar hy docht it mei sa 'n dúdlike tsjinsin dat ik leaver allinnich gean. Alle kearen wol ik noch in paad fierder, noch ien bocht, om te sjen wat dêrachter leit. Ik krij nije enerzjy fan dy kuiers, fiel it bloed wer streamen, mar hy wol, as er meigiet, sa gau mooglik werom, nei de baarnende kachel, it boek dêr't er yn oan it lêzen is, nei de cd's harkje dy't er lang lyn foar dizze dagen klearlein hat. Hy wol syn frije dagen net ferdwaan, it is samar foarby.
Dat wol ik noch net begripe, dat it hast foarby is. Ik harkje net nei myn stive spieren, ik byt my fêst yn arguminten dy't him frijpleitsje sille. Hy is wurch, hat dizze fakânsje fertsjinne, en wa bin ik om te bepalen hoe't hy dy trochbringe sil.
Wa't ik bin, en wat ik wol. Ik tink dat sokke fragen al lang achter my lizze. In frou mei in knap ynkommen bin ik, ekonomysk selsstannich, mei in protte diploma's dy't ik allegearre mei inkeld myn eigen ynspanning en jild ferstjinne ha. Fan ferpleechkundige haw ik my opwurke nei psychoterapeut, en it wurk, dat ik mei twa kollega's diel, foldocht my bêst.
Foar sa no en dan wol ik in man, en ik tink dat ik yn Teake de ideale partner fûn ha. In pear kear yn 'e wike binne wy byinoar, soms sliepe wy by de oar, oare kearen bliuwt it by iten, stappen, in gleske.
Sa is it al jierren en it liket te wurkjen. Mar ik wol noch wat, ik wol dy. En Teake wol ek noch wat, hy wol my. Mear as wat ek mar yn 'e wrâld wol ik dy, en ik lis der wekker fan. Altyd haw ik tocht datst fansels in kear komme soest, mar lyk as de measte dingen yn it libben is dêr mear foar noadich. Ik tink dat Teake dat mear is: hy kin my oan dy helpe. Dêrmei kin er net te lang wachtsje, oars is it te let. Wy sille elkoar net mear fine kinne, elkoar kwytreitsje, of ik bin te âld.
Wat hy fan my wol, dêr haw ik, mien ik, dûdlik oer west. Tegearre sliepe en ite fyn ik bêst, tegearre wenje is my in stap te fier. Mei safolle wurden haw ik it sein, mar hy wol it mar net ferstean, hy begjint der hieltyd wer oer dat wy yn ien hûs wenje kinne, dat wy dochs net sûnder de oar wolle, en wêrom dan net byinoar krûpe. Yn it húske dêr't wy op fakânsje binne wol hy it bewize, dêr wurdt syn kant fan wat er wol my dúdlik.
Wat ik fan him wol haw ik sa net útsprutsen. Teake wol gjin bern, dat wit ik al lang, en ik draai it hiele ferhaal sa, dat as hy wat fan my wol en ik wol it net jaan, ik wol wat fan him wolle mei dat hy net jaan wol. Ik kom hast yn myn eigen wurden om.
Sil ik dy útlizze hoe't it komt dat ik dy net mear wol? Ik kin it sels net iens begripe. Yn dizze keamer haw ik fan dy dreamd, yn dit hûs soesto by my wenje. Dyn heit, de yntelliginte, knappe man, dêr't ik dy folle letter in foto fan sjen litte sil, sil út ús libben ferdwine. Hy wol dy ommers net, en ik wol net wat hy wol. Ik sil him misse, want ik bin oan him wend, mar it sil slite en ik sil dy oerhâlde. Safier is it in wike nei de foar my mislearre fakânsje.
It is noch fierder, want ik mien datst al ûnderweis bist. Ik bin al trije wike oer tiid. Mei gjin
| |
| |
wurd haw ik oer dy praten, mei him net, mei gjin minske. Ek net yn de fakânsje, ek net it wykein dêrnei, as wy in dei nei syn suster binne, dy't har jierdei fiert. Hast net bestien, inkeld yn myn holle, en no, op dit papier, dat ik letter ferskuorre sil.
Bûten is it teiwaar. Aanst begjint de maitiid. Ik belûk it waar yn myn ferhaal as is it by my yn tsjinst. It friest dy deis. Sa sil ik it dy fertelle.
Fan sneon op snein hat Teake by my sliept. Wy sille nei syn suster, hûnderttweintich kilometer fierderop, moarns hinne, jûns werom. Ien fan de adressen dêr't wy de lêste jierren tegearre hinne gean. Ik kin goed mei syn famylje opsjitte.
Op 'e hinnereis fernimme wy dat de ferwaarming yn 'e auto it net docht. Teake skoot it knopke hinne en wer, mar ynpleats fan waarme lucht streamt in stoomwale oer ús hinne. Hy flokt en ik krûp yninoar om mysels waarm te hâlden. Wy stopje net. Wy ride troch en belje by syn suster de ANWB.
It friest, dat fertelde ik al, it friest dat it knapt. De man mei de giele auto skodholle earder op 'e dei. Hy tapet de kuolfloeistof ôf. Oan de ferwaarming is neat mear te dwaan. Teake sil letter nei de garaazje moatte.
It is jûn, wy binne op 'e weromreis en ik bin bang. Wurch bin ik ek, en beroerd. Ik ha in sangerjend gefoel yn 'e rêch en pine yn't liif en ik wurd mislik fan de rook fan spiritus dy't om ús hinne hinget.
Teake syn suster frege oft ik my wol lekker fielde, ik seach der min út, en eefkes wol ik alles oan har fertelle, yn 'e keuken, by it oanrjocht. Eefkes wol ik in suster, mar as ik Teake net mear wol, dan kin ik har slim ta myn suster meitsje. Ik fertel dus neat, net dat ik oer tiid bin, net dat ik dy altyd wollen ha en dat ik dêr op datselde stuit ynienen net sa wis mear fan bin. Neat.
Wy tútsje de grutte minsken en de bern en harkje gewillich nei de warskôgings, slaan de útnoeging om by har te sliepen ôf, nimme de doekjes en de flesse spiritus tankber oan en stappe moedich de kâlde auto yn dêr't Teake de ruten oan de bûtenkant fan skjinskrabe hat. It is ôfgryslike kâld. Oan de binnenkant sitte de ruten tichtferzen, alles is grizich wyt. As ik de feilichheidsriem om my hinne lûk sjoch ik Teake freegjend oan: sille wy wol? Hy knikt. Ik wit it, hy wol hjir net bliuwe, hy hâldt net fan ymprovisearjen. Yn syn eigen fertroude bêd wol er fannacht lizze, by need yn dat fan my. Hy rekket fan it sintrum as er wekker wurdt fan it leven dat boartsjende bern meitsje, fan de lûden fan oaren yn 'e hûs, fan fuotstappen, fan it wetter dat troch de buizen streamt. Hoe haw ik tinke kinnen dat wy tegearre heit en mem wêze soenen?
Wy weagje it derop. As it de earste tsien kilometer te dwaan is, dan kin it. Hûnderttweintich is op't lêst allinnich mar tolve kear tsien, in kwestje fan folhâlden. Teake sjocht grimmitich, hy knypt de lippen stiif opinoar en seit, nei't er my ynstruksjes jûn hat, hast neat mear.
Ik bin kâld en krampich, mar it beroerde gefoel rekket al gau op 'e achtergrûn as my dúdlik wurdt wêr't wy ús yn bejûn hawwe. Om ús hinne is it neare nacht. Sels de ljochtpuntsjes fan de
| |
| |
strjitlantearnen en de pleatsen ferdwine achter de grize laach dy't hieltyd wer oer de ruten krûpt. Ik skraabje it iis fan it sydrútsje, mar as ik klear bin kin ik al wer op 'e nij begjinne. Heal op it gefoel moat Teake ride. Yn 'e binnenspegel sjocht er neat om't it achterrút hielendal ticht sit, de bûtenspegel sjocht er allikemin troch it grize sydrút. As wy de autowei opride sille, draait er it rútsje oan syn kant iepen. In iiskâlde luchtstream benimt my omtrint de siken, de triennen stean my yn 'e eagen en as wy op de brede baan ride - hurd, oars is it noch gefaarliker - is myn sicht noch minder. Ik faai my de triennen út de eagen. Ik sil net gûle, ik bin fierste bang.
Noch kâlder as de froast fiel ik myn eangst. Automatysk doch ik de hannelingen dy't wy ôfpraat hawwe. Ik jit wat spiritus yn in doekje en helje it mei koarte, krêftige halen oer it glês fan it foarrút, sa fier mooglik foar Teake lâns. De grize wale ferdwynt en eefkes hawwe wy wer in stikje nacht foar eagen, sjogge wy it ljocht fan de koplampen fan de auto's dy't ús yn 'e mjitte komme inkelfâldich en net mei grutte halo's útfergrutte. Fiif minuten rommer sykhelje en dan begjint de striid mei it iis op 'e nij: de oanslach, de fine tearkes fan de iisblommen dy't omheech krûpe.
Dat ik bang wie, dat fertelde ik dy al, mar der wie noch mear. De bylden bliuwe my by, ik kin se net kwytreitsje, en op de iene of oare manier haw ik it gefoel dat it mei dy te krijen hat.
Ik sjoch hoe't op it foarrút in griis laachje ferskynt, ûnderoan, fuort boppe it dashboard, en hoe't dêr in patroan yn waakst: flintertinne waaiers. Ik lit my betsjoene. It liedt eefkes ôf om te sjen hoe't dit natuerlike kant hieltyd wer besiket it glês te bemasterjen, sierlik en fyn, mar fêsthâldend en sterk. As spinreach, tink ik, of nee, net as spinreach, net as wat oars. Iisblommen binne unyk, op himsels al in wûnder, mar noait sa moai as no, by it ûntstean.
Wy prate al langer as in healoere net mear. In warskôging, dy't ik net mear ynhâlde kin, in kommando fan Teake: poetse. Yn in hieltyd heger tempo reitsje de ruten beferzen, ferdwynt it sicht en Teake set de auto oan 'e kant, riidt fan 'e autodyk ôf om op in rêstige binnendyk of by in pompstasjon de ruten oan 'e bûtenkant skjin te meitsjen. Yn 'e auto, dêr't ik achterbliuw, is al neat mear fan de bûtenwrâld te sjen. Ik sit dêr opsluten yn in benearjend lyts hokje, mei de blinen ticht, en it begjint my hieltyd lestiger troch de rêch te skuorren, de kramp yn 't liif lûkt my troch de skonken, dêr't ik fan tocht dat se dea en gefoelleas wienen.
As wy de autodyk ferlitte en op it lêste stik twabaansdyk ride moatte wy noch tweintich kilometer. By it reade ferkearsljocht sjogge wy elkoar oan. Teake hat grutte, bange eagen. Hy ferlûkt de mûle, mar hy kin my net mear gerêststelle. Ik sjoch him leech oan. Hy suchtet. Ik rûk syn swit, ik snúf, mar de wâlm fan de spiritus wint it yn myn noas en ik moat kokhalzje. Foar't er oplûkt sjocht Teake noch in kear nei my, mar ik bear dat ik it net fernim.
De auto's dy't ús yn 'e mjitte ride komme fierste tichtby. Elk ljocht dat op ús takomt is in aventoer. Alle kearen set ik de tosken stiif op inoar, knyp
| |
| |
ik yn 'e sitting fan 'e stoel, wol ik raze, mar ik hâld my yn.
Teake krûpt hieltyd tichter op it stjoer. It hier is him oer de foarholle fallen en as ik syn kontoeren yn it foarbyglydzjende ljocht sjoch, ken ik him net mear, wit ik net mear wa't hjir nêst my sit. Wat er grommelt ferstean ik net, wat er wol wit ik net, mar it hat neat mear mei my te krijen. Ik wol hjir allinnich mar wei, ik wol net dea, net hjir, net mei him, net sa.
Wy ride stadich en Teake set de rjochtingoanwizer oan om foar de lêste kear de ruten ôf te skraabjen. Hy draait fan de swarte dyk ôf, dêr't struid is, de wite haven yn fan de bushalte. It ferljochte hokje komt op ús ôf, de auto glidet, Teake flokt, lit it stjoer los en slacht de earmen foar it gesicht.
As de klap komt haw ik de hannen al foar de eagen. Ik hear in splinterjend lûd, in heech kreakjen, ik fiel hoe't de wein noch justjes skean draait, en dan is alles stil.
Bisto dêr beferzen, fersplintere? Bin ik it sicht op dy doe kwytrekke? Wat in drama. In reis troch it tsjuster nei it neat, en dêrnei noch folle minder. Teake net mear, do, myn dream, net mear.
Wy binne der goed ôfkommen, neat brutsen, neat sichtbers yn elk gefal.
Sjochst wol, no glimkje ik boppe dit papier. It giet goed mei my. Wat nei de klap barde, wit ik net mear sa krekt. Der is earst neat, en dan binne der minsken, in auto is stoppe en se wolle my fan 'e stoel helpe, mar ik wol net, ik hâld my beet en ik hâld de knibbels stiif tsjininoar oan. Teake is al wer by de tiid en hy faget my it hier út 'e eagen, ynspektearret myn gesicht. By him rint in streekje bloed oer it wang en ik reitsje it oan. Dat is it lêste. Dêrnei reitsje ik him net mear oan, ek net as hy dagen letter de earmen om my hinne slacht en wol dat ik him oanreitsje.
It bloed dat my ûnder de rok, oan de binnenkant fan 'e skonken sit, hat neat mei de klap te meitsjen, net mei de klap tsjin it bushokje. Teake tinkt it, de aardige frou dy't my letter thúsbringt tinkt it earst ek, mar as se mei my nei binnen giet, nei boppen om my út 'e klean te helpen, dan wit se wol better. Har man sit yn 'e keamer te wachtsjen. As er my gûlen heart, ropt er by de trep omheech oft er helpe moat, mar, as syn frou weromropt dat er dêr bliuwe moat, hear ik de keamersdoar slaan en lit er him net mear sjen of hearre.
Ik ha de frou blommen stjoerd, djoere, in grut boeket, en se hat my belle, want se tinkt dat se it in bytsje begripe kin, en dat bytsje is ek sa, it helpt.
Teake begrypt it net. Noch net, tink ik. Dat ik him net mear sjen wol, dat it oer en út is tusken ús.
Hoe sil ik no ôfslute? Moat ik ûnder dizze wurden sette: myn leafste leaf, ik slaan de earmen om dy hinne, ik hâld dy noch ien kear stiif tsjin my oan, om dy dan los te litten? Ik widzje dy asto gûlst, ik sjong foar dy alle âlde ferskes dy't my noch yn 'e holle opslein lizze, ik keapje klean foar dy en stjoer dy nei skoalle ta, nei bûten, de grutte wrâld yn. Do waakst my út 'e macht, do setst
| |
| |
dy tsjin my ôf. Wy raze en roppe tsjin elkoar, dat wy elkoar fêsthâlde wolle, mar dat it net slagget, dat wy lûke en skuorre, want wy wolle los.
Ik plak de lêste foto's yn as it hast nacht is. Moarn is it moandei en it is teiwaar. Om my hinne is it stil. De cd, dy't ik no en dan fan it begjin ôf op 'e nij spylje liet, is wer ôfrûn. Ik rûk de kersen dy't opbaarnd binne. It wol net mear sa goed ta my trochkringe. Ik bin wurch, ik wol op bêd. As ik by ljochtskyndei dizze wurden weromlês, dan is alles al wer oars.
|
|