| |
| |
| |
It wie mar jiske dat wy loslieten
Durk van der Ploeg
[1]
It wie helder, kâld en winich doe't ik ferline hjerst yn 't lêst fan novimber op in moarn te Harns oan board fan de fearboat de Vlieland stapte. Ik socht binnen plak. It wie te kâld om oan dek te ferkearen. Yn de salon fan it boppedek speurde ik nei bekende gesichten fan famylje, kunde of lju út 'e freonerûnte fan mynhear Siderius. Ik socht gesichten dy't ik werom kenne woe út myn jeugd; âldlearlingen, learkrêften, lotgenoaten miskien, of kopstikken út syn politike karriêre; lju dy't him kend ha as ûnderwizer, as learaar, as wethâlder, as steatelid, as deputearre, as boargemaster. Ik socht nei de inkelingen dy't him yn syn neidagen yn de gereatrise ynrjochting opsocht hiene. Mar der wie nimmen yn wa't ik ek mar in grissel werkenning fûn.
Foar in twadde kâns gyng ik in dek leger. Rûn tusken de taffeltsjes troch. Socht op 'e nij persoanen dy't ik mooglik earder sjoen hie, of dy't ik moete by de kremaasje fan mynhear Siderius yn septimber. Ik joech my del by in taffeltsje. Bestelde kofje. Ferskânze my efter in krante, mar bleau op myn iepenst en hâlde de doarren yn 'e gaten. Ik wie oan 'e betide kant. Dat de measte passazjiers moasten noch komme.
It wie my net rjocht dúdlik wêr't ik de útnoeging, om by it útstruien fan de jiske fan mynhear Siderius te wêzen, oan te tankjen hie. Mar sa't ik dêr siet te wachtsjen begûn ik te twiveljen en rekke der hieltyd mear fan oertsjûge dat der in fersin yn it spul wêze moast. Ik hie him de lêste moannen fan syn libben foar it grutste part fersoarge. Dat wol sizze, ik hie him iten jûn, him oan- en útklaaid, him wosken, him de kaam troch it hier helle, him yn 'e karre troch it park riden, him út 'e stront holpen, him op bêd brocht en der wer ôfhelle. Dat wol. Mar dat wie myn wurk. Dêr waard ik foar betelle. Eins wie mynhear Siderius my nei fiifentritich jier in bytsje troch 't sin gien. Lykas ôffal en toarre blêden besinke yn wetter, sa moatte ek de eangst en de haat, dy't ik him jierren tadroegen ha, yn myn hert besonken wêze. Oant er op in middei ynienen mei de karre foar my stie. Myn God, wat ha ik as bern wol bang west fan dy man. Eangst dy't letter omsloech yn haat. En dat krekt ik útnoege wurde moast foar dy reis nei Skylge. Ik - sa hat no wer bliken dien -, dy't net by steat bin my dizze man yn 't sin te bringen sûnder emosjoneel te wurden.
De direksje frege my destiids om út namme fan ús ynrjochting de kremaasje by te wenjen. Gewoan, plichtmjittich, lykas safolle by ús wurk foarkomt. Soks rekket dy yn de measte gefallen de kâlde klean net. Der wie in smite folk. Wat wolst. In man dy't jierren yn 'e skynwerpers fan 'e politike en bestjoerlike wrâld stien hat. Ik hie
| |
| |
lykwols net de moed om de neibesteanden myn roubeklach oer te bringen, sa rekke ik fan 'e kaart doe't ik wat ferlern yn 'e wachtkeamer fan 'e aula siet en dat ferline op my ynwurkje liet. Dat ik ha de ôfskiedstsjinst útsitten en bin sydwyns weiwurden. En no sit ik hjir te wachtsjen. Op wat? Op wa? Wat hat my beweegd om op dizze útnoeging yn te gean? Ik kin it mysels noch net begripe. Ik tochte dat it útstruien fan jiske allinne foar de neibesteanden en de allerneisten yn 'e rûnte fan freonen wie. Ik liet mei myn stomme kop de útnoeging oan Hartstra, ús ôfdielingshaad, sjen. Fan him krige ik in dei frij om nei it eilân, om't it neffens Hartstra sa'n bysûndere man west hie. Sokke minsken binnen de muorren die de ynrjochting gjin skea, tocht him. Boppedat koene jo de famylje net foar de holle stjitte troch wei te bliuwen, fûn er. Haadferpleger Woelinga hie myn beswieren lichtfuottich fuort weaud. Hy lei my in hân op it skouder en sei ‘Sa'n tochtsje hasto wol oan him fertsjinne. Nim it derfan. Do hast genôch mei dy man ompankoeke.’ Se begriepen der lokkich gjin donder fan. En nettsjinsteande it grom my suver út it hert spatte, hie ik in skynhillich gesicht lutsen en net tsjinabbelearre. Of wie it fan myn kant nijsgjirrigens? Woe ik - hypokryt dy't ik wie - de ferneatiging fan dizze man oant yn de finesses meimeitsje? Skûle der efterstallige wraak efter myn dielnimmen oan dizze tocht? Makke ik haat ta myn genoegen? Licht hiene se myn namme en adres út it kondoleânseboek helle. Oars soe ik de útnoeging net thús tastjoerd krigen hawwe. Sa sil it west ha.
Dat ik mynhear Siderius mei leafde en tawijing fersoarge ha, mei ik net sizze. Myn hannen diene net altyd wat myn hert my sei. Ik ha dien wat der fan my frege waard. Ik hie hoegenamt neat mei de man. Of miskien kin ik better sizze, ik hie tefolle mei him. Dat er syn lêste libbensdagen oan my oerlevere wie, hat foar my net maklik west. Nea earder is my de behanneling fan in bewenner fan ús gereatrise ynrjochting swierder fallen as dy fan mynhear Siderius. Wat hat dy man yn de trije fearnsjier dat er ta myn hannen ferfoel in soad âlde haat by my losweakke en woelige wraakgefoelens yn my wekker roppen. Wat ha ik wol bang west foar mysels. Mar wat ik it slimste fûn wiene de eangsten dy't ik as bern by him skipe en my yn myn fierdere libben nea wer loslitten hawwe. Eangsten dy't, yn de tiid dat ik him ûnder myn hoede hie, geandewei heftiger yn my opflammen. Dat waard optlêst sa slim, dat ik der faak net fan sliepe koe en dertsjinoan seach om wer nei 't wurk. Guon nachten ha ik alles fan 'e himel bidden dat ik him mar neat oandwaan soe. God, wat ha ik faak myn ferstân brûke moatten om net ta rare dingen te ferfallen. Want as ik neffens myn natuer teriede gien wie, ik hie him wol deadwaan kinnen. En hoefolle kânsen haw ik net hân om myn gram te heljen foar alles wat er my as bern, en dêrmei ek foar it fierdere fan myn libben, oandien hat. Legio. It is raar sizzen, mar ik wie bliid doe't de man frij ûnferwachte de lêste azem útblies. Der wie gjin famylje by. Ik stie derby mei myn kollega Ytsje Holwerda. Moatst dy net sa oanstelle, sei Ytsje, doe't se mynhear Siderius de eagen tichtstruts en ik begûn te janken fan de emoasjes dy't ik trochstien hie. Mar miskien
| |
| |
gûlde ik ek wol fan blidens om't ik foar altyd fan dy man befrijd wêze soe. En dêr moasten wy op dy kâlde novimberdei de lêste hân oan lizze.
De fearboat beve, makke har los fan 'e steiger. Op it stuit dat wy yn 'e haven swaaiden, wist ik dat ik op ûnferklearbere wize mei syn jiske oan board wie. Even fûn ik it in yslike gedachte dat ik mei him nei it eilân reizge. It wie crazy, dat krekt ik om dizze man in reis nei de râne fan 'e wrâld meitsje moast om te sjen hoe't de jiske fan syn omskot oer see struid wurde soe. Ik fielde my ynienen hartstikke ferlitten. Hoe't ik ek om my hinne seach, ik hie noch nimmen moete dy't my bekend foarkaam. Op in stuit fleach it my oan, as soe ik allinne mei him oan board wêze. It waard my te benaud yn 'e salon. Ik draafde de treppen op nei it dek om my trochwaaie te litten. De wyn wie stoarmich op it Waad. Even kaam de sinne dertroch en skittere de see as in blêd tafelsulver. Hjir en dêr drintelen wat minsken oan 'e lijkant fan it skip, de see yn 't fizier, de krún in hierstoarm. In stel natuerfreaks siet klûmerich ynpakt yn plestikjassen op in bank en seach yn de kroanluchters fan skomjende lapen Waad, of smiet hompen bôle nei de kloften seefûgels dy't kriezjend meifleagen. Ynienen krige ik in man en in frou yn 'e gaten dy't my bekend foarkamen en dy't ik op 'e kremaasje sjen moatten ha. Se stiene op 'e folle wyn mei de earms om elkoar hinneslein en hâlden inoar yn de stoarm steande. Dat luchte op. Ik soe yn alle gefallen net allinne wêze. Foar in nije speurtocht daalde ik de treppen ôf nei de ûnderste salon. Want elk dy't de plechtichheid bywenje woe moast mei dizze boat nei it eilân. Tiid en oere stiene op 'e útnoegingskaart oanjûn. En - ik fielde nei myn pakje bôle -, elk waard oanret sels iten mei te nimmen.
Underyn waard ik ynienen de beide dochters fan mynhear Siderius gewaar. Deselden dy't har heit de foarige winters sa nonsjalant by ús yn 'e hal fan de ynrjochting skoden, as woene se him dumpe. En wat kaam dat der doe koel en ûnbeskamme út doe't se seine bliid te wêzen dat se fan 'e noed fan har heit ferlost wiene. En doe tsjin Hartstra, dat wy der mar rekken mei hâlde woene dat heit in tige gefoelige en tearhertige man wie, dy't in soad leafde nedich hie. No ja, Ironie zur Milde, sille wy mar sizze. Unsympatike froulju, trouwens. Mar dat kin in foaroardiel wêze. Se wiene fan myn leeftiid, dat ik moat eartiids noch mei harren nei skoalle gien ha. Mar dêr koe ik se net fan werom. Neitiid ha ik se noch mannich kear sjoen as se in oerke wjerskanten de âld man syn rôlstoel sieten te sinasapelskilen en apenútdopjen, of dat se as padvinders mei him troch it tún karken en him ingelse drop fuorren dêr't er sa fan yn 'e snelle rekke. Krimmenikes, wat ha ik wat fan dy man ophimmelje moatten as dy fammen west hiene. Ik naam my hillich foar de beide teaperts net oan te klampen of se mei in foarmlike freonlikens te groetsjen. By libben en wolwêzen seach ik se op it strân wol wer.
Op it eilân stie in aparte bus foar ús klear dy't ús nei de wyldernis foarby Aesterein, foarby it Stasjon foar Fjildbiology bringe moast. Dêr earne soe neffens de uterste wil fan de ferstoarne de plech- | |
| |
tigheid wêze, kundige ien fan 'e dochters oan. In frommes mei hier op 'e tosken, like my ta. Ik gyng efteryn sitten om it folk wat op 'e kuer te hawwen. De beide dochters mei rêchpûden om 'e nekke, seach ik tôgjen mei in swiere wykeintas tusken har yn, dy't se foar yn it gongpaad setten. Foar 't neiste de jiske, gyng it troch my hinne. Der kamen mear bekende koppen de bus yn, dy't ik ek by de kremaasje sjoen hie. As hiene se har oan board ferside hâlden en kamen se no foar it ljocht. Allegearre moasten se oer de tas hinne stappe.
It lêste ein gyng it troch de dunen oer in smel klinkerdykje dat samar earne yn 'e wrâld ophâlde en fuortsette yn in sânpaad. Oan it lânskip te sjen drigen wy dêr boppe de beamgrins te kommen. De sinne kaam derby. Dat skeelde. De bus skommele as in keakewals. As wiene se fan doel syn jiske ierdrykseinen fuort te bringen. Foar safier't ik him meimakke hie hie mynhear Siderius in idel en easkerich persoan west. Mar dat er it nei syn dea noch net litte koe en hutselje ús yn dizze wyldernis as in bosk sipels trochinoar, makke my even hellich. By it Stasjon foar Fjildbiology wie gjin minske te sjen. De wyn twirre om it gebou en fioele snijend troch it helmgers. In pear kear gisele in falwyn ús sânstrieljend yn it gesicht. Ut 'e fierte drige it lûd fan 'e brâning. Foar it stasjon rûnen farske bannespoaren troch it sân, dy't earne yn it neat weiwaarden. It like my ta dat alles dêr yn it neat dearûn.
Sa't wy dêr stiene begûn it aardich op in ekskurzje te lykjen. It swit bruts my út doe't wy elk in stinsil útrikt krigen mei dêrop in tekst fan it liet Farwol fan dr. L.C. Murray Bakker. O God, no moatte wy ek noch sjonge, skeat it troch my hinne. Nei de earste rigel lêzen te hawwen ferknûkere ik it fers ta in prop en treau it yn 'e bûse. Ik fielde my yn 'e sek naaid, mar koe net werom. No moast ik myn fatsoen hâlde. Yn 'e lijte fan it gebou hieten de beide dochters, ferware en heldhaftich útmeunstere as gidsen yn blauwe jacks en reade leggings, ús wolkom. Se hiene geitehierren sokken oer de berchskuon teard, as stie ús in swiere ekspedysje te wachtsjen. Ien fan harren frege oft wy foar it folbringen fan de plechtichheid harren folgje woene nei it strân. It waard gjin plechtigens, gjin stoet, lykas by in begraffenis. Nee, it like my mear in beafeart fan in ûngeregeld soadsje blomkesikers. As gyng it net fan herten dat wy dêr wiene. In pear kloftsjes folgen yn it sok fan de stevich oanstappende dochters en fierder tôge hjir en dêr in ienling; nei alle gedachten hyper-yndividualisten dy't it spul trochhiene en it yn 'e kont hingje lieten. As lêste wilewale ik der op kritise distânsje wat rekalsitrant efteroan, de prop papier ientriedwei nidich yn 'e bûse beknipend. Ik makke my lulk. No en dan setten de dochters de tas even del, bleauwen irritearre stean oant de ienlingen wer ta oansluting drigen. As wiene de froulju noch hieltyd dwaande in plak fan uterste ferlittenheid te sykjen, rûnen se hieltyd omsjend noch wol in trije kilometer it strân del, each yn 'e wyn it noardeasten yn, rjochting Boskplaat. De natuer hie gjin genede mei ús. Sân snijde my yn it gesicht. Ik hie it smoar yn fanwegen de tamtaasje dy't se ús op 'e hals hellen. Wie strân net oeral itselde? Wie see net oeral gelyk?
En wie elk plak net like gaadlik om in hânfol jis- | |
| |
ke út te struien? Wêrom moasten wy dan sa'n weareldsein meisleept wurde? Ik wie sêd fan argewaasje. Wie ik potdomme net genôch terge fan it skepsel dat wy de lêste eare oandwaan mochten?
Wy wiene al in stikhinne peal 18, doe setten de froulju de swiere tas op it strân, hellen in kaart foar 't ljocht en seagen om har hinne as soene se ferdwaald wêze. Wy - in man as tweintich, skat ik. En meast froulju - stelden ús op as skrouske fûgels dy't inoars lijte sochten. De see stie hol. De djippe rûzing fan 'e brâning hie wat heimsinnichs. Der tilden hege skûmkoppen op it wetter. De wrâld hie ynienen wat ûnbewenbers. Ik wie oan 'e bonken ta ferklûme. De dochters hellen thermoskannen út 'e wynkeintas en in toeter plestikbekers. Allegearre krigen wy in beker gleone kofje mei in kliemsk stik koeke dat wy yn ritueel swijen ta ús namen. It like my de âldste en striidberste fan 'e beide dy't oankundige dat it plechtige momint oanbrutsen wie. De jongste, dy't foar it Stasjon foar Fjidbiology al wat skril út 'e eagen sjoen hie, mar dy't it sa't skynde by dizze oankundiging oer de lea gyng, hie ynienen wat wei fan in hilligebyld doe't se de lege bekers ophelle en my fan tichteby mei in kalken devoasje yn it gesicht gappe. De âldste lies fan in stik papier in tekst dêr't de wyn it measte fan meinaam, mar dêr't ik klanken fan opheinde oer ivichheid, it alter fan 'e polityk, de neifolging fan Kristus, himel en ierde en de ûnomkearberens fan it minskelot. Se sluet har taspraakje - winkend nei immen út it publyk - ôf mei de wurden ‘En dan mei ik no ús Anna, de jongste dochter, freegje om neffens de úterste wil fan de ferstoarne op dit plak de jiske fan ús heit en pake Jouke Siderius oer de Noarder Grûnen te ferstruien, om sa syn lichem oan alle seeën op ierde ta te fertrouwen. God habbe syn siel.’
Ut 'e kloft makke har in frommeske los fan sa'n sân-, achtentweintich jier, skat ik. Se wie my oant doe ta net opfallen en ik koe net sizze dat ik se earder, sjoen hie. De beide âldsten hellen in stielen krûk út 'e selde tas, dêr't se de kofje en de koeke ek yn ferfierd hiene. Se meneuvelen der wat mei om om te sjen hoe't it meganisme wurke. Doe gyng Anna der rjochting sykjend mei boppe de wyn en tilde wat ûnhandich mei ien hân de stielen krûk boppe de holle. En wylst se ús tarôp ‘It libben út de floed ûntstien, keart werom ta de floed,’ - Darwin en de njoggentjinde-ieuse hertstocht, gyng it troch my hinne - drige se fanwegen de wyn út it lykwicht te reitsjen en heakke mei in finger fan de oare hân it lipke ûntidich los dat de boaiem as fansels iepenfoel. In wolkje stof sa grut as in fikse smook sigarereek waard op 'e wyn meinommen en waaide ús foar in part om 'e earen. Ik ferbeelde it my net dat it my bitter en swevelich op 'e tonge baarnde. En der wiene mear dy't dy ûnderfining hiene, want wy reagen ús as in troep apen troch it hier, en spuiden beskamme mar krêftich yn it sân as hiene wy fergif ynkrige. De âldste dochter - dy't ik alteast foar de âldste hâlde - rôp noch in pear gedichten fan J.C.P. Salverda, Douwe Kalma en Obe Postma boppe in oanheljende wyn út. Wurden dy't foar it mearpart de jiske efternei gyngen en oer see
| |
| |
ferwaaiden. De brâning gyng tekear as in optocht hûngerige iisbearen. Opkommend wetter floeide mei begearige tongen it strân op en kroep slikjend tebek; dat wy wieken in pear kear kjel hegerop. ‘Dichters mei waans wurk ús heit gâns affiniteit hân hat,’ sa besluet de âldste har wurden. Wy waarden fersocht it liet te sjongen dat se ús útrikt hiene. Dêr't de komponist moderato bedoelde sette de âldste dochter forte yn. Farwol no freon, sa trou sa froed. It sloech as in tange op in baarch. De kiel waard my tichtknypt. Ik koe gjin wurd útbringe. En der wiene mear dy't der muoite mei hiene. Dat it gesang stoar ûntidich in sêfte dea. Allinne de dochters, yn alle gefallen de âldste, hâlden it twa koupletten fol mei happen hier dy't har yn mûle waaid wiene. En dêrmei wie de plechtichheid ôfrûn.
| |
[2]
Op 'e weromreis kroep de sinne skuldich ferside. Yn in omsjocht kleure de loft as in hynstetekken. De see fertsjustere lulkaardich. Der foel út en troch in spat wetter. Sân stode as reek oer it strân, prike my yn it gesicht en foarme ûneffenheden dy't útgroeie soene ta dúntsjes, ta ûnbidige dunen, tocht ik. Tenei en oant yn alle ivichheden soe mynhear Siderius diel útmeitsje fan ebbe en floed. Wie dy gedachte net folle libbener as sa'n stutsen grêf dat ik him in healjier lyn sjen litten hie? Wy dûkten djipper yn 'e kragen, rûnen no wat tichter byelkoar as sochten wy inoars lijte. Wy foarmen in donkere klute tsjin it ljochte sân. Guon praten útlitten, oaren smookten, seagen elkoar befrijd oan, makken grapkes, laken lûdop. Inkelden begûnen út plestikpûdsjes te iten mei wat se fan hûs meinommen hiene. As wiene wy - yn it lot ferbûn - ynienen in groep wurden en hiene wy wat mienskipliks. Op in stuit rûn ik njonken Anna. Wy seagen inoar oan.
Se glimke freonlik. Ik antwurde mei in ferlegen glim. ‘It moat in offer foar dy west ha,’ sei ik sûnder de ynhâld fan myn wurden woegen te hawwen.
Se lake foarsichtich. Se hie ynnimmende eagen. Hiel oars as dy beide susters fan har. Dat liken my fan dy trochwintere miljeu-aktivisten, en de animators fan dizze suver tragikomise ekspedysje.
‘Ienris komt it ûnferbidlike ein,’ sei se luchtich. ‘It wie it lêste dat ik foar him dwaan koe.’ It klonk fleurich. Suver opluchte. Har gesicht krige wat ôfwêzichs.
‘Syn siele loslitte.’ Ik sei it as soe ik it earne lêzen hawwe.
‘Sa sitte wy allegearre yn in kouke.’ Se biet har betochtsum op 'e lippe en seach my djipsinnich oan.
‘Bedoelst dat wy fûgeltsjes binne?’
‘Fûgeltsjes dy't befrijing sykje,’ sei se wiis en lake.
‘Hoe bedoelst?’
‘Ik woe dit dwaan, om foar altyd los fan him te kommen. It is mar in symboalise hanling, mar it kin in duorjende wurking hawwe. Ast dy earne los fan meitsje wolst moatst der aktyf mei omgean. It klinkt wittenskiplik, mar do moatst der substantyf ôfskie fan nimme. It wie mar jiske dat wy loslieten, mar der stekt foar my in libben fol tragyk efter. Se lake en sei lakonyk ‘Hear my ris.’
| |
| |
‘Bedoelst rouferwurking?’ Krammele, wat frege ik dat knoffelich.
‘Wie dat mar sa,’ sei se spitich. ‘Myn God, wy rouje net. Wy lije!’
‘Wy?’
‘Ja. Dy't efterbliuwe. Hy is frij.’
Wy bokselen omheech troch it mulle sân fan de dúnoergong nei it gebou fan de fjildbiologen. In raffelige flagge wonk ús.
‘De dea betsjut rêst, mar gedachten oan 'e deade meitsje my ûnrêstich,’ hime se.
Wy wâden troch farsk dúnsân. Ik preau bitterens yn har wurden. Wurden yn de betsjutting fan in ôfrekken. Mei de see yn 'e rêch efterfolge my oanhâldend de driging fan 'e brâning. Ik fielde my ûnfeilich. Doe't wy it lêste dún ôfdaalden siet de sjauffeur smokend yn 'e bus te krantlêzen. Mei't er ús yn 'e smizen krige tearde er de krante stadich yninoar. Luts de strik rjocht. Knope it jaske formeel ticht. Der ûntsnapte meganys lucht, de doarren tearden iepen. Foar it gebou stelden wy ús op en spruts Matsen ús ta mei in tankwurd op papier. Yn 'e bus kaam Anna njonken my te sitten. It ferwûndere my dat se har net mei har susters bemuoide. Ik joech har in hân en sei wa't ik wie. Agressyf stifte se har folle lippen bloedread. Spegele har flechtich. Wreau de lippen oer inoar. Helle de slanke fingers troch it ferwaaide hier. Swijend rieden wy werom nei de haven. Ik wist net wat ik nei dy betiezjende wurden tsjin har sizze moast en iet mei tsjinnichheid fan myn stikjes bôle. Ik koe de gassige smaak fan swevel en jiske net kwyt wurde. Ik kokhalze. Slokte. Ik preau in smaak dy't him mong mei de gedachte dat ik mynhear Siderius libbensliif ynazeme hie. Sjoch, dit is myn lichem. Ik hime as drige der hyperfintilaasje. Ik burch de bôle op. Krige in hoastbui. Krôke walchlike gassen. Anne seach stiif foar har út. Miskien, tocht ik, moat se it earst ferarbeidzje. It waard gau skimerich. De sjauffeur die de ljochten op yn 'e bus. En doe't de boat foar de ôffeart ree stoomde en wy oer de rinbrêge oan board skeuvelen begûn it al nacht te wurden. It fjoertoerljocht fan 'e Brandaris swaaide oer dunen en gebouwen fan West, wjerkeatste wjerljochtsjend yn de ruten fan it skip. Anna steurde har net oan har susters. Se bleau njonken my, liet my foargean op 'e treppen nei ûnderen, luts my yn de salon oan 'e mouwe
en loadste my mei nei in taffeltsje yn it uterste hoekje. Wy hiene de romte. Der wiene mar in hantsjefol passazjiers.
‘Godtank, dat hawwe wy hân.’ Mei in sucht draaide se har om. ‘Ik traktearje,’ sei se en seach oer it skouder nei my. Se rûn nei de bar, stuts in sigaret op en kaam, mei de sigaret tusken de lippen, de holle oerside om de reek te ûntwiken, mei twa glêzen whiskysoda werom. ‘Of hiest kofje ha wollen?’ Ik skodholle. De sigaret trille har tusken de fingers doe't se it blêd op 'e tafel skode en frege ‘Hoe bisto eins sa yn dit selskip fersyld rekke?’
‘Dat ha ik mysels ek ôffrege.’ Wy proasten op 'e goede ôfrin. ‘Ik hie tocht dat soks allinne ornearre wie foar neiste famylje. Ik wurkje as ferpleechster yn de ynrjochting en haw jim heit de lêste trije fearnsjier fan syn libben fersoarge.’ Ik wachte om't ik har de details besparje woe. ‘Hy wie oan my oerlevere.’ Ik besocht te glimkjen. ‘Ik ha foar him dien wat ik dwaan koe en wat der
| |
| |
fan my frege waard.’ It kaam derút as woe ik ferantwurding ôflizze.
Anna nipte fan 'e whiskysoda. ‘Salang't heit yn de ynrjochting wie ha ik noait nei him omsjoen,’ sei se. ‘Ik koe it net. Ik ha him, sûnt ik yn '83 - tink ik dat it wie -, út 'e hûs gien bin, net wer sjoen. Op 'e begraffenis fan myn mem, fiif jier lyn, ha ik him in hân jûn, mar doarst him net yn it gesicht te sjen. Dêrfoar ha ik tefolle gesichten fan him op myn eachflues bewarre.’ Se sloech har eagen del. Har blommich reade lippen blonken. Der begûn wat yn har wangbonken te gloeien. De boat makke him los fan it eilân. De hoarn blies trije kear. ‘En no jiske op ebbe en floed,’ sei se en treau de sigaret dôvjend fyn as moast se har earne op wreke. ‘Net werom te finen yn de wrâldseeën. Mei't wy de see ta syn grêf makke ha sille alle kearen as ik de see sjoch, of yn see baai, myn gedachten wer by him wêze. Noait sil ik los fan him komme.’ Se sluet har eagen as moast se fertriet ferbergje. Ik seach in trien út har each wellen en oer har wang rinnen. ‘Godskes, datst no al witst datst noait wer los komst út dy finzenis.’
‘Hast net in goede neitins oan him?’
Ik lei myn hân treastend op harres. Sij lei harres op mines. As hiene wy inoar altyd al kennen en fielden wy wat mienskipliks. ‘It is myn skuld mei,’ sei ik ‘dat jim heit kremearre waard en dat syn jiske oer de see struid wurde moast.’ Wy kniepen yn inoars hannen. Se seach my oan. Lake ferrast. ‘Hy wie noch mar krekt by ús yn de ynrjochting doe wie ik op in middei mei him yn 'e karre te kuierjen. Wy rieden by it tsjerkhôf lâns. Doe woe en soe er op it hôf sjen. Dêr wiene minsken oan 't wurk. Ik ried him in slach om it hôf hinne. In eintsje besiden it paad wiene se dwaande in grêfkelder te meitsjen. Dêr woe er yn sjen. Ik ried him tusken sarken en stiennen troch oan it gat ta. Mar hy woe noch fierder. Hy begûn bang te hymjen doe't ik de karre nei oan de râne fan it gat ta ried. En doe't er him nei foaren bûgde, net ienris, net twaris, hy bûgde him hieltyd wer nei foaren as seach er yn ien fan syn lêste besluten, wie ik bang dat ik him op in stuit net hâlde koe en dat er mei karre en al yn de kelder telâne komme soe. Hy seach in skoft mei oandacht yn it gat, draaide him om en sei triljend fan emoasje: Dêr moat ik net yn. Fan syn libbensdagen net. Doe seach er eangstich om him hinne, rûn read oan, begûn machtleas oan de speaken te skuorren en betsjutte my dat ik him werom lûke moast. Op 'e weromreis sei er wol fiif kear tsjin my dat ik derom tinke moast dat er net begroeven wurde woe. Doe't ik him út 'e karre holp hâlde er myn hannen stiif beet en beswarde it my nochris. De dagen dêrop klamme er elk yn it hûs oan om te sizzen dat er net yn 'e grûn woe. Hy woe ferbaarnd wurde. Dat gat hat him doe sa oangriisd.’
‘It wie it gat net dat him oangriisde,’ sei se. It doaske yn har hannen trille doe't se my in sigaarke presentearre.
‘Ik smook net,’ sei ik.
Sels stuts se ien op, ynhalearre djip en mei de reek as kanonfjoer tusken de tosken sei se ‘It wie syn gewisse dat begûn te sprekken.’
‘Hiest leau 'k net in goede bân mei dyn heit.’
‘Ik ha gelokkich noait in bân mei him hân.’ Har eagen krigen ynienen wat definsyfs. ‘En as der al
| |
| |
in bân wie, dan wie dat ien fan pine en haat, tink.’ Se seach fan my ôf, as skamme se har foar gedachten dy't by har boppe kamen. Har mûle trille. ‘De stikemert. Us heit. Ja, it wie de ideale man. Teminsten, dat striele er út nei bûten ta. Nei binnen wie er wreed - hoe seist dat -, in hearsker, in tiran dy't al syn ûnmacht op ús projektearre. Hy wie in idele man dy't nei ús ta al syn weardichheid falle liet en ûnbetrouber wie as it waar. God, wat ha ik dy man wol ferwinske. Ik ha de kranten wol oan grom skuord dêr't er mei in ûnskuldige gesicht yn ôfprinte stie as er wer wat iepene hie as boargemaster. Dan woe ik it de wrâld wol ynraze wa't de werklike Jouke Siderius wie. Wat hate ik dy maskerades, dy moaiskyn dy't him altyd op 'e troanje stie te lêzen en him op 'e troan holpen hat. En wat heger dy troan waard, safolste djipper waard ús ûndergong. Mar wat dochst as bern. Do sikest de hân dy't dy slacht, dy't dy koeienearret.’ Se kôge agressyf op it sigaarke. ‘Wolst noch wat drinke?’
Ik skodholle.
‘Winliken soe ik no rêstich wurde moatte,’ ferfette se, ‘no't alles oan kant is. No't de skiednis sines opeaske hat en wy besykje moatte it bêste derfan te meitsjen. Ik bin bang dat ik myn takomst noait los sjen kin fan syn ferline.’
De wyn boldere. Der gyng in lichte huver troch it skip. Ljocht skittere yn de slanters wetter dy't by de nachtlike ruten opsloegen. Hy is no fan 'e see, tocht ik. It gyng my kâld oer de lea.
‘As politikus hast noait freonliker man sjoen. Redenryk, taktfol, tolerant, prinsipieel, fêsthâldend. Hie kennis fan saken. Stie iepen foar oarmans miening. Hie sels oeral in miening oer. Wist syn miening altyd op in sympatike wize oer te bringen en te ferdigenjen. Wie, nei wat oaren fan him seine, in skerpsinnich politikus en in kundich bestjoerder. In man mei in hierskerp analytys fermogen. Koartom in yntelliginte persoanlikheid. Wy hawwe by ús thús noch wolris gearkomsten hân fan 'e fraksje of it partijbestjoer. De keamers feestlik blau fan 'e reek. Dan sieten wy yn 'e keuken. Dan heardest him mei kwinkslaggen boppe alles út. Hy wie de blom fan de partij. Makke opgong ein sechtiger, begjin santiger jierren. Foel troch omstannichheden mei it gat yn 'e bûter. Waard fan ûnderwizer learaar, doe wethâlder, deputearre, boargemaster. It koe net op. It like as gyng it sa fansels, mar hy wie in echte streber. En gek genôch, elk stie foar him yn 'e bres. Elk droech him op hannen. Hy waard adorearre, huldige, riddere. En wer huldige. Thús gyng er oer liken.
‘Noait ha ik my tsjin immen útprate kinnen. Myn kammeraatskes hiene har eigen ideale âlden en yn myn eagen de ideale heit. Ik skamme my om der tsjinoer oaren oer te begjinnen. Ik begûn my hieltyd mear slachtoffer te fielen. Ik woe doe't ik fan de middelbere skoalle kaam nei it konservatoarium. Piano. Leafst yn Hollân om de doar mar út te kommen. Heit sei dat der yn 'e muzyk gjin droech brea te fertsjinjen wie. Hy woe my nei Grins ha, nei de universiteit. Rjochten, politikology. Hy woe syn ideaal yn my foltôge sjen. Mar dat wie it slimste net. Soms ha ik it gefoel dat ik yn myn ûnthâld bedragen wurd. Dat it net wier west hat wat der bard is.
| |
| |
‘Myn God. Dat er dit plak útsykje moast om syn jiske útstruie te litten. Witst hoe't er dêrta kommen is?’ Se stuts in nij sigaarke op. De oanstekker spuite in stekflam. ‘Witst hoe't it begûn is?’ Har eagen waarden ûnrêstige fivers. Se ynhalearre senuweftich djip. Luts de wynbrauwen op. ‘Eartiids, ik siet doe noch mar krekt op 'e legere skoalle, gyngen wy yn 'e simmerfakânsjes altyd in pear wike nei Skylge. En maitiids en hjerstmis noch in wike. Meast nei Hoarn. Heit en ik, wy wiene op it eilân in soad tegearre op en út. Wêrom wit ik net. Mem gyng noait mei. Foar op 'e fyts, of mei de fuotten by him yn 'e fytstassen. Letter hie ik sels in fyts. Dan wie it ek wol in aardige man. Leardest in soad fan him. Tegearre by it strân lâns rinne. Bûtsykje. Jutte. Nei de Boskplaat. En as wy op in iensum plakje sieten. As socht er se. En nimmen koe ús sjen, moast ik ticht tsjin him oan sitte. Of hy luts my by him op 'e knibbel. Dan begûn er ûnder myn rokje te boartsjen. Dan fielde ik dat er oerstjoer waard. Of lykas op in kear kaam er boppe op my.’ Se ferberge har gesicht yn beide hannen. ‘Jasses.’
De boat skodde op in grûnsee. Der bruts wetter, hurd as izer.
‘Do ek?’ De ferbazing ûntfoel my.
Se seach my oan. Har eagen glommen fochtich. Har lippen trillen. Se snottere.
‘Ik koe jim heit al lang foardat er yn Sirtema-State kaam,’ sei ik.
‘Wacht even,’ foel se dertusken. En wizend nei de glêzen ‘Noch ien fan 't selde?’ Se stoarme nei de bar. Kaam werom, de ferwoesting stie har yn 'e eagen te lêzen.
‘Ik koe jim heit al sûnt er noch as ûnderwizer foar de klasse stie. Dat is fiifentritich jier lyn, tink. Mar dy tiid hasto net meimakke. Ik ha op 'e legere skoalle twa jier by him yn 'e klasse sitten. De fjirde en de fyfte. Doe wiene dyn susters tink al nei de mulo, wie it doe noch. Gauris moast ik bliuwe om it boerd skjin te meitsjen, it kryt opbergje. Ik mocht neisjoene skriften foar him yn de fekken lizze, potleaden slypje, de papierkoer leegje. Hy betocht altyd wol wat. Ik wie master syn pop. Ik mocht altyd helpe. En as wy dan tegearre yn 'e skoalle wiene moast ik stiif njonken him yn 'e bank sitte, as er my sa't hiet sommen útlei. En as ik dat net woe waard der in twingende woede yn him wekker. Dan rûn er read oan. Krektlyk as ik ôfrûne simmer by him seach doe't ik him de grêfkelder sjen liet. Obstinaat dat ik him net dalik weromluts. Dan koe er net mei de hannen fan my ôfbliuwe. En thús doarst ik neat sizze. Twa jier dy't in altyd duorjende hel foar my wurden binne.’
Agressyf stampte Anna de peuk yn 'e jiskebak. ‘Dus, hy koe dy ek net fan 'e hûd ôfbliuwe? En hoefolle oaren ek net? De godferdommese kloatsek,’ siste se. ‘Dêr hawwe wy hjoed sa'n reis om makke. Matsen har útfynsels. Ik wit noait wat ik fan dat fanke tinke moat. Matsen hie ek wat mei ús heit. En Elly, dat stumper, is gewoan slachtoffer fan him wurden.’
Wy sleaten ús op yn in lange stilte. In stilte sa djip as in krater, dy't Anna twaris flokkend ta in útbarsting komme liet.
‘It heucht my noch,’ ferfette ik, ‘dat ik doe op in middei út skoalle wei thúskaam en mem net
| |
| |
ûnder eagen komme doarst. Ik hie bloed yn 'e klean. Ik wie myn rie te'n ein. En dat ik doe fan 'e fjirde ferdjipping fan de eardere touslaggerij oan it bolwurk, dêr't wy wennen, yn 'e goddjippe romte fan de stedsgrêft tusken Boomgaardt en Broekema drige te springen. Lokkich dat de eangst foar de dea my doe grutter talike as de eangst dy't my efteropkaam. Ik doarste net ûnder te kommen. Dy jûns fûn mem my as in tepletter fleine flearmûs op 'e planken fan ien fan 'e tousouders. Ik wie yn 'e balken klommen, yn 'e sliep fallen en derút mitere. Ik hie it skouder brutsen. Letter ferfoel ik nochris yn syn hannen doe't ik him op 'e mulo krige as leraar skiednis.’
‘Us Matsen hat wolris tsjin my sein - ús heit wie twaris troud -, dat har mem troch in hel gien is. Omdat er net fan syn dochters ôfbliuwe koe. Matsen en Elly doarsten gjin ferkearing hawwe. Fral Matsen, de âldste. Waard goddomme frigide fan heit syn keunsten. Elly rekke al gau ta de doar út om't it geastlik net goed mei har gyng. Is noch ferpleegd yn in psychiatrise klinyk yn Haarlim, leau 'k. Hat ek tiden yn in sanatoarium yn Heelsum sitten. Hat noch altyd medisinen. Beide binne se net troud. Sjochst it wol, Matsen skuort Elly der trochhinne.’
‘Doe't dy healsusters fan dy jim heit yn 'e ynrjochting brochten, woe ik graach wat mear witte fan syn syktebyld en eftergrûnen. Dat freegje wy altyd. En doe't ik frege hoe't it him oankommen wie sei jim Matsen: It begûn him op in dei oan te kommen doe't er yn syn ûnthâld begûn te sykjen lykas hinnen dat dogge dy't fretten sykje yn 'e hynstestront.’
‘Dat is ús Matsen ta de teannen út. Mâl mar earlik. Dy seit wat se tinkt. Krekt wat foar ús Matsen,’ lake Anna.
‘It falt my op datsto dy net mei dy susters fan dy bemuoist. Wêrom net?’
‘Wy ha inoar noait lein. Twa houliken jout spjalt. Ik ha noait field dat wy famylje fan inoar wiene. Myn mem sei altyd dat it jaloerskens wie. Se koene it net sette dat heit sa koart nei de dea fan syn earste frou wer mei in jong hippetsje troude. Hy wie doe sân, achtenfyftich. Miskien wiene se ek wol bang dat er sa op 'e nij slachtoffers makke.’
‘En hy slachtoffere alles wat er benei komme koe?’
‘Ja.’
‘En is dat noait oan 'e grutte klok hongen? Ast soks tsjintwurdich dochst stiet it de oare deis yn 'e krante.’
‘Doe net. Der wie net ien dy't oanjefte die. Dat doarst nimmen dwaan. En wa soe in boargemaster fertinke? En as it al oan 't ljocht kaam waard alles ôfdutsen. Us heit wie in autoriteit. Dy seagen jo wat troch de fingers. En dochs wie heit dúdlik in pedofyl mei frjemd genôch frijwol allinne belangstelling foar famkes. Ik ha ek noait begripe kinnen dat dy beide froulju - ús memmen, sil 'k no mar sizze - by him bleaun binne. Se wiene bang foar opskuor. Skammen har dea fansels. As hiene se it allinne mar om ús dien. Want it moat my al raar talykje dat se der gjin weet fan hiene. De skamte wie altyd noch grutter as de fernedering. Tsjin elk dy't der by ús mem op oanstie om by him wei, sei se dat se dat net koe. Mar war
| |
| |
skôge is se faak genôch. Syn earste frou krekt-engelyk. Mym mem utere har net. Is by him weikwynd. Moatst Matsen en Elly ris oer hearre. Matsen fral. Matsen seit dat Elly seit dat heit allinne troude om dochters te fokken dy't er misbrûke koe. En hy hat gelok hân. Trije tsjin twa. Us Aede en Frâns wiene foar him ûngelokjes.’
‘Binne dyn broers ek oan board?’
‘Myn healbroers. Us Aede is dea. Ferûngelokke yn Amearika. Frâns hat nei de dea fan syn mem noait wer nei ús heit omsjoen. Hy hat eins noait wer nei de famylje taald. Ik wit net iens hoe't syn frou en bern der útsjogge.’
‘Nimmen kin syn bagaazje feroarje,’ sei ik. Ik fielde my licht yn 'e holle fan 'e whisky.
‘Bisto troud?’
Ik skodholle.
‘Ek net troud west?’
‘Nee. Do?’
Se skodholle.
‘En Matsen en Elly. Wa wit hoefolle noch mear,’ sei ik.
‘Wa wit,’ sei se. Hastich dronk se it glês leech en frege, swaaiend mei it glês ‘Noch ientsje?’
‘Ik moat noch ride.’
‘Net sa flau.’
Se wie al fuort. Stie op ien foet foar de bar te draaien. Mei't it skip in slinger makke rekke se even út 'e koers.
‘Op ús freonskip,’ sei se en klonk mei my.
‘Dat nimmen fan ús troud is, hat jim heit dat op syn gewisse?’
‘Ik tink it net. Wol mei.’
‘It healjier dat ik him ferpleegd ha wie foar my ferskriklik. Net dat er lêstich wie. Mar myn ûnthâld waard opstannich fan it momint ôf dat er my oanseach as in rôffûgel dy't syn proai bewûndere. De middeis dat Matsen en Elly him as in kapseisd skip de hal yn skoden, as waard it my ynjûn. Der wie neat oer fan dy swierige man, sa't ik him koe as ûnderwizer en letter as learaar. En dochs seach ik, nee, fielde ik dat er it wie. It swit stie my yn 'e hannen. Ik waard al erchtinkend doe't Woelinga, ús haadferpleger, my de opnamekaart yn 'e hannen treau en ik syn namme seach. Wat it wie wit ik net. It wie in grut stumper en dochs wie ik bang foar him. Woansdeitemiddeis moast er yn bad. Wy hawwe noch sa'n âlderwets gefal mei bidet, de muorren opset mei donkere tegels mei in wurkje. Op in kear siet er nei dy tegeltsjes te sjen en sei: Thús hawwe wy ek sokke tegels. Myn dochters sjogge der wolkjes yn, myn frou koalrapen en ik sjocht der frouljusboarsten yn. Dat joech de holle him op.’
‘Dat oersekste siet by him yn it grûnwetter,’ sei Anna bits. ‘Eins wie er gjin pedofyl, lykas wy lang tochten. Opjage fan dreamen wie er belust op alles dêr't in kut ûnder siet.’
‘Sa âld as er wie, woe er hawwe dat ik him alle kearen dat ik him yn bad hie lobje soe.’
‘De âld bok.’ Se glimke wrang. ‘Sil ik wat iten bestelle?’
‘Hoecht net. Ik ha noch bôle yn 'e bûse.’
‘Bôle, wat is dat no? Ik bestel wat lekkers. Wolst noch wat drinke?’
‘Ik moat aanst noch ride.’
‘Krigest earst in miel iten fan my.’ Se wie al by de bar.
| |
| |
Wy ieten friten mei kroketten en appelsmots.
‘Skipsmenu,’ sei Anna.
‘Ik skamje my as ik it sis, mar do meist it bêst witte. Ik wie der yn de tiid dat ik him fersoarge soms sa mei oan, dat ik wol fan alles betocht ha om him ferûngelokje te litten. Dan woe ik him op 'e helling fan 'e parksfiver delsette en fuortrinne. Ik wie by steat om him ûnder wetter te triuwen. Ik ha wol foar it medisinekastje stien om him in stevige oerdoasis ynsuline te jaan.’
Se lei in hân op myn earm. Ynhalearre mei hertstocht. Tipte foarsichtich de jiske fan it sigaarke. Har eagen glommen. ‘Bravo!’ rôp se. ‘Dat wie teminsten in sûne reaksje. Der wie in stekje los oan dy man,’ siste Anna. En by elk wurd sloech har in pufke reek fan 'e tosken.
‘Ik ha yn 't lêstoan ek wol ris begrutsjen mei him hân.’
‘Begrutsjen? Wêrfoar?’
‘Do hast it net sjoen, mar it wie yn 't lêstoan in grut stumper,’ ferfette ik. ‘As er iet, wie er ien en al slaab, alles gyng njonken de mûle. Dan moast ik him fuorje. En as er it op hie woe er mear ha. As seach er bergen iten, skrabe er mei de leppel troch syn board. Hy skrabe oant der neat mear te skraabjen wie. En ek dan skrabe er troch, om't er wol in leppel, mar gjin ûnthâld mear hie. Hieltyd hastiger, lykas hûnen binne, bang dat in oar it har foar de bek weisnaaie sil. En as ik dan it ark foar him weinaam seach er luchthappend om him hinne en mepte nei tinkbyldige kapers op 'e kust. Ast dy ôftakeling seachst. It stumper, tocht ik dan.’
‘Stumper!’ hune Anna. ‘De kûkert hat it altyd moai kamûflearje kinnen en hingje de moaie mynhear út. Ik wie bang fan syn hannen.’
Ynienen stie Matsen njonken ús, mei Elly yn har skaad. Anna stelde ús oan elkoar foar. Earst Matsen mei eagen as spikers. Doe Elly mei har kalkene wangen en weemoedige glim. Ik kniep yn har weakwaarme hân.
‘Wy rinne daalk de haven yn,’ sei Matsen tsjin Anna. ‘Mar ik wol dy earst noch in hân jaan foar 't ik dy net wer sjoch. Wy seagen inoar oars ek al net, dat der is neat om rouwich om te wêzen.’
Anna, wizend op my ‘Witsto hoe't sij yn ús selskip fersile rekke is?’
‘Wy, Elly en ik, fûnen in list mei nammen fan wa't útnoege wurde moasten foar de plechtichheden. Dy list hie heit my al sjen litten doe't er noch by syn positiven wie. Dêr is no mar in hantsjefol fan opdaagjen kommen. As ik de nammen en adressen trochrin, krij ik sa'n idee dat it stik foar stik syn slachtoffers wiene.’
‘Slachtoffers?’ frege Anna.
‘Do witst dochs dat heit altyd út wie op slachtoffers? Dy woe er om him hinne hawwe as syn lichem oan de kosmos oerjûn waard.’
‘Witst hoefolle slachtoffers?’
Matsen luts oan 'e skouders. ‘Gjin idee. Wy yn alle gefal, sa't wy hjir steane.’ En doe tsjin my ‘Do sietst dochs ek by ús heit yn 'e klasse?’ Dêrby seach se my oan as soe ik my oan har heit fergrepen ha.
| |
[3]
Wy glieden de haven binnen. De ljochten fan it fêstelân hongen yn dampe walen. Ik flechte de
| |
| |
treppen op, de glimmende loopplanke ôf. Anna helle my yn. Skuorde my oan 'e jas. Se hime my yn it ear en snokte oerstjoer. En doe't ik fuortrinne woe klamme se har oan my fêst. Treau har wiete gesicht tsjin mines. Se tute my en sei ‘Ik hâld fan dy.’ Wy stutsen it parkearterrein oer. Se hinge triljend oan myn earm. ‘Bleau by my.’ smeke se. ‘Ik bin sa lokkich, no't ik dy moete ha.’
Yn panyk skuorde ik my los en flechte in ûnbestimde tsjusternis yn. Krispianus, tocht ik, ik koe wol dronken wêze. Efter my hearde ik dat hiele lange rotein nei it parkearterrein har hakken hertstochtlik hammerjen op 'e tegels. Ik stie leech en mei it hert yn 'e kiel njonken de auto te hymjen en koe út 'er haast it autokaaike net fine. En doe't ik it fûn hie en yn 'e auto stapte wiene dy hakken my noch net út 'e earen wei. Agressyf ried ik nei de slachboom, betelle sûnder wikseljild ôf te wachtsjen en stode it terrein ôf. Mei't ik de dyk op swaaide seach ik har yn it ljocht fan 'e koplampen as in fersûpte kat.
[1996]
|
|