seach doe't ik tichterby kaam dat myn fyts der noch stie. Gelokkich! Ik rûn fierder. De jonge en it famke krigen my krekt yn de gaten doe't ik al hast wer by de brêge wie. Sûnder wat te sizzen folgen se hoe't ik oer it stikeltried klom en de brêge opkaam. Al gau hie it famke it bekje lykwols al wer iepen.
‘Dêr hast him ek wer,’ sei se, ‘allinnich it boskje strie is er kwyt. Hat er miskien in hynder?’
‘It wie gjin strie,’ sei de jonge, ‘it wie reid. En reid is gjin fretten foar bisten.’
‘Sis menear,’ sei it famke op oerdreaune toan, ‘wat hawwe jo mei dat boskje reid dien?’
Ik rûn op myn fyts ta en sloech myn foet oer it sadel.
‘Wannear't jo net fertelle wat jo mei dat boskje dien hawwe dek ik jo miskien wol,’ sei it famke no sabeare-lulk.
‘Lit dy jonge dochs gewurde,’ sei de kreas klaaide jonge en rûn yrritearre skodholjend de brêge ôf.
‘No,’ sei it famke en rûn flanterjend lâns my hinne, ‘fertelst it my of fertelst it my net?’
Ik seach it famke no foar it earst rjocht yn de eagen en realisearre my dat wannear't ik my oait op it saneamde liichfak talizze woe ik no in goeie slach slaan koe. Ik seach even nei de grûn en sei doe: ‘Ik wie eins fan doel om in kampfjoer te meitsjen mar doe krige ik ynienen in foargefoel. Ik krige in foargefoel dat ús mem in ûngelok oerkaam wie en dêrom fyts ik no hurd nei hûs ta.’
It arrogante holtsje fan it famke dat my sakrekt noch spottend oanlake hie seach my ynienen frjemd oan.
‘Dû makkest in grapke tink?’
‘In grapke?’ sei ik.
‘Us heit,’ sei it famke, ‘hat hjoed ek in ûngelok hân.’
Op dat momint rôp de jonge dat der in auto oankaam.
‘En dat is net in grapke,’ sei it famke dy't oereinspatte en doe fluch by de brêge delrûn. Ik seach by de feart lâns en seach yndie yn de fierte in auto hurd ús kant útkommen. It bliek in BMW te wêzen, in moaie auto. Achter it stjoer siet in frou dy't my bekend foarkaam mar dy't ik net daliks teplak bringe koe. Se stapte út en sei: ‘It falt allegear wol wat ta.’
‘Leit er yn koma?’ frege de jonge.
‘Jou my dyn tas mar,’ sei de mem dy't in tas fan it famke oernaam en achter yn de kofferbak goaide. Ik folge har dwaan en litten mar koe mar net betinke wêr't ik har fan koe. De jonge siet al achteryn en luts in apart gesicht. En doe krekt, op it momint dat se fuortrieden, wist ik ynienen wer wêr't ik har fan koe. Sy wie de mem fan Jessika, de winneres fan de miss-ferkiezing dy't tradisjoneel de iepening is fan it jierlikse blommekorso. Jessika hie my dy deis in goede kar talike. Jessika wie in famke dat oerstreame koe fan lok en dat by steat wie har koarte libben yn de spotlights te ûnderfinen as in masterstik dêr't sy tagelyk ûnderdiel en middelpunt fan wie.
En dat binne de bettere eigenskippen, tocht ik wylst ik seach hoe't de BMW hurd by it wetter lâns de kym temjitte skeat. Ik stie bûgd oer myn fyts en seach de auto nei. Doe taaste ik tige hoeden yn myn jasbûse en helle it doaske siga-