Nâne seach my mei syn ynblauwe eagen frjemd oan en hy loek tearen yn syn foarholle en it wyt hier stiek nuver ôf tsjin it wat dûnkerder fel. Hy slokte in pear kear.
‘Jaap, dêr hat se no mei.’
De oaren krongen nei foaren, Nâne stie hast tsjin my oan, de eagen skerp yn mines, syn earms spand as bôgen en syn skouders in bytsje rûngear, mei tearen skerp skrast yn syn foarholle.
Ik treau Nâne oan 'e kant en gie by de fyts wei, in eintsje fierderop, dêr't ik mei de rêch nei de oaren ta, stean gie.
Ynienen fielde ik Jaap oeral om my hinne, ik seach syn swiet glimkjen mei de tear fan syn gnizen breed útsnijd om syn mûle hinne en syn oansleine tosken skean yn 'e snút, de spotskens spatte him fjouwerkant ta syn kop út, wylst syn weak lûd oeral om my hinne wie en syn weiten bewegen my oer de rêch kriuwele.
‘Nee, lit mar.’
Nâne spatte nei foaren, syn hannen klauden myn jaske fêst en tilden my suver op, syn praten wie heas en kaam djip út syn kiel.
‘Bisto no hielendal gek wurden?’
Ik tocht oan Jaap, dy't mei Diweke oer de seedyk rinne soe, de earms om har hinne en Diweke, dy't nei him op lake mei har grutte, brune eagen, dy't oan ien tried wei laken en fûnken nei him stjoerden, it brede laitsjen fan har lippen, dat net foar my wie, mar foar Jaap, dy't yn har eagen sjen mocht en de hân op har wang lizze en har stadich oer it hier streakje.
Nâne liet my los, in wite tûfe hier hinge puntich oer de foarholle en mei it bewegen fan 'e kop gisele de tûfe wyld hinne en wer. Syn eagen stieken my hast en wylst er syn mûle wiid iepen die smiet er de hannen fier yn 'e hichte. Hy begûn mei syn earms te slingerjen, hy liet se wapperje as wylgeteannen en syn heupen skokten fûl hinne en wer.
‘Wy slane him dea, kroandea.’
Hy raasde as in wyld, de eagen stokjes op 'e kop.
Ik rûn stadich by him wei, in ein fansiden de berm yn, en ik seach hoe't de oaren Nâne stiene oan te gapjen, Pyt, dy't al stie de rideljen en Meinou mei har grouwe kont bol ûnder de skotske rôk, de skuon al út en de flibe suver út 'e mûlshoeken, Abe al mei beweegjend, de iene bestroppe knibbelhoas op 'e slomp en mei de reade kop oan 't bekkelûken, in aap dy't út syn kouwe woe. Der kaam hyltyd mear beweegjen, se dinen hinne en wer en foar- en efterút, swit op 'e koppen, alle oaren.
‘Wy slane him dea, kroandea.’
Se begûnen om Nâne hinne te dûnsjen, yn in lange sliert efter inoar oan, read oanrûn, it hier rûch om 'e kop, hannen heech boppe de holle en se balten dat it wat die, se songen der hast oer.
‘Wy slane him dea, kroandea.’
Ik seach Jaap lizzen, op 'e grûn, noch spinfuotsjend mei de skonken, traapjend nei de lange rigele en meidraaiend mei de sliert, dy't om him hinne dûnse. It bloed rûn him út 'e noasters en út 'e hoeken fan 'e mûle, de tosken read befloeid, en troch syn besgroen hinne kamen de termen, triedderich en blaueftich read. Hy skopte en trape noch, mar it joech him neat, se wâden fan alle