it hier slikke.
Ik koe net oerein komme. Do wiest al fuort. Ik lei yn it hert en ik geniete fan de rook. Ik miende sels dat ik yn it hea rûke koe dat it fan dy wie. Dat ik fan dy wie. Dat wy fan inoar wiene. Ik ha neigenot lêzen yn alle ieren, socht yn alle stâlen. Sa nuver dwile ik om.
Doe kaam sy, myn healbline suster. Ik woe net mei har prate, mar se hold my beet. Ik hie it measte net by te setten. Se frege my oft ik net trochhân hie wa't har it each útklaud hie. Oft ik it net achtslein hie, ik dêr fier fan de wrâld by myn ûleboerd. It koe hast net oars of ik hie it sjen moatten.
Ik waard wol sa lilk, der kaam sa'n ferheftichheid oer my, ik ha har biten. Myn healbline suster ha ik biten. Yn it ear. At ik de eagen tichtdoch sjoch ik wer myn ferstuivere neils út de hûd sjitten. Ik ha har de kop iepenklaud. Ik ha raasd dat ik har it oare each útklauwe soe at se net makke dat se fuortkaam. Soadetearing op! Godferdomme, rot op! Rot op! Rot op!
Ik socht dyn plakje op, tusken de wylgen. Ik fûn har each, it lei der iepen en bleat. ik frege my ôf hoe't it yn de frede mooglik wie dat ik it de earste nacht net sjoen hie, dy nacht dat ik dêr sliept hie.
Doe wist ik dat ik it sjoen hie. En ik hie dreamd fan in plakje by in ûleboerd.
Ha ik jankt? Ja, ja, ik ha jankt. Stil wie ik net. Om mysels, om myn suster, om it libben dat ik yn mysels fermoede. Ik ha besocht dyn plak stikken te meitsjen, ik wie rankuneus. Mar krekt doe't ik yn de heechste wylgetûke fan dyn plakje hong, kaamsto deryn. Do fregest my, wat dochsto dêr. Ik sei, gimmestyk! Do seidest datst dat graach hiest, in linich frommis. Ik liet los en do leidest it foar my del. In fearn hert.
Ik frege dy wêrsto it weihiest. It heugde dy net, samar fûn. Ik hold oan en hold dy it each foar. It heugde dy net.
Ik sprong dy op de hûd. Mei alles wat der yn my bestie sprong ik op dy en frege dy waans hert is dit. Do raasdest, do raasdest, mar ik joech gjin belies. Smeekje my, bid my, leafste, hjoed kin ik dy net hearre, hjoed ha ik in hert fan stien. It jout my neat, neat jout my mear wat. Wy wrakselen en eins hiesto sterker wêze moatten. Mar nee, dat wie net sa. Do joechst foartiid belies.
Do lûktest al dyn hierren op en blaasdest dyn ôfgrizen. It hert? It hert, dat is dyn eigen. Ik ha it dy útklaud, hast it net iens fernaam, dom wiif. Ik moat dy net.
Ik seach dy nei doesto dyn plakje útgiest, ik seach as lêste it wite eintsje fan dyn sturt ferdwinen en alles yn my jankte.
Ik iet myn lêste fearn, droech yn myn bek it each fan myn suster, lei it op har plakje, neist de bolle, del. Doe socht ik myn plakje op, neist it ûleboerd.
Ik fielde myn fermoedens groeien. Ik siet neist it ûleboerd en fielde alle dagen myn fermoedens groeien. Se skodden myn yngewant en skopten tsjin myn bonken. Ik telde se by de berte derfan. It wiene der fiif.
Ik beneamde se net.
De earste wie in jonge, him liet ik libje. De fam-