De auteurs
Jetske Bilker (1960) studearre Algemiene Literatuerwittenskip. Se wurket as learaar Frysk en is âldredaksjeskriuwer fan Trotwaer. Har earste boek, de roman Imitaasjelear, hat krekt in opfolger krigen yn 'e ferhalebundel In nacht fan hûs. Se hat fierder in tal oersettingen op har namme stean.
Ernst Bruinsma (1966) is as wittenskiplik meiwurker ferbûn oan it L.P. Boon-documentatie-centrum fan 'e Universiteit van Antwerpen. Hy wurket op it stuit oan in proefskrift oer L.P. Boon en it modernisme. Boppedat is er redaksjeskriuwer fan it tydskrift foar de Boonstúdzje, De kantieke schoolmeester en besoarger fan it samle literatuer- en keunstkritysk wurk fan Boon (yn 6 dielen). Publisearre it meast resint yn 'e bondel Leurs occupations. L'Impact de la Seconde Guerre mondiale sur la littérature en Belgique (Bruxelles, 1997).
Jan Pieter Janzen (1945) is learaar skiednis yn Ljouwert en redakteur fan Trotwaer. Earder siet er yn 'e redaksje fan it moanneblêd De Strikel. Hy skriuwt oer (kultuer-)histoaryske en kultuerpolitike ûnderwerpen. Hy makke tegearre mei Freark Dam Boekje iepen. It Fryske Boek 1934-1984. Wurket mei oan it takom’ jier te ferskinen hânboek foar de skiednis fan Fryslân.
Jaap Krol (1970) komt fan Beetstersweach en studearre nei syn middelbere skoalletiid yn Drachten Godtsjinstwittenskip yn Grins. Hy studearre ôf yn 1995 en siket sûnt 1996 wurk.
Tjitte Piebenga (1935) wurke oant 1990 yn it ûnderwiis. Hy skriuwt poëzij-kritiken yn 'e Leeuwarder Courant en publisearre poëzij, proaza en toaniel. Hy wûn ferskate kearen in Rely Jorritsmapriis, de lêste kear yn 1993.
Eelco Salverda (1968) skriuwt fersen en proaza. Hy publisearre fersen yn Trotwaer en yn Hjir ferskynden fan syn hân koarte ferhalen. Yn 1994 wûn er de AFUK-jongereinpriis en yn 1996 in Rely Jorritsmapriis, beide kearen mei in ferhaal. Hy is publisiteitsmeiwurker by Stichting Keunstwurk en docht free-lance p.r.-wurk.
Doeke Sijens (1955) is redakteur fan Trotwaer. Hy skreau mei Henk van der Veer In útjouwerij fan QuizeQuânzje, it tinkboek by it 25-jierrich bestean fan 'e Koperative Utjowerij. Hy skriuwt fierder koarte ferhalen.
Albertina Soepboer (1969) is redakteur fan Trotwaer en wurket as skriuwster en publisiste. Hja publisearre yn it Frysk de bondel Gearslach en yn it Nederlânsk De hengstenvrouw. Dit foarjier ferskynt har twadde Fryske bondel De twirre yn 'e tiid.
Hylke Tromp (1944) die yn 1969 syn doktoraal eksamen Nederlânske taal en letterkunde te Grins. Hy is learaar Nederlânsk yn Snits, literêr kritikus foar Omrop Fryslân en tekstskriuwer, ynstrumintalist en sjonger fan Wiltsje fan Peazens.
Henk van der Veer (1954) is resinsint foar it Sneeker Nieuwsblad en besprekt jeugdliteratuer foar Byntwurk. Hy skreau de dichtbondels Skrousk, Je mutte hore wie ut seit, Dàt ok noch, Melkboerehonnehaar en deagewoandea. Proaza fan syn hân: Willem Santema, in fersetsman en tegearre mei Doeke Sijens In útjouwerij fan QuizeQuânsje. Hy publisearret fierder yn Hjir en yn iP2r90. Hy jout oan dat er yn syn frije tiid ûnderwizer is.