betsjutte dat it yn dit fers yn earsten net giet om in objektivearre boerinne út Surch, mar om in fer ‘burg’ en leafde, om krekt te wêzen: it snoarke fan 'e notaris.
Dêrnei komt Breuker yn syn artikel needsaaklik út op de behyplike kwestje fan it nei-skriuwen. Dyselde appelhôf fan Postma hat Breuker nammentlik oantroffen yn de Gespräche mit Goethe fan Eckerman. Dy skriuwt earne:
Wy rûnen troch it hûs en gongen de tún yn. Fan blommen en oare soart oanlis wie net folle te bespeuren; wy rûnen op gers ûnder fruchtbeammen. ‘Dat wie wat foar Ernestine,’ sei Goethe, ‘dy't ek hjirre har treflike appels út Eutin net ferjitte koe, en dêr't se op romme as hienen se har gelikensen net. It wienen lykwols de appels fan har jonkheid, - dêr siet it him yn!
Noch skrinender wurdt it as Breuker oantoant dat it fier-blinkende ljocht yn it earizer fan de boerinne oerienkomt mei it lette sinneblinken yn 'e lodde dêr't de arbeider yn in oar fers fan Postma jûns mei nei hûs giet, want datselde ljocht komt streekrjocht ût Goethe syn opmerking op 18 april 1827 tsjin Eckermann by in lânskipstekening fan Peter Paul Rubens. Dat kin yndie gjin tafal mear wêze, hjir moat Postma it ôflizze tsjin de ôfgryslike belêzenheid fan de professor. It is dúdlik: Obe Postma wie - as it net noch slimmer is - in epigoan fan Goethe. Hy hat de grûnlizzer fan de Dútske Romantyk neifolge oant yn syn op en del panderjen troch de keamer ta, as er neitocht. In tige pynlike konklúzje, mar Breuker hellet dêr net foar om!
Faaks is it in treast dat Obe Postma op syn bar wer misbrûkt is troch in mennichte lettere dichters, lykas Rutger Kopland, dy't yn syn bondel Onder het vee fan 1966 it selde byld brûkt yn it fers mei de skamteleaze titel ‘Onder de Appelboom’.
De saak stekt lykwols justjes djipper as dat Breuker tinkt. Goethe en Postma jouwe inoar neat ta. De midsieuske Reinaerd (V.d.v. R., r. 257) sei it al: ‘Male quaesite, male perdite’. De grutte Goethe hat nammentlik dy appelbeam net fan himsels. It soe bûten it bestek fan dit stik falle om krekt nei te gean hoe't Goethe oan dit byld kommen is, mar de oarspronkelike boarne is sûnder mis te finen yn it meast plagiearre boek út de wrâldliteratuer: de Bibel. Yn it boek Genesis (Gen. 3:23) wurdt beskreaun hoe't Adam en Eva ferdreaun wurde út it hôf dêr't ea de ferliedlikste fan alle appels te finen west hie: de tún fan Eden. Dat is dus ek it ferlerne appelhôf út Ernestine har jonkheid. ‘Mar hoe sit it dan’, sil de tûke lêzer freegje, ‘mei it ljocht fan Goethe?’ Dy fraach kin mar op ien manier beändere wurde: it ljocht dat yn it ark fan de arbeiders op Rubens syn tekening op 'e foargrûn (sic) blinkt - en dat ommers yn de optyk fan Breuker in noch sprekkender foarbyld fan neifolging wie - komt likegoed út Genesis, want dêr stiet eefkes letter (Gen. 3:24) te lêzen dat doe't Adam en Eva út de hôf fan Eden ferdreaun wienen, foar de tún as wacht in chearub stie, mei de flamme fan it bliksemjend swurd!
Goed beskôge komme der dus yn dit wichtige earste fers út Postma syn Samle Fersen op syn minst trije bylden gear. Yn earsten giet it om in