| |
| |
| |
It Feest
Jaap Krol
De trije jonges Ra, Ju en Ce binne de haadpersoanen yn dit ferhaal. It giet oer in doarp, dêr't elts jier in ‘optocht’ plakfynt. Yn dizze optocht wurdt in swart byld meitôge, in hillich objekt. De optocht is it hichtepunt fan it jier en behearsket it libben fan alle bewenners: likegoed in grutte ôfhinklikheid as in fertrouwen yn de takomst komme ta útdrukking. Dat fertrouwen giet fier: der is yn dizze isolearre mienskip gjin oare foarm fan autoriteit oanwêzich en foar in oantal minsken is dat de mooglikheid ta it útfieren fan in hurd en wreed gesach. Dat dit gesach wreed is, liket foar de minsken sels ek ‘normaal’ te wêzen, om't hja gjin oare foarmen fan liederskip kenne. Ra hat in geheim fan it liederskip ûndutsen, nammentlik dat de feesten en de optocht troch de pleatslike lieders sels útfierd wurde. Hy wol in parody meitsje op de optocht en hy besiket Ju en Ce oer te heljen mei te dwaan. It ferhaal giet fierder mei it petear tusken dizze trije figueren. Ra is in lûdroftige driftkop, Ju besiket alles te begripen en Ce hat neat yn de gaten. It sil Ra slagje: de parody wurdt útfierd, mar it wurdt net wurdearre en de minsken út it doarp nimme wraak. Ra sil der net mear wêze as Ju en Ce elkoar jierren dêrnei wer tsjinkomme. Dizze wiksel tusken âld en jong komt in pear kear werom.
It boppesteande ferhaal is rûchwei de útkomst fan in searje toanielskriuwlessen ûnder lieding fan Hans Brans, dy't ik folge mei Albertina Soepboer en Eelco Salverda. Myn ûnderfining mei skriuwen is net echt grut en dat makket toanielskriuwen net de maklikste foarm. It fieren fan allinich mar dialogen kin gau útrinne op in begjin sûnder ein en júst it oantrunen yn in bepaalde rjochting fyn ik net ienfâldich. Dit fragmint is ek net de definitive ferzje. De personaazjes binne noch net allegear genôch útwurke en ek harren yndividuele plak yn it ferhaal is noch net rûn. Dat kin sels de rin fan it fierdere ferhaal noch feroarje.
| |
Sêne 1: Ju en Ce
Ju komt op, rint stadich hin en wer, holle nei ûnderen ta. Sjocht sa no en dan omheech of foar him út. Praat net sa rap.
It is hjir noch hieltyd waarm. Sa ferskriklik waarm. In drukkende waarmte, hiel oars as by my thús. Ast hjir omheech rinne moatst, wurdt it net kâlder mar waarmer.
Faget mei bûsdoek swit fan 'e holle.
Frjemd,
frjemd dat ik hjir no wurden foar fine kin.
| |
| |
Ik kom fan ûnderen nei boppen ta en eltsenien sit hjir binnen. Ek de hûnen lizze binnendoar. It is krekt of kom ik hjir yn in spookstêd. In plak dêr't gjin minsken mear binne, dêr't it stikt fan de smoarge miggen en dêr't neat mear groeie wol.
Mar de minsken kinne my wol sjen. (sjocht omheech - praat in bytsje lûder) Se hoege it lûk mar in bytsje oan te triuwen en se sjogge my hjir stean. De measten ha my al sjoen doe't ik oanrinnen kaam troch de droege fjilden. (sjocht foar him út - koarte stilte)
De bus komt hjir net. Hy stoppet ûnder in grutte beam en fierder moatst it paad mar rinne.
Sjoch, (hellet krûd út de bûse en hâldt dat omheech), ik haw wat plukt op wei hjir nei ta. Dit is no wat men neamt de lokale spesjaliteit. (rûkt deroan). Mmm, ik keapje dit guod wolris by my om 'e hoeke, mar farsk út de grûn is dochs wol oars. Dit is (rûkt nochris - tinkt efkes nei) pittiger, myn noas docht der sawat sear fan.
Ja, ik moast djip troch de knibbels om it te krijen. It swit rûn yn myn hier en myn hert bûnze yn myn holle. De grûn is hjir droech, ik moast goed lûke. It sân fljocht dan omheech, troch dyn hier, yn dyn earen en yn dyn noas. Ast dan wer stiest, slachst it sân fan dy ôf en moatst de eagen tichthâlde. Ast se wer iepen dochst witst dat eltsenien dy sjoen hat. Tink mar net dat ien hjir net opfalle kin. Alles sjocht hjir nei elkoar, fan heech nei leech en fan leech nei heech. Alle ruten spegelje nei alle oare ruten. Op 'e merke, yn 'e kroech, op it fjild, oeral is in weitsjend each oer dy. De minsken rinne oer wetter, as sichtbere, taastbere wêzens.
Stiet heaks op it toaniel en sjocht foar him út.
(Koarte stilte)
Nimt hap fan krûden. Draait him wer om en laket wat. Makket gebaar as wol er de krûden oanbiede.
It rûkt net allinnich folle pittiger, it smakket ek folle better.
Nimt noch in hapke en kôget.
(Stilte)
| |
| |
Oan de oare kant fan it doarp rint it hiel steil ôf. Dêr lizze de deaden, yn it skaad fan in muorre. Generaasjes lizze der yn de leite fan de machtige toer. It klokkelûd fan dy toer, dat soe ik wol wer ris hearre wolle.
Draait him om en giet op in stoel sitten. Hannen op 'e skonken. Sjocht foar him út. Praat mei in soad meneuvels.
Eltsenien dy't hjir wennet, of dy't hjir wenne hat, kin dat lûd. En fansels sil net ien dat ea wer ferjitte. Har galm sûsde oer de fjilden as in razende rôffûgel. It lûd wie net traach en swier, nee, de klokken wiene ûnregelmjittich en skel. Alle dagen klonk dy hege stim. Somtiden ier yn 'e moarn, somtiden op it hytst fan de dei, somtiden by nearre nacht. Hy spruts ta eltsenien, wannear 't er mar woe. Hy koe de minsken opsjen litte, mei ûngereste eagen, hy skokte troch elts lichem en hy koe alle leven swije litte.
Dy klok kaam my benei, oant yn myn bonken. (feller) Wei moast ik hjir, fuort út dizze waarme strjitten. Allinich bin ik hjir weirûn, it paad del, de fjilden oer. Oft ik dat moast? Oft ik dat woe?
(Koarte stilte) - stadiger fierder. Ik wit it net, ik wit it wier net.
(Stilte) Ju hellet bûsdoek út de bûse en faget him it swit fan it gesicht. Dit docht er hiel sekuer: hy spriedt de bûsdoek út, en teart him, nei 't er swit fage hat, kreas wer op. Stoarret nei de doek yn syn hân.
(Stilte) Mei in slaande beweging wurdt de bûsdoek wer iepenhelle. Ju goait de doek op 'e grûn en faget efkes oer de flier. Pakt him wer op.
Ja...
(seit dit in bytsje yn himsels, dus net te rap).
Herhellet de beweging.
Ce komt op.
Ju (moat hoastje), Ju, ik sjoch datst der al bist. Ik wist dat ik dy hjir fine koe, op dizze dei moast ik dy wol tsjinkomme. Hast al efkes rûnom west? It liket derop dat it allegear net grutter wurden is; lytse huzen, boud fan fine stiennen, lytse minsken.
Alles is noch like wyt en like skjin. Do kinst it hjir waarm krije, mar yn it skaad
| |
| |
is it goed rinnen. Ferskate ruten stienen iepen en ik koe de swiete lucht út de kokens rûke. Swiet én sterk, om te wettertoskjen. Ik wie wer efkes in lyts jonkje, strunend troch de smelle strjitten ûnder de hege ruten.
Ce draait syn holle nei Ju ta en laket wat. Ju en Ce sjogge elkoar efkes oan.
Ju komt oerein.
Do bist kreas op tiid Ju - ik hie ek net oars fan dy ferwachte. It docht my goed dy hjir wer te sjen. Ju de soan fan de lânman, de goeie noch wol. Lykas syn heit altyd op tiid, altyd oanwêzich, net te dominant of lûdroftich, o nee, fol begryp, de beide hannen kreas wrakseljend op syk nei it goeie antwurd of de meast skjinne formulearring. Syn heit soe dan sizze: ‘Ik sjoch dat jimme dit kreas bewurke ha, mar it koe wol wat rapper. Hoe kin dat? Ik freegje fan jim gjin antwurd, ik wol allinich mar in ferklearring. Tink derom wat de regels sizze. De wetten fan ús mienskip binne sawat hillich, net allinich foar my, mar ek foar jim.’ (Ce sjocht Ju oan)
Lykas ik al sei: hast al rûnom west? Ik wie ûnder de toer en koe fier sjen oer it lân. Allegear partsjes en fakjes, lykas froeger. In mozayk fan donkere kleuren. Brún, read, grien...
Ce, fertel my (komt oerein en jout Ce in hân) ...,
Us famylje pachte ek in stikje. It wie mar lyts, mar alle sied feroare yn moaie, ripe fruchten. Sa'n tsien jier lyn haw ik in brief krigen. Dat it no dan dochs ferkocht wie. (Ju jout Ce in stikje fan it krûd) Net ien woe it fierder bewurkje - en ik al hielendal net. Ja, sa rûkte it.
...bist do ek al sa opwaarme troch de sinne? Nei al dy jierren bliuwt dit in nuver plak. Ik betocht krekt dat it net kâlder mar waarmer wurdt.
Dêr fernim ik oars net safolle fan. It koe hjir waarm wurde, ja, mar de sinne koe hjir bliere dagen meitsje, dêr tocht ik daliks oan doe't ik krekt hjirhinne
| |
| |
kaam. Dat liket fantasy Ju. Do en fantasy, dat hie ik net tocht.
- - - * * * - - -
Ju en Ce gean beide op in stoel sitten.
Ju (sjocht Ce oan - op plechtiche toan)
Sûnt dy feesten kinne wy elkoar net mear.
Ju en Ce prate foar harsels út
Ik ha lang earne oars libbe. Gewoan yn in hûske yn in streek hjir fier fuort. Anonym. Ik ha myn brea fertsjinne en bin eltse jûn op 'e tiid nei bed gien. In rêstich libben, hiel oars as hjir eins. Hjir wie ik mei oaren, altyd, fan moarns betiid oant jûns let. Oft it no famylje of freonen wiene, dyn maten of dyn grutste fijannen, nea wie ik allinnich. Ik ha it leare moatten, wenje hjir fier fuort, mar it is my slagge - dat doar ik wol te sizzen.
Ik ha brieven krigen. Jierrenlang. Allegear sûnder namme of adres, mar ik wist wol fan wa at se wiene. Brieven oer de tiid fan de rispinge... oer de wurkers en opsichters op it lân... oer it ûndergean fan de sinne... oer drokke strjitten mei hûnderten minsken, jong en âld, rinnend mei ark en kuorren... En hiel soms wie ik dan wer werom. Guon minsken, ferskate lûden en klanken kamen ta libben en ik seach wer wat werom fan de feesten, it sûpen sûnder ein, de lânmannen en opsichters byelkoar, it hurde laitsjen en... dy optocht.
Dêroer is nea mear wat skreaun.
(Koarte stilte)
Elts jier wie dy... hoe sil ik it omskriuwe... dy prosesje. Troch alle strjitsjes en steechjes rûn in lange rige minsken. Alle minsken út alle wenten rûnen mei.
...It wie in stadige omgong rûnom. De lûken wiene ticht, neat koest mear rûke.
| |
| |
Yn de maat fan de klokken rûnen de minsken dizze huzen foarby. En wa rûn der net mei? Lânmannen, arbeiders, froulju, bern...
(fûler)
Foarop rûn in persoan - hy wie de grutte ûnbekende, net ien wist wat er wie. Hy hie in wyt gewaad oan, fan syn holle ôf oant syn teannen ta, en rûn op bleate fuotten. Tusken syn fuotten in ketting - it izer sleepte oer de grûn. Hy naam dy op en sûgde dy mei. Wat in persoan at dat wie!
Hy tôge in grut swart byld mei.
In gitswarte ferskining, sa seach it derút. It wie gjin stien of in minsklik byld, gjin stik hout of in dea ding. Wat wie it wol? Net ien wist it.
It wie hjir berne, yn it mozayk ûnder dizze huzen. Nuvere ferhalen waarden deroer ferteld. Guon minsken leauden der noch yn. Oaren net, mar eltsenien koe dy ferhalen wol. (sêfter) It wie krekt oft dat byld dy ferhalen wer opnij fertelde at it troch de strjitten tôge waard.
Oh, wat in macht hie dat byld! En wat seach eltsenien dernei!
It wiisde omheech nei de loft en nei it lân rûnom. Iensum, machtich, orearjend troch de skelle klanken fan de liedende klokken.
(Stilte)
De wyn wie somtiden it iennichste lûd tusken de huzen. Dan koest úthingjende wask waaien hearre, droegjend yn de felle sinne. Dat wie de taal fan it gesach, de lânmannen en opsichters. Hja hannelen yn namme fan de regels - de hillige regels. Dêr, yn de folsleine stilte, koe de swipe deroer gean. Fan lânman op arbeider, in koarte, rappe beweging, sûnder ien wurd.
En sa kaam alles werom by it byld.
Dat wie mei de feesten...
| |
| |
Sêne 1 rint oer yn sêne 2 as Ra opkomt. Ra, Ju en Ce binne ‘jong’.
| |
Sêne 2: Ju, Ce en Ra.
Ra komt op, drok meneuveljend. Ju en Ce komme oerein.
De feesten komme deroan. Eltsenien sil mobilisearre wurde. It is de tiid om elkoar djip yn 'e eagen te sjen, tusken it fretten en de glêzen drank troch. Mar dit jier sil it oars gean! Ik haw it jim al earder sein: eltsenien sil ús oanstoarje, as ik jim meinim troch de strjitten. Kinne jim jim dat foarstelle? Of tinke jim der net oan en sjogge jim allinnich mar nei de moaie famkes? Huh?
Ra (mei spot, Ju imitearjend)
Nee Ra, wy fersteane dy. Mar wy sjogge fansels wol nei de moaie famkes. (haadknikje omheech) Ik hie fan dy wol in oare hâlding ferwachte Ju!
Ju stekt in sigaret op en giet oan de oare kant stean mei de holle omheech en de earmen oer elkoar hinne.
Ra...? Ra, is it wier wat ik tink? Do wolst dochs net...?
Ferdomme, Ce! Eltsenien om my hinne kin hjoed-de-dei ommers net oer wat oars prate! Freegje my der neat mear oer, ik wol en kin dy der net oer hearre!
Mar witsto wat dat foar ús betsjutte kin? Foar my? Foar dy?
Ra reagearret net en sjocht mei in djippe sucht nei de oare kant.
(Koarte stilte)
Myn plannen lizze fêst, der komt net ien ûnderút, jim net en ik net. (knypt
| |
| |
eagen healticht)
Se wenje hjir. Altyd en oeral binne hja oanwêzich, mar wa't se sykje wol, sil se nea fine. Ik wol dat jim dêrom nei my harkje.
Ra en Ce prate troch elkoar hinne, Ra sjocht foar him út, praat lûd en wis fan himsels, Ce sjocht nei Ra, praat kleierich, hast smeekjend.
Nee, Ra, harkje nei my... (siket nei wurden)
...sa'n dei is tige wichtich, foar ús allegear. Wa rint der no net mei en wa stiet der no net lâns de dyk...?
...it lûd sil ferstomme by it sjen nei de man foarop. Dêr sil ik rinne, yn it midst fan alle minsken...
...dit feest... It bûnzet yn ús herten en hollen... yn elts hûs, oan eltse tafel is der wissichheid oer it bestean fan dizze krêft... it neilet ús oan de strjitten, oan elts stikje lân...
...hja sille skrikke, roppe en râze, hja wolle my by de hannen gripe, my fuort ha, preveljend en roppend út harren toskeleaze mûlen. Mar dat sil se net slagje....
...net ien hat ommers ea twifele oan dizze ferskining....wêrom... wat driuwt dy?
...ik bin sichtber foar eltsenien, ik hear de drager fan it byld te wêzen, mar ien doart my oan te reitsjen as ik werom swaai. Hege toanen sil ik hearre, sûzjende hannen komme benei, mar ik bin snoad genôch om troch te rinnen.
Ra, wat driuwt dy? Der is hjir in soad striid, guon minsken gunne oaren it ljocht yn 'e eagen net, mar at ik mei de feesten dûnsje, dan wit ik dat ik in besteansrjocht ha, dat ik hjir bin!!
| |
| |
En dêrom sil it my slagje, ferdomme!
(Koarte stilte)
(rêstiger - strykt jas rjocht - is grutsk)
Bin ik dêrmei net de grutste feestfierder fan it doarp?
(Stilte)
|
|