Ferhalen mei in heech apekoalgehalte
Henk van der Veer
Oer: Ep van Hijum, De grizelpakken fan master Jongstra, Koperative Utjowerij, Boalsert, 1996. Yllustraasjes: Mary-Anna de Jong. Priis: f 22,50.
Ep van Hijum debutearre yn 1993 mei it ferhaleboek ‘Fan bleate sokken en kaugomkoppen’. De AFUK joech Van Hijum syn earste berneboek út. De debútbondel rekke net allinne foar in grut part útferkocht, mar waard yn 1996 ek nochris beleanne mei in tredde plakje troch de berneboekesjuery. Dat koe dus wol minder foar in debutant. Yn it lêst fan it ôfrûne jier is Ep van Hijum syn twadde boek foar bern ferskynd: De grizelpakken fan master Jongstra. Diskear is de Koperative Utjowerij te Boalsert de ferantwurdlike útjouwer.
De titel fan it boek, om marris mei de ‘bûtenkant’ útein te setten, doocht net. Yn it hiele boek is gjin sprake fan grizelpakken. Wol fan ferklaaiersklean, mar dat is fansels hiel wat oars.
Alle dagen docht Jongstra wer in oar nuveraardich pak oan: in fjochtpak, in snotterpakje, in putsje-dei-pak, in pak mei dêrop ‘wurkdei’, in brânwachtpak, op dieredei draacht er fansels in apepakje en mei de tulbân om 'e holle spilet master de rol fan Sheik Mohamed Ali dy Oryfleem. De pakken dy't master fan de kapstôk ôfhellet, binne ek de kapstôken foar syn ferhalen.
It naait der yn 'e klasse fan master Jongstra út as âld smoar en it sjenre dêr't it nijste proaza fan Van Hijum ta heart doar ik dan ek sûndermis te bestimpeljen as ‘humoristise ferhalen’. Van Hijum hat mei dit boek mar ien doel foar eagen hân: de lêzer oan it laitsjen bringe.
At him dat ek slagget is fansels de grutte fraach. Ommers wat de ien grappich fynt oan in tekst, dêr fynt in oar gjin klap oan. En wat no krekt in humoristys ferhaal is, dêroer binne de mieningen ek slim ferdield. Wol is it dúdlik dat der in tal techniken is om humoristise effekten te krijen. Van Hijum brûkt yn syn ramtferhalen de direkte iepenlike humor. En dat is in soarte fan humor dy't benammen lytsere bern oansprekt. Pipi Langkous fan Astrid Lindgren is ek sa iepenlik en werkenber.
It is fansels folslein apekoal wat der yn 'e klasse fan master Jongstra bard. Oan in master dy't bygelyks opdracht jout om de goudfisken efkes yn 'e snelkoker op te waarmjen om dêrnei de brobbeljende fisken yn it gleonhite wetter te ferjitten dêr binne fansels wol twa stekjes oan los. Van Hijum brûkt no net fuort in fynynleine foarm fan humor, it is sa plat as in dûbeltsje. Lykwols, doe't ik it ferhaal oan in groep bern fan acht/njoggen jier foarlies leine se yn in deuk. En earlik is earlik, ik koe sels by it foarlêzen fan dizze pasaazje it laitsjen ek net litte al giet it my te fier om te stellen dat ik my de bûsen útskuord ha.
Neist de kolderike humor komt der yn ien fan