| |
| |
| |
Biten en brokken
Jan Pieter Janzen
Fisjonêr inisjatyf
Earst even in test. Oer hokker musea giet it hjirûnder en fan wannear is dit sitaat ûngefear?
It resultaat fan de beide ferbouwingen is dat der, mei amper 60 km der tusken, twa tige ûngelikense musea stean, in yntym, tradisjoneel en echt provinsjaal museum njonken ien wêrfan de ynrjochters de moed hiene wat nijs te meitsjen. Mar dat lêste hat yn syn opset dan ek mear as provinsjale pretinsjes.
Ja, yndied, dat fan Ljouwert en dat fan Grins. Anno 1978, nei't beide musea yngripend ferboud wiene (en iepene troch respektivelik koaningin Juliana en kroanprinses Beatrix).
Museumdeskundige IJnte Botke wie yn syn resinsje yn De Strikel fan jannewaarje 1979 oer it ferboude Grinzer Museum folle better te sprekken as oer it Frysk Museum, al seid er it frij freonlik: ‘it Fryske [fertoant] in soarte fan yntimiteit en húslikheid en [lit] syn ryk besit sûnder folle pretinsjes sjen, wylst it Grinzer dúdlik wol pretinsjes hat en ek yn de ynrjochting de monumintale kant it neiste is. Sels oan de kofjekeamers is dat te fernimmen: yn Grins is dit in grutte sintrale hal, yn Ljouwert in yntime romte.’
De irony fan histoarje wol dat de situaasje lyts tweintich jier letter - nei in noch yngripender ferbouwing yn Ljouwert en nijbou yn Grins - wer fierder yn it neidiel fan it Frysk Museum feroare is. Yn Grins ha se no ommers in om syn foarm en ynhâld yn binnen- en bûtenlân renomearre museaal monumint, wylst it ferboude Ljouwerter ynstitút ek troch eigen minsken foar in grut part as mislearre beskôge wurdt. - Dat moat teminsten wol de konklúzje wêze fan de diskusje mei ynterim-direkteur Sipke Castelein, architekt Gunnar Daan en keunsthistoarikus Huub Mous foar Omrop Fryslân TV op snein 2 maart, krekt foar de iepening troch koaningin Beatrix.
Wie it ferlet fan in goeie romte foar eigentiidske keunst it (politike) brekizer foar in ferboufûns fan 22 miljoen, no't it jild op is moat konstatearre wurde dat dy moderne keunst as slútpost tsjinne hat. De Kânselerij is in pronkje, dêr't it Fersetsmuseum in prachtich plakje krigen hat, mar de ôfdieling foar jonge keunst oan 'e oare kant fan 'e Twibaksmerk is in nuver sealtsjeboel bleaun.
Neat gjin wûnder, joech Gunnar Daan ta: ‘De afdeling moderne kunst was niet zo duidelijk gedefinieerd binnen het museum. De opdracht is gefaseerd tot stand gekomen; de bestaande zalen hebben minder aandacht gekregen dan de Kanselarij.’ Direkteur Rik Vos hie oare prioriteiten. En sa koe it gebeure dat in konservator foar nije keunst der pas kaam doe't de ferbouwing hast klear wie (en de boubaas fuortgie).
In miste kâns dus. Mar der is hoop. Vos syn tyd- | |
| |
like opfolger koe yn it tv-programma fernije dat de - oansprekkende - topstikke-seal yn de Kânselarij nei oardeljier syn langste tiid al wer hân hat: ‘Wij geane werom nei it âlde konsept: de measte stikken geane wer nei de ôfdielingen. In museum moat dynamysk wêze. En wa wit docht de nije direkteur it aanst wer oars. Dat moat kinne.’
‘Het is niet alleen een kwestie van geld maar ook van visionair initiatief’, heakke de architekt dêr noch oan ta. ‘Rik Vos was een gedegen kunsthistoricus maar niet de man om het Fries Museum op de kaart te zetten.’ - Dat sil no dus noch wêze. Nei wèr in ferbouwing?
| |
Wat kwotum en wat dong
Dat koe minder: yn 'e Fryske Boekewike (begjin maart) leinen der 52 nije útjeften yn 'e winkel: seis dichtbondels, seis romans, seis ferhalebondels, seis Alvestêdeboeken, trije stripboeken, acht berneboeken, acht oarstalige boeken (Nederlânsk en Stellingwerfsk û.o) en njoggen cd's. In aardige rispinge sûnt de Sutelaksje fan foarige hjerst. Ynklusyf werprintingen, dus net allegear like nij, al sil Argewaasje fûn - argewaasje jûn, de bondel dêr't Trinus Riemersma syn prachtige fersen yn sammele, dat foar in protte lêzers wol wêze (‘De fersen binne omstavere en de taal is wat lykstrutsen.’).
De Boekewike sette út ein mei in feestjûn yn De Pleats fan Burgum, goed organisearre troch de Stichting It Fryske Boek. It moast wol wer foar in prikje: de seal, de oanklaaiïng fan it toaniel en de technyk mochten net te folle kostje. Dêrtroch mislearre ien fan de aardichste ûnderdielen fan it programma, it petear fan seremonymaster Hylke Tromp mei de debutanten Sietske de Jong, Itty Sluis en Tineke Steenmeijer en de jonge feteraan Jetske Bilker. Guon fan har bleaunen ferskûle achter de muzykynstruminten, gjinien fan allen wie goed te ferstean.
Dêr stienen genôch oare, aardige mominten foaroer. In slagge jûn dus? Dêr waarden wy it ûnderweis nei hûs ta net oer iens. De iene helte hie it wol noflik fûn, de oare helte hie it oer in yrritante en âldfrinzige jûn. - Oardielje sels oan 'e hân fan it gelegenheidsferske fan Mindert Wijnstra, opnommen yn it bondeltsje dat elk oan 'e ein fan 'e jûn meikrige:
Skriuwer op 'e bollestâl,
dan sil it skriuwen hjir wol wolle.
| |
Taalformule op 'e helling
Om dúdlik te meitsjen dat se der net wienen om de Fryske taal te befoarderjen, stjoerden de meiwurkers fan de Prinsetúnstudio harren bazen yn Hilversum yn 1976 in memo: Het bevorderen van het gebruik van de Friese taal past niet in de uitgangspunten [-]. De programma's worden vanuit de tweetalige situatie in Friesland tot stand gebracht en de programmamakers zullen gewoonlijk het Fries als voertaal in de programma's gebruiken, zolang dit op grond van de praktische taalverhoudingen in de Friese samenleving hanteerbaar en verdedigbaar is.
Yn 'e praktyk kaam it der op del dat de fiertaal
| |
| |
Frysk wie. En sa hat de regionale omrop yn de fyftich jier fan syn bestean mear dien oan de emansipaasje fan it Frysk as hokker oar medium ek. Taalbefoardering wie dan wol net it earste doel, it fanselssprekkend brûken fan it Frysk yn de eter hat sûnder mis de akseptaasje fan it Frysk as fiertaal befoardere, sawol yn de offisjele as yn de ynformele sfear. Marinus de Boer, de ferline hjerst ferstoarne direkteur-haadredakteur, sei it bij de oankundiging fan de regionale televyzje sa: ‘De útstrieling foar de kultuer en taal is hiel grut, grutter as wat ek mar. It is wichtich en bepalend foar de takomst fan it Frysk. Dat is foar ús in driuwfear, net in taak om de taal te befoarderjen.’ Aktive behearsking fan it Frysk hat dan ek altyd in eask foar de meiwurkers west. Oant no ta teminsten, want bij de opfolging fan De Boer wurdt (yn de lanlike parse) frege om in manager mei ‘(op termijn) actieve beheersing van de Friese taal’. Kinne je dat wat it Frysk oangiet noch sjen as in tydlik stapke tebek, der is mear dat bij Omrop Fryslân wiist op in feroarjende hâlding foar de taal oer.
Meiwurkers ferbrekke har hyltyd faker, ek at dat net hoecht om't de ynterviewde it Frysk prima ferstiet. Trendsetter dêrbij is Henk F., de flotte presintator dy't alle kânsen grypt om hearre te litte dat hy eins folle leaver Nederlânsk praat as Frysk. Ek guon fan syn kollega's lykje mear muoite te krijen mei in twatalich petear. It oait sa fanselssprekkende útgongspunt dat de fragen at it even kin yn it Frysk steld wurde, is op syn retoer. Je hoege der dan ek net raar mear fan op te sjen dat Fryske bestjoerders lykas de Weststellingwerver boargemaster (en âld-Trotwaerredakteur) Remco Heite, kreas yn it Nederlânsk te wurd stien wurde.
It tal ientalich Nederlânske petearen nimt dúdlik ta. Bij de televyzje is it al sa fier hinne dat ek Frysktaligen har ferbrekke. Sjoch Ernie Damen syn yn febrewaarje yn mar leafst fjouwer dielen útstjoerd dokudrama Spannenburgh, dêr't de pretinsjeuze Frjentsjerter filmer Frysktaligen gewoanwei Nederlânsk yn prate liet.
Giet it hjirbij miskien noch om ynsidinten en persoanlike ôfwikingen, sûnder mear yrritant is de tendins bij Omrop Fryslân om Fryske nammen en begripen op syn Nederlânsk út te sprekken: Andries van der Ploeg yn stee fan Ondrys fan dur Ploech, Hoite Pruiksma [Prúksma], Jan van der Mei [Jon fan dur Mai], Antine Zijlstra [Sylstra], Meindert Bylsma [Maindert], Rein Tempel [Rain], Sippe Schat [Skot], Douwe Kootstra [Koatstra], Oldehoofster Tsjerkhôf [Aldehouster], Furdgum [Furgum], Dongjum [Doanjum], Aldeleie [Aldelaaie], Nijs út binne- en bûtelân [binnen- en bûtenlân], Friesch Dagblad [Frysk Deiblêd], Hertejacht [Hettejacht]. - No wit ik ek wol dat net alle nammen har like maklik ferfryskje litte, mar dêrom hoecht foar it gemak net altyd daliks keazen te wurden foar de Nederlânske fariant.
Ha se bij Omrop Fryslân dan gjin taalnoarm? Jawis wol, sei einredakteur Rein Tolsma twa jier lyn yn reaksje op in ûndersyk fan de Fryske Akademy nei it taalgebrûk yn de nijsútstjoerings: ‘Wy besykje altiten wurden te brûken dy't yn it wurdboek steane. As it mis giet, komt dat meastal troch nije meiwurkers. Alde flaters komme gauris wer- | |
| |
om. De lêste jierren besprekke wy se konsekwint.’ (Ek mei dy beursmeiwurker fan 'e Jouwer, dy't ien kear wyks de kâns krijt om it Frysk minutenlang te misbrûken?)
Se wolle bij de radio, neffens Tolsma, ‘in libben en linich Frysk brûke, dat elkenien maklik folgje kin. [-] Jo moatte de taal net te muoilik meitsje, fral net by de radio. Dat hearre de minsken mar ien kear. En se dogge der hast altyd wat by; ierpelskile, ôfwaskje.’
Libben Frysk, dat hat der wolris oan. Linich troch de knibbels foar it ûnnoazele harkerspublyk, dat slagget Omrop Fryslân better. Alle dagen wer. Mei hyltyd mear fan itselde, faak te rûtinemjittich brocht: in praatsje, in plaatsje, in fraachpetearke, in tjûntsje, in spultsje, in himsels repetearjend dzjingeltsje en wat aktualiteiten (dy't yrritant faak herhelle en opbakt wurde; mei as toppunt om tsien foar njoggenen ‘It oersjoch fan 'e kranten’ mei nijs dat der gauris al mear as ien kear op in oare manier foar west hat). Want like slim as it fersleaukjende taalgebrûk is de automatyske piloat dêr't guon programmamakkers mar al te graach op te seil geane.
| |
Regio-nijs hat takomst
‘De regio is in, dan moet er toekomst zijn’, sei EO's Andries Knevel op bij it ôfsluten fan syn tvpetear mei Lútsen Kooistra, de haadredakteur-direkteur fan it Friesch Dagblad. ‘Ga met vertrouwen terug naar Ljouwert.’ Dat fertrouwen hoegde net allinnich fan boppen te kommen, ek it kapitalistyske merkmeganisme koe it Deiblêd hoop jaan. Dyselde deis wie ommers troch SBS6 de jacht op it regio-nijs iepene. Hie de kommersjele stjoerder mei it suksesfolle programma ‘Hart van Nederland’ al ôfrekkene mei de rânestêdtelevyzje, mei ‘Hart van de Regio’ geane se noch in stapke fierder: alle dagen in healoere regionaal nijs op de lanlike stjoerder. Fan moandei 24 febrewaarje 1997 ôf hat Midden-Nederlân sa'n ‘regiofinster’, binnen in jier moat de rest fan it lân folgje.
Dêrmei springt SBS - en aanst ek RTL - yn it gat dat fallen is doe't de NOS en regionale omroppen it foarich jier oer de finsterprogrammearring úteinlik net iens wurden koenen. Dat hie de deastek foar it eksperimint mei de Fryske regionale televyzje west, at de Provinsje en it Ryk net bijsprongen wienen mei ekstra jild en in ekstra tsientsje fia de omropbijdrage.
Wiis sille de publike regionale omroppen mei de kommersjele konkurrinsje net wêze. Op termyn kin it har ommers aardich wat reklamejild kostje. Kabeleksploitant Nuon-Telekabel en Omrop Fryslân sykje no har heil yn in oparbeidzjen mei de sân lokale omroppen. Dat soe resultearje kinne yn lokale finsters op de regionale stjoerder. It is noch even de fraach oft dat wetlik tastien is.
Dizze ûntwikkeling sil de deiblêdútjouwers grif net sinnigje. Dy ha earder besocht om saken te dwaan mei de regionale omroppen: ‘Ze wilden een samenwerking waarbij de onafhankelijkheid van de programmamakers was gegarandeerd en er genoeg geld was voor een volwaardig programma’, sa skreau in teloarstelde Rimmer Mulder yn syn haadartikel fan 24 novimber 1995.
| |
| |
‘Terwijl de Nederlandse Dagbladpers met de overkoepelende organisaties onderhandelde, gingen omroepen afzonderlijk met andere partijen in zee, zoals in het geld zwemmende nutsbedrijven. De uitgeverijen proberen nu hun eigen weg weer te zoeken. Het gevolg is dat de betrekkelijk kleine markt voor regionale omroep inderdaad dreigt te versnipperen.’
Yn it suden en it westen fan it lân ha de deiblêden yntusken in poat tusken de doar fan regio-tv krigen, op kommersjele of op publyk/private wize. Yn it noarden wolle se dy kant ek wol út, fanwegen de noch altyd tanimmende belangstelling foar regionaal tv-nijs.
Wêr't dat ferlet wei komt? Je kinne better freegje wêrom't it no pas nei boppen komt, is it antwurd mediadeskundigen. Regionale kranten ha al jierrenlang in frij stabyl abonneebestân en de regionale radiostations binne faak populêrder as Radio 3 en Sky Radio. Ferlet fan regionale televyzje hat der altiten west, it is allinnich no pas oppakt. Televyzjestjoertiid hat lang frij krap past, de omroep wie lanlik organisearre, tv-nijs wie foaral polityk en nasjonaal nijs. De sjoernalisten dy't it yn 'e santiger jierren foar 't sizzen hienen seagen de regionale omrop as in útstjerrend ferskynsel. De ‘globalisearring’ brocht de omkear: mei it tanimmen fan it wrâldnijs groeide it ferlet fan ynformaasje út de eigen omjouwing. Boppedat makke de technyk it ferslaan fan it nijs hyltyd makliker. De televyzje is ûntmytologisearre. Der brekke gouden tiden oan foar sjoernalisten mei in fideokamera.
| |
Moarnskranten yn 'e lift
Oft dat - mutatis mutandis - ek jildt foar it Frysk Deiblêd, al lange jierren yn 'e gefaresône, is fansels noch even de fraach. In foarm fan oparbeidzjen mei de Friese Pers is mislearre, de tekoarten bliuwe gefaarlik grut. Wol wie it Deiblêd foarich jier nei eigen sizzen de ‘snelste groeier onder dagbladen’ (22.093 lêzers, plus 795 oftewol 3,7 persint; yn 1995 wie der noch in ferlies fan 3,8 persint). Yn absolute sifers mocht de Volkskrant him ‘snelste groeier op stabiele dagbladenmarkt’ neame (368.400 eksimplaren, plus 7.200, twa persint). Nûmer ien is en bliuwt De Telegraaf (760.000, plus 0,5 persint), twads is (noch?) it Algemeen Dagblad (401.235, foar it earst wer ris mei in lytse winst). Fjirde yn grutte is NRC Handelsblad (272.300, plus 0,5 persint).
De totale oplage fan de deiblêden (hast 4,7 miljoen) wie yn 1996 justjes leger as yn 1995. It ferlies kaam foar it grutste part foar rekken fan de regionale kranten (Het Parool wie de iennige lanlike krante dy't sakke). Dat is in trend dy't troch liket te setten, ek bij de Ljouwerter Krante (110.989, min 0,4 persint) en it Nieuwsblad van het Noorden (136.905, min 2,6). Fyftjin jier lyn siet de LC noch op goed 114 tûzen lêzers en it Deiblêd op 25.490. De regio hie doe 58 persint fan de krantemerk yn hannen (no 55). In oare, algemiene trend is ôfnimmen fan it tal húshâldings dat in abonnemint hat (yn 1970 noch 104 kranten per 100 húshâldings, yn 1995 noch mar 72).
It ferlies yn de regio siet him foarich jier foaral bij de middeiskranten, groei wie der noch wol bij de regionale moarnskranten. Neat gjin wûnder
| |
| |
dus dat de Ljouwerter Krante de kâns om moarnskrante te wurden drok oan it ûndersykjen is (in rjochting dy't ek de eardere haadredakteur fan it FD ynslaan woe). De kosten binne folle heger, mar in moarnskrante soe de konkurrinsje mei de lanlike deiblêden better oankinne, tinke haadredaksje en direksje fan de LC. En dy striid wurdt aloan fûler. Hie De Telegraaf hjir yn 1981 noch gjin 20 tûzen lêzers, yn 1996 wienen it al hast 28 tûzen. Grutste groeier is hjir trouwens de NRC (fan oardel nei hast fjouwertûzen). De totale oplage fan lanlike kranten yn Fryslân wie foarich jier 48.211 (mear as twa kear dy fan it FD).
Bij al dy sifers moat, sa skriuwt it fakblêd De Journalist, wol in kanttekening makke wurde. De kranten witte dat de oplage yn septimber teld wurdt. Dêrom hâlde se dan krekt in grutte lêzersaksje. It Frysk Deiblêd die dat yn 1995 net, it jiers dêrop wol. It joech de haadredakteur ‘in goed gefoel’ dat dat goed slagge: ien fan 'e acht tydlike lêzers naam in fêst abonnemint en - moaier noch - de measten sieten yn de leeftydsgroep tusken de 25 en 45 jier. Dat jout hoop, al hat it FD mear noadich om te oerlibjen.
Salang't dit ‘christelijk dagblad’ der is, ferkeart Fryslân yn de unike situaasje fan twa goeie eigen deiblêden. Dat komt de pluriformiteit allinnich mar te'n goede. In ferskaat dat mei it takennen fan in provinsjale subsydzje oan it moanneblêd Frysk en Frij, ek foar de takomst wer wat better garandearre liket te wêzen.
| |
Staveringskonsekwinsje
It is ek in goed ding dat it Deiblêd de ‘ch’ noait út de offisjele namme skrast hat, al sil dêr yn 'e striid om it behâld en de modernisearring wol ris oer tocht wêze. Want dat giet soms fier, de oanstriid om histoaryske nammen oan te passen oan de moade fan de dei.
Nim no de Ljouwerter advyskommisje foar strjitnammen. Dy hat serieus gear west oer de fraach oft Ossekop en Muggesteeg fanwegen de nije stavering ek Ossenkop en Muggensteeg wurde moatte soene. Nei 1980 ha wy dat mei Fryske plaknammen hân: Raerd moast sa noadich Raard wurde. De nijljochters ha doe foar it grutste part har sin krigen. Gelokkich is it wat de measte Fryske strjitnammen en ek wat Trotwaer oangiet oant no ta bij it âlde bleaun.
Oars leit it wer mei de ûndertitel fan de Ljouwerter Krante. It earste dat good old Piter Terpstra op 2 jannewaarje die, wie sjen oft de LC him no - yn neifolging fan de Provinsje - ek ‘Hoofdblad van Fryslân’ neamde. ‘Mar nee, dat ha se spitigernôch net oandoard.’
|
|