Trioel
De wiere frou
Jetske Bilker
As de skriuwer de rekken fan it itentsje betelle hat grommelet er yn syn burd: ‘Dan drinke we mar kofje by dy, net?’
It fanke dat er dêrnei yn 'e jas helpt, sjocht blier, seit neat en knikt.
Bûten is it mar in eintsje rinnen nei har ienpersoanshúske.
As hja yn 'e keuken kofjesette sil besjocht hy har fan achteren. Syn lid groeit. Hy hat in moai lid. It kin mei in bytsje goede wil wol tolve sintimeter wurde. Hy knopet de gulp fan syn 501 los en sjocht dernei, mei grutskens, want it lid is moai rôse en hjoed sitte der net safolle pûkeltsjes oan 'e sydkant op as oars. Wat soe se der fan fine? Mei it lid yn 'e hân komt er yn 'e keuken.
‘Moatst ris sjen, hoe'n moai lid ik haw,’ seit er justjes hymjend.
Mei it kofjeskepke yn 'e hân sjocht hja hoe't er de keuken yn komt. Oja, dat is ek sa, tinkt hja, kofjedrinke is net it drinken fan kofje mar frije. Gau set se de kofjebus werom yn it kastje en giet nei hokker lekkens der op har bêd lizze.
Hja wol op him tarinne, mar hy is yn ien kear by har en triuwt har mei de rêch tsjin it oanrjocht. Dan wykt er justjes achterút, wylst er flústeret: ‘Sjoch no ris, nei myn prachtich grut lid, hast oait sa'nien sjoen?’
Mar hja bliuwt him oansjen en leit him de hannen op de skouders. ‘Ja, 'k leau 't al,’ seit hja, ‘mar dêr giet it dochs net om.’
‘Do sjochst net iens,’ ropt er, ‘do wolst dochs wol sjen wat ik aansen ûnder yn dy ferdwine litte sil.’
‘Nee, dêr haw ik gjin belangstelling foar,’ seit hja wylst hy yntusken har rokje omheechstrûpt en mei de hân har by it slipke yn glidet.
‘O,’ suchtet er, ‘wat mei ik graach fiele en piele.’
‘En ik hâld sa fan de yntimiteit,’ himet se.
Hy frimelet in skoftsje troch, fassineare troch de anatomy fan 'e geslachtsorganen. ‘Ik mei ek sa graach rûke,’ lústeret er har yn it ear, ‘fynsto dat ek sa lekker? En soest myn lid net even beethâlde wolle foardat ik it ûnder yn dy ferdwine lit?’
Har eagen geane iepen en sjogge him oan. ‘Lid? Wat lid?’
‘Minent fansels,’ lústeret er en mei pakt er har hân en leit dy om syn lid hinne. ‘Hoe fynst him?’ freget er.
‘Do bist leaf,’ seit se.
Syn lid is no wol tolve sintimeter lang mei in diameter fan trije sintimeter, roait er.
‘Wat hear ik dêr?’ bringt er út. ‘Wat sopket dêr