De man fan twa boeken
Ernst Bruinsma
Oer: Tr. Riemersma, In fearnhûndert ferhalen, Koperative Utjowerij, Boalsert, 1995. Priis: f 35, -.
... tweintich jier binne no lang om let de âlde ferhalen fan Trinus Riemersma út de kast opdjippe. De auteur hat se eigenhannich ôfstoffe en mei in soad oanstriid (yn alle betsjuttingen fan it wurd) tsjin it ljocht holden. It resultaat is in tige beskieden blomlêzing fan fiifentweintich ferhalen. De skriuwer hat syn kar meitsje kind út goed sechstich ferhalen, dy't yn in fier ferline hast allegearre bondele binne yn de boeken De duvel misbeteard (1967), Myn folk, myn beminden (1970), Oant de dea der op folget (1973) en Faai en fredeloas (1977). Noch mar ûngefear in tredde part fan tsien jier hurd arbeidzjen is úteinlik dus geskikt foar dizze werprinting.
Skreaun yn in lichtfuottige styl, is it ferfremdzjende effekt dat fan de tafrieltsjes út giet, frijwat opfallend. Fral yn de earste ferhalen wurde dertene spultsjes spile mei de wetten fan de logika en wurdt troch de ferteller op komyske wize mear as ien kear yngrepen as dat altyd oanwêzige needlot wer op 'e loer leit. Stadich mar wis wit de auteur mei help fan bysûndere ferteltechniken en in tige orizjinele grammatika, taal en dialekt, syn literêre eksperiminten in hieltyd bettere en mear oertsjûgjende foarm te jaan. Sa is yn it ferhaal ‘Early in the morning’ út 1972 sprake fan in fassinearjende men-ferteller (‘Men rint de stege troch de strjitte op. De spieren binne lekker soepel, de seks hat jins lichem goed dien. Men rint sa hurd as men kin op hûs oan.’) dy't wat dat oangiet tinken docht oan de gij-ferteller fan Louis Paul Boon, in auteur trouwens dêr't it wurk fan Riemersma oer en oer besibbe oan is.
Minder en minder is yn de lettere perioade sprake fan ferplichte figueren en fariaasjes op in tema of in teory. Ek syn satiryske talint en spotlust komme dan minder forsearre oer. Tenearsten, yn it betide wurk ferrinne de fertellings noch min of mear neffens in klassyk resept en sit it fenyn faak yn it absurdistyske slot. Letter moat de auteur it minder hawwe fan dit soarte fan forsearre keunstgrepen en ferliest ek de yntrige syn belangstelling. Hy wit dan op in ûnpersoanlik te neamen wize in sfear, in momint hast lichaamlik fielber te meitsjen, lykas yn wat my oanbelanget it beste ferhaal út dizze bondel, ‘It Túnfeest’.
Ik doel hjir op in stadige oergong fan in hast klassyke fertelling nei eat dat ik, om't ik gjin better wurd beskikber haw, in evokaasje neame wol; Riemersma sels hat it yn syn ferantwurding by dizze bondel oer ‘toanieltsjes’. Dizze ferhalen/evokaasjes dogge my ek tige tinken oan de ferhalen en romans fan de Grinzer skriuwer Gerrit Krol.
Mar úteinlik levert dit alles nei myn smaak hjoed oan de dei dochs in wat ûnlykwichtige bondel ferhalen op dy't net sa'n grutte yntrinsike