Trotwaer. Jaargang 29
(1997)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 65]
| |
Moaie blommen fen ús Frysce letterkroane (2)
| |
[pagina 66]
| |
is it ek wer net in samling fan samar wat anekdoates, lykas Jan WybengaGa naar eind3 mient: Hantsje Pik bliuwt net by alles deselde, der sit wier wol ûntjouwing yn syn personaazje. Ek al is hy ‘gewoaner’ as er sels wol mient (hy hat wurk, in frou, in bern en is monogaam), it binne wol hieltyd de yn syn eagen ferkearden, de ‘losse’ froulju, de hegerein dy't er de gek oan stekt. Hy moat ek neat ha fan stive tsjerkelju en oare minksen mei pretinsjes. It earste part fan it boek kaam út yn 1860 en rekke rillegau útferkocht. It twadde part, De libbensskiednis fen Hantsje Pik nei sîn troudei, of: it oarde boek fen De Frîske Thîl Ulespegel (1862) hat Dykstra skreaun om't de útjouwer him dat frege. Dat twadde part is wat mear ‘optocht’. Opfallend is wol de nofteren wize dêr't Dykstra op oer it hawwen fan bern en it houlikslibben skriuwt. Beide dielen kamen letter yn ien bân út.Ga naar eind4 By de foarm fan De Fryske Thyl Ulespegel fielt Dykstra him - sa liket it wol - frijer as by De silveren rinkelbel. Hy nimt mear de tiid foar anekdoates, typearringen en de taal is ek folle riker. In foarbyld: Nou barde't krekt om dy selde tiid hinne, do't ik to wrâld kaam, dat dêr by uzes yn 't gea in faem wier, dy 't selde oerkaem, hwet in hurddraver oerkomme kin: hja woan in priis, mar ferlear dêr in hoech-izer by. Roun-út sein, hja krige in grouwe jonge en hied er gjin man for. Froulju neamt Dykstra de iene kear ‘snippere dingen’, mar hy is ek wolris yn in oare stimming. ‘Wy hiene by úzes do sa'n stik twa trije fen dy klappermounlen fan wiven, dy't neat gjin drokte mei hjar húshâlding liken to habben.’ Samar in fragmint fan in petear. In man seit: ‘Mar och heden! dat die ús allike nij as fleanen (..) Wy swetsten dêr al wer tsjin, mar dy kearel hâlde oan as stof-rein.’ De haadpersoan observearret ek oan ien tried wei. Lastersucht is in kwael dy't yet al frij hwet ûnder de minsken hearsket. As men 't opmerkt, ho't sommige ljue hjar dêr oan oerjouwe, den scoe men hast sizze dat de rjuchtsinnige grifformeerden gelyk ha as se steande hâlde, dat de minske 't bield fan de Satan draecht. Jan Wybenga hat de krêft fan dit boek sa beskreaun: ‘Waling Dykstra komt yn dit boek nei foaren as humorist. De opset is sa dat by in bipaelde kategory lêzers sukses wis is: brike fiten, brike situaasjes, typen fan minsken. Flau, goedkeap, der is gâns in rige termen to bitinken om dit soarte fan skriuwerij mei ien streek yn it litteraire fordomhoekje to setten. Mar der is ien ding dat Dykstra der altyt trochskuort, by al de biswieren dy't men tsjin de opset, de ynhâld en de geast fan syn boek hawwe kin. Hy is in forteller, en ien fan it boppenste buordsje. Yn dit boek komme de bêst fortelde anekdoates út de Fryske literatuer foar, yn in tael sa kostlik en ryk dat er syn wjergea net hat.’Ga naar eind5 De meast slagge episoade is dy as Hantsje mei in groep rjochtsinnigen nei in dûmny reizget. Earst hat er der gjin nocht oan. ‘Ik tochte, as Hantsje Pik mei nei de goede dumnys bigjint to reizgjen, den komt it mot yn de brietten.’ Ier-en-betiid stekke se ôf. Underweis wurdt wakker praat oer de Bibel, dat ‘de skiep, dy't yn 't lân roanen, fen binaudheid op 'e flecht gyngen.’ | |
[pagina 67]
| |
Dykstra beskriuwt de tsjerketsjinst as in toeristyske attraksje, de tsjerke is grôtfol, mei minsken dy't om in plak fjochtsje. Der waerden ek al gûds hast deilis om de sitplakken. En dêr twisken yn hearde min in ientoanich gemompel en geprevel fen sokken, dy't op goede plakken sieten en mei suchten en kreunen hjar siele foar elkoar útgeaten. Hantsje syn oandacht wurdt foaral fêsthâlden troch in jonge frou, Meike. Hy treft har nei tsjerke by 't iten yn 'e herberch en bringt har letter nei hûs. Dat rint lykwols net sa't er it him foarsteld hie, hy wurdt by de foardoar ôfsâlte. De hiele episoade is in wûnder fan humoristysk skriuwen en skerp typearjen. De roman hat ek in leafdesyntrige. Hantsje is fersein oan Welmoed, mar dêr wol har heit neat fan witte. It duorret in hiel set (en der is in soad misbegryp, foaral ek wer oer in stellen horloazje) ear't it goed komt. Underwilens sjocht Hantsje likegoed nei oare froulju om. En dêr ried Hantsje Pik hinne mei twa fammen yn de wein: do wier ik in hele spekkeaper. 't Wier spitich dat se sa suterich en forroaid wieren fen 't merkjen. 'k Leau oars dat se hjar hântrekken net to goed hawn hiene fen dy twa sûgen fan feinten. Hja woene yet wol in grapke ha. Mar ik wier nofteren en fris en dus, de dreage mâlke dêr't oaren de reamme fen nomd hiene, dêr wier 'k net toarstich op. Sa soe men trochgean kinne mei sitearjen út dit werklik wûnderlik moaie boek. |
|