Trotwaer. Jaargang 29
(1997)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 54]
| |
[Nummer 2]Dwersreed
| |
[pagina 55]
| |
Piebenga tinkt dat dizze nije generaasje allang net mear docht: it lêzen fan profetyske foargongers as Douwe Tamminga en Hessel Miedema. Hy sil tinke oan de rigels fan dy earste foargonger dat jonge dichters yn Fryslân orgyen hâlde wylst se teetiid ‘betochtsum plúzje oan in bitterkoekje’. Mei dy wurden yn 'e achterholle sil er it advys fan dy oare foargonger opfolgje. Hy sil mei ‘de kul oer it skouder’ hurd fuort drave út syn heitelân om te sjen wat der noch mear te heljen is yn de grutte wrâld fan de poëzij. Soms harket er nei teksten út de popmuzyk. Soms sjocht er in performance dêr't dichters de lûdboksen finaal oan stikken raze troch it skandearjen fan Flaamske biermerken en antirevolusjonêre motto's as ‘Net als vroeger’. Soms sjocht of heart er poëzij op plakken dêr't er dy noait ferwachte hie. Soms lêst er gewoan in bondel en soms ek fan dichters út it Paleis fan de Fryske literatuer. Mar hy sil him noait earne by oanslute en hy sil al hielendal net om ‘aksje’ roppe.
Ut in frjemdsoartich nostalgy nei de tiid fan de - ismen en it net begripen fan de nije wrâld wei wolle guon minsken yn Fryslân sa'n dichter graach as ‘postmodernistysk’ betitelje, om sa mear gryp op de saak te krijen. Mar sa sil dy dichter himsels noait neame, al wie it mar omdat echte postmodernisten net iens yn soksawat as it postmodernisme leauwe. Alles dêr't de minske yn leauwe kin is úteinlik ommers mar in optocht ferhaaltsje. Dat neffens de postmodernisten dé realiteit net bestiet en dat taal neat seit oer de werklikheid, dat sil de jonge dichter as in feit akseptearje en hy sil him der fierder net al te drok mear om meitsje. Hy sil wol ris twifelje oan de realiteit dêr't de measte Fryske skriuwers yn libje. Hy sil him wol ris de harsens brekke oer hokker realiteit er no eins yn skriuwt en yn hokker Frysk at er dat dwaan sil. Mar himsels postmodernistysk dichter neame? Hy siket syn eigen paad wol yn 'e wrâld. En what's in the name? Hy sil dus gjin postmodernistyske-poëzij-paleis-revolúsje tsjin de werom-avant-gardistysk-foarút dichters útroppe.Ga naar eind1 Sels al wie er in postmodernist, hy leaut ommers nearne mear yn. Hy sil op syn heechst by it lêzen fan in stikje dêr't it wurd ‘revolúsje’ yn brûkt wurdt, it útbarste fan laitsjen om in realiteit dêr't men sa'n wurd noch op papier set. En miskien skriuwt er dêr wol in stikje oer.
Slute wy hjoed ôf mei in stik út in ‘postmodernistysk’ ferhaal fan Lolkje Hoekstra oer de jonge dichter en it Paleis fan de Fryske literatuer. En harkje goed. Kreakjend gong de kastdoar iepen. Dêr stapte de dwerch út. Hy hie de âlde duster fan ús mem oan. As in keningsmantel mei in lange sleep. De wide mouwen hongen oer de flier. Hy hold syn rjochterearm omheech en de mouwe sakke stadich ôf. Yn syn hân hie er in brief dy't er my oerlange. Ik lies myn namme en adres op 'e slúf. Ek dat ik in miljoen wûn hie, yn goudene letters. Dat brief soe ik net iepenje. Dat wie net oars as âld papier. | |
[pagina 56]
| |
er, kinst mar better wol dwaan. Der sit in gouden kaaike yn. Dy past op de sulveren doar dy't fan in glêzen kastiel de poarte is. Mar ik skodde de holle. It spyt my, ik leau der net mear yn. (Hjir, desimber 1995) De Fryske poëzij is sa dea as in paleisstien! Leve de Fryske poëzij! |
|