De auteurs
Jetske Bilker (1960) studearre Algemiene Literatuerwittenskip. Se wurket as learaar Frysk en is âld-redaksjeskriuwer fan Trotwaer. Har earste boek, de roman Imitaasjelear, hat krekt in opfolger krigen yn 'e ferhalebundel In nacht fan hûs. Se hat fierder in tal oersettingen op har namme stean.
André Bralts (1945) studearre Nederlânsk en Frysk. Hy is aktyf as sjonger/entertainer en is fierder bekend as kolumnist en âld-redakteur fan 'e Strikel.
Babs Gezelle Meerburg (1964) is letterkundige oan de Fryske Akademy te Ljouwert en de stúdzjerjochting Frysk oan de Universiteit van Amsterdam. Fan 't simmer hopet hja te promovearjen op in ûndersyk nei ‘fernijing’ yn De smearlappen fan Anne Wadman en Fabryk fan Trinus Riemersma.
Eric Hoekstra (1960) studearre Ingelsk en Algemiene Taalwittenskip. Hy wurket no op it P.J. Meertens Ynstitút by Dialektology. Hy ynteressearret him de lêste jierren in soad foar Nietzsche, en is op it heden dwaande Also sprach Zarathustra yn it Frysk oer te setten. Hy siket in koauteur en in útjouwer foar in Nederlânsk-Frysk idioomboek: in rûge kladde fan 220 siden leit yn it laad fan syn buro.
Lolkje Hoekstra (1968) skriuwt koarte ferhalen en toanielteksten. Se brûkt it Frysk en it Nederlânsk en wurdt yn beide talen publisearre c.q. spile. Foar twa ferhalen krige se de Rely Jorritsmapriis, yn 1994 en 1995. Yn 1993 wûn se de earste AFUK-jongereinpriis. In pear fan har Nederlânske teksten wurde yn maart 1997 spile troch Het Jachtgezelschap yn it Grand Theatre (Grins). Yn it ramt fan de foarstelling Hertejacht spilet Tryater in Frysktalich stik. Se wennet yn Grins en wurket by de Albert Heijn as... fleiwarenfamke.
Jan Pieter Janzen (1945) is learaar skiednis yn Ljouwert en redakteur fan Trotwaer. Earder siet er yn 'e redaksje fan it moanneblêd De Strikel. Hy skriuwt oer (kultuer-)histoaryske en kultuerpolitike ûnderwerpen. Hy makke tegearre mei Freark Dam Boekje iepen. It Fryske Boek 1934-1984. Wurket mei oan it takom' jier ferskinen hânboek foar de skiednis fan Fryslân.
Albertina Soepboer (1969) is redakteur fan Trotwaer en wurket as skriuwster en publisiste. Hja publisearre yn it Frysk de bondel Gearslach en yn it Nederlânsk De hengstenvrouw. Dit foarjier ferskynt har twadde Fryske bondel De twirre yn 'e tiid.
Doeke Sijens (1955) is redakteur fan Trotwaer. Hy skreau mei Henk van der Veer In útjouwerij fan QuizeQuânzje, it tinkboek by it 25-jierrich bestean fan 'e Koperative Utjowerij. Hy skriuwt fierder koarte ferhalen.