Trioel
Frysk feest (2)
Jan Pieter Janzen
De leden fan it Skriuwersboun ha har yn de hjerstgearkomste mei de grutst mooglike mearderheid útsprutsen tsjin it hâlden fan in grut Frysk Feest yn 1998. No ja, se seinen it yn in brief oan Deputearre Steaten fansels wat freonliker: de skriuwers fernuverje har deroer dat ‘krekt dít foar Fryslân en de Friezen dochs wat nuodlike histoaryske feit [it baas wurden fan Albrecht fan Saksen yn 1498] oanlieding wêze moat ta in grut feest’. Se fregen har ek ôf oft der goed rekkenskip mei hâlden is/wurdt, dat troch dit feest net oare, miskien al yn gong setten aktiviteiten [it Frysk Festival en Simmer 2000] yn 'e knipe komme’.
It antwurd kaam binnen fjirtjin dagen. DS namen de útspraak fan it Skriuwersboun ‘foar kundskip’ oan en leinen nochris út wat harren besielt: ‘Fryslân bestiet fansels al folle langer as fan 1498 ôf. It bliuwt lykwols in feit dat 1498 in kearpunt yn 'e skiednis fan ús provinsje west hat, in feit dat ek as sadanich field wurdt. Doe is de grûnslach lein fan in sterk oerheidsgesach.’ En dy oerheid wol no in feestje bouwe foar it hele Fryske folk - wat neffens har net weinimt ‘dat de aktiviteiten dy al yn gong set binne dan ek gewoan troch gean kinne’.
Earder al hie kommissaris Hermans yn in besletten gearkomste de fraksjefoarsitters op it hert bûn har foaral posityf op te stellen. Leaver gjin krityk dus, want dat soe in negatyf effekt hawwe kinne op de potinsjele sponsors (dy't twa miljoen op it kleed bringe moatte). Letter besaude er him yn it iepenbier oer it gebrek oan entûsjasme en oer it ‘cynisme’ yn Fryslân.
Konklúzje: de kommissaris hat him sa mei hûd en hier oan it slagjen fan dit prestiizjeprojekt ferbûn dat it allinnich om dy reden al troch gean moat en sil. In ton mear as minder docht der no net mear ta.
En sa koe it gebeure dat neist it miljoen dat al begrutte wie, nochris 450 tûzen gûne frij makke waard. Op sa'n slûchslimme wize - fia in ûnopfallende oanfolling op de begrutting op it alderlêste momint - dat it sels de meast trouhertige fraksjes oer de meuch gong.
It ferwar fan de kommissaris wie tekenjend: ‘Je zou ook met allerlei creatieve vormen van boekhouden de zaak kunnen trachten te camoufleren.’ De deputearre foar finânsjes gong noch in stapke fierder: hij miende dat de Steaten it krekt wurdearje moasten dat DS iepen kaart spilen en de ekstra kosten net yn de provinsjale boekhâlding weimoffelen. De fraksjes gongen foar ditsoarte taktiken lykwols net omlizzen. Se