Trioel
Grut Frysk Gebaar
André Bralts
Ik woe hjoed graach in ûnderwerp mei jim besprekke dêr't ik wat tsjinoan skytskoarje. Myn ûnderwerp is: It Grut Frysk Gebaar. Ik haatsje It Grut Frysk Gebaar: it is fierwei de wichtichste reden dat ik suver alle Fryske kulturele hichtepunten skouderje moat. Moat? Ja, moat, want it Grut Frysk Gebaar is oeral: op dichtersjûnen, op 'e radio, it toaniel, yn 'e film. It Grut Frysk Gebaar liket in net út te roegjen firus dat ornaris sliept mar dat fuortdalik opsprekt as in Fries yn 'e buert fan in poadium, mikrofoan of kamera komt.
It is gjin idelheid dy 't it Grut Frysk Gebaar genereart, in Fries is ommers absolút net idel en mei de narsistyske skamteleazens fan de ‘stjerren’ fan RTL hat It Grut Frysk Gebaar aldergeloks neat te krijen. It is earder krekt oarsom: dizze quantités negligables fine dat se mei it fertoanen fan har kop al mear as genôch dien ha, wylst in Fries dan krekt ekstra syn bêst docht. It Grut Frysk Gebaar as foarm fan oerkompensaasje foar stiif en foarmlik gedrach yn it deistich libben? Sympatyk, mar de gefolgen binne rampsillich.
Wat is no krekt It Grut Frysk Gebaar? Benammen it tefolle: te swier, te loch, te fet. In ienfâldich lietsje krijt in patos as wiene wy by de stjersêne yn La Traviata. By it Eurofrisy-songfestival, ‘Liet’, sjoch ik faak in ophimsels goede tekst folslein de mist yngean: net troch in ferkearde begelieding, net troch falsk sjongen, mar troch It Grut Frysk Gebaar. In fers wurdt noait sein, mar útraasd yn 'e bêste tradysje fan it Winterjûnenocht. Ik seach okkerdeis by Omrop Fryslân in stikje fan ‘De Gouden Swipe’, mei as ferteller en haadrolspiler ús grutste Fryske akteur. Us grutste Fryske akteur is de absolute personifikaasje fan It Grut Frysk Gebaar: hy behearsket It Grut Frysk Gebaar oant yn syn subtylste finesses, nee, hy is It Grut Frysk Gebaar sels wurden. Elke syllabe klinkt as in pistoalskot, simpele meidielings krije de gloede mei fan 'e Berchrede en as it oan de Berchrede ta is, âlet de orkaan ‘Dolly’ oer it flakke Fryske lân.
Dat is ek myn beswier tsjin It Grut Frysk Gebaar: as it gewoane al sa opblaasd wurdt, wat foar romte bliuwt der dan noch oer foar it bûtengewoane? Lykwols wurdt krekt It Grut Frysk Gebaar troch it publyk wurdearre as ‘tige Fryskeigen’. Ik krij allinnich al it soer fan de toan dêr't it ornaris op sein wurdt: dweperich, bernlik en selsynnommen, as wie it in foarrjocht om yn in reservaat te wenjen. It Grut Frysk Gebaar hellet ús omleech, wy dogge ús der sels te koart mei. It moat útroege wurde. No!