De earste fideo wie Murk mar min nei't sin: it wie in man dy't in frou ûnderpisse - dêr hie er net oan tocht, dat dat ek koe. Hy seach him net út en die de twadde der yn. Dat like better. Hy helle de bûsdoek út 'e bûse en de kul út 'e boksem. It frommes op 'e fideo sei yn it Dútsk dat hja altyd al graach in man oer de kul pisje wold hie. Hja gie yn bad stean - je koene it net sa mar yn 'e keamer rinne litte, al miende Murk dat der estrikken oer de flier leine - en de kamera die har bêst de minutiae fan it barren fêst te lizzen. Hja dripke noch wat nei doe't Murk tsjin syn hichtepunt oan siet.
‘Wat sil' we no ha.’ Feike stie yn 'e doar.
‘Ferdomme, hiest net even oanklopje kind,’ stinde Murk, wylst syn hert him hast de kiel út sprong. Hy waard fjûrread, ropte oan 'e rits en doe't dy net ticht woe, die er de trui der oerhinne. It frommes wie ûnderwilens it bad út skommele en in nije shot liet in grou efterein sjen dêr't in kul yn op en del gie. Murk skeat oerein en pakte de ôfstânsbetsjinning. Feike wist net hoe't er der mei oan moast. Hy woe eins wol wer fuort mar syn fuotten woene net. Hy wist ek net wat er sizze soe. In hiel skoft stiene de mannen inoar tsjinoer. De harsens koene it net oan. Lang om let sei Murk: ‘Ik wit wol, wy rinne sa by inoar yn en út, mar klopje dan op it rút ast der oan komst.’
Dat bruts it iis wat. Feike sei: ‘Mar hoe koe ik no witte datsto nei sokke dingen sjochst. Ik miende datst der altyd fan dy aksje- en moardfilms op hiest.’
‘No ja... Dêr hast ek neat mei nedich. Ik kin yn hûs dwaan en litte wat ik wol. En at ik in seksfilm sjen wol, dan moat ik dat sels witte. Dêr ha 'k dy net by nedich.’
Dêr koe Feike wol ynkomme en hy draaide wat by. ‘Hast it hjir oars aardich op temperatuer. Dy kjeld by my, ik krij der stive skonken fan.’
‘Gjin gas en elektrysk betelje en de waarmte en it ljocht hjir wei helje, tink.’
‘Ljocht ha 'k wol, dat witst, mar goed, by in kears sjochst ek net it meast, en altyd dat blikfretten op it petroaljesteltsje - it hiele hûs stjonkt der nei.’
‘Ik begryp ek net hoe 'st it úthâldst. Kinst better wat minder sûpe en dyn rekkens betelje.’
‘Hoe soe 'k no dy tsientûzend gûne ôflosse kinne. Fertel do my dat ris. Ik soe my oars noch foar gjin gûne troch in frommes bepisje litte wolle.’
Murk seach nei syn krús en fernaam dat it guod noch hieltyd de boks út hong. Hy draaide him om, seach de dyk út, die de ritssluting ticht en iggewearre: ‘Mar do betellest dêr ek neat. Meist bliid wêze dat se dy der net útskoppe. Dy âlde wyfkes njonken dy sjogge dy ek leaver kommen as gean.’
‘Ik sit simmers net bûten op in krat bier foar de doar foar my út te sjongen. Ik soargje net foar oerlêst.’
‘Goed, ik ha myn nocht fan dit kutkammen,’ sei Murk mismoedich, ‘ik ha gjin buorlju. De hiele boel stiet hjir ommers hast leech. En Zonderland en de frou, dy komme allinnich har útrikke hoal út om nei de winkel of nei de dokter ta. Tochst dat ik my om dy ronfelkoppen bekroade. Dy