De roman hannelet oer Tim dy't mei Els trout en dy't it net slagget lokkich te wurden. Se wenje yn it hûs dêr't Tim syn hiele libben al yn wenne hat. Yntusken komt - de foar Els stilhâlden soan Makke - lâns en wurdt Tim stadichoan blyn oant er oan 'e ein de dea fynt.
Dy relaasje op himsels is goed útwurke. De ferfeling fan Els yn dy âlde tsjustere keamers mei mufrûkende stuollen en it ûnbegrip en de ûnhannige hertstocht fan Tim dêrfoaroer, soargje foar de moaiste stikken fan dit boek.
Mar beskriuwing fan de delgong fan dat houlik sil net it haadtema fan dit boek wêze. Dat is it ferliteratuerde libben fan Tim Buma, dy't de tried fan it gewoane libben net mear oppakke kin, ek al krijt er ynienen safolle kânsen en hat er ek genôch meimakke.
Dy twa tema's (it houlik en Tim dy't ‘net libbet’) wurde tagelyk útwurke en dat makket it wat in ûnevenwichtige roman. Oan 'e ien kant is it moai realistysk en ynfielber, oan 'e oare kant bliuwt de roman fier fan jin ôf stean omdat de haadpersoan folge wurdt, sels mei de foarm fan de tekst.
Sa binne der de njoggentjinde ieuwske haadstiktitels: ‘Wurdt it no gjin tiid om dy lokkich te fielen?’ hyt haadstik ien. Dêr wurdt men wol even kjel fan. We binne net mear wend dat we daliks sa by de earm pakt en meinommen wurde.
Wat ek yn de hjir neamde titel nei foaren komt, is dat de skriuwer him net mijd hat grutte wurden te brûken dy't tsjin in klisjee oanhingje. It komt feral yn 'e haadstiktitels foar: ‘Miskien is it wol te let om jin lokkich te fielen’ hyt haadstik 12.
Sels yn de alderearste alinea komme wurden foar mei in fierdragende betsjutting, sa as ‘lok’ en ‘grutte dreamen’. In dryst begjin, men moat wat oandoare om fuort op 'e earste siden de dreamen, libbensferwachting en de driuwfearren fan 'e haadpersoan bleat te lizze. Sokke passaasjes helje it boek ek út it lykwicht, omdat se algemiener lykje troch de filosofyske toan.
Wat de funksje fan sokke swier oandwaande stikken en haadstiktitels is, haw ik net ûntdekke kinnen, of it moat wêze dat Tim syn romantyskklassike ynslach dermei ûnderstreke wurdt. Dan soenen it sinnen wêze kinne yn it boek dat Tim oer himsels skriuwe wol en dat úteinlik yn twa haadstikken skreaun wurdt, as er net mear sjen kin wat er op papier set. Dêr't dan daliks mei bewezen is dat it mar goed is dat Tim dat boek net skreaun hat omdat er gjin doel hat oer subtiliteit.
Dat hat de skriuwer wol en de delgong fan it houlik fan Tim en Els wurdt feral yn beskriuwings fan harren gedrach en de dialogen dúdlik. Dan wurde de sitewaasjes plastysk en natuerlik oanjûn en steane se yn kontrast mei de hjirboppe neamde swiere stikken. De passaazjes oer Tim dy't âlder wurdt, dy't syn gebit skjinmakket, en Els, dy't ridlik jong en moai is en make-up oanbringt wylst se nei harsels yn 'e spegel sjocht, binne hiel moai.
Tim rekket út it wurk en wurdt stadichoan blyn. Dan komt Makke nei Jehannesgea en komt de moard út dat Tim in soan hie. No moat it allegear wol mislearje. It is my alwer tefolle drama. Sûnder Makke syn weromkommen, fereale wur-