Trioel
Frou wêze yn Fryslân
Albertina Soepboer
In setsje ferlyn ferskynde it boek Leafste lea fan Eelkje Tuma by de Koperative Utjowerij. Ein novimber lies ik yn de Ljouwerter Krante (22-11-1996) in fraachpetear mei de skriuwster dy't fertelde dat it boek ûnder oaren oer anoreksia gie. Goh, tocht ik, einlings wer in jonge frou by de KU dy't oer moderne saken skriuwt. Dat kinne se dêr wol brûke yn har literêre wy-binne-deaardige-jonges-mei-lang-hier klup.
Grut wie myn ferbjustering doe't ik it boek yn hannen kriich. Wêrom hienen se yn godsnamme in foto fan in bleate frou sûnder fuotten of gesicht en mei it liif fan in fotomodel op it omkaft setten? Ik moast slikke en net omdat dy frou bleat is, nee, ik hâld wol fan bleate froulju en dan leafst yn alle soarten en maten, lykas ik ek tige fan bleate manlju hâld. Mar de foto lit in folslein anonym liif sjen dat gjin inkelde útdrukking hat en dat is presys wêrom't froulju dy't anoreksia ha har úthongerje. Se wolle in liif dat meager en dus yn 'e eagen fan ús maatskippij moai is. Froulju dy't anoreksia ha wolle net opfalle, se wolle aardich fûn wurde en hongerje har dêrom út. Om úteinlik krekt sa perfekt te wurden as de frou op it omkaft. Sûnder in folslein liif en sûnder in eigen lûd. Lês it boek fan Eelkje Tuma mar.
Doe't ik wat fan myn ferbjustering bekaam wie, ha ik it boek oan in tal freondinnen sjen litten. Se barsten it út fan laitsjen doe't se hearden dat it oer anoreksia gie. ‘En dan sette se der sa'n foto op?’ frege ien fan har. Se fûnen it allegearre ek wat tryst, want hast eltsenien koe wol in frou mei anoreksia. It ferbaasde my dan ek net dat de skriuwster net wiis wie mei de foto dy't útsocht wie troch in oare ‘aardige jonge’ fan de KU, Teije Brattinga (Dockumer Krante, 21-11-1996). En yn datselde artikel kaam ek it anwurd op myn ‘wêrom yn godsnamme’ fraach. Ut 'e mûle noch wol fan it stamhaad fan de literêre jongesklup Trinus Riemersma himself: ‘De haadpersoan is just ferskriklik dwaande mei har lichem. Dy foto past perfekt by it boek.’ Just ja. Perfekt.
In pear dagen letter stie der in besprek fan Jelle Krol yn de Ljouwerter Krante (29-11-1996). ‘In flecht yn lesbyske leafde’ hie er it stik as titel jûn. Wer moast ik slikke. Wat soe dat no wer wurde? Fierderop yn it stik ferklearret Jelle Krol de titel: ‘“Leafste lea” giet dus perfoarst net oer in folweardige lesbyske relaasje. Krekt lykas homo's faak yn heteroseksuele relaasje flechtsje om har feiliger te fielen, flechtet Riemkje (de haadpersoan-AS) yn in lesbyske ferhâlding mei José.’