Trotwaer. Jaargang 29
(1997)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 20]
| |
Moaije blommen fen ús Frysce letterkroane (1)
| |
[pagina 21]
| |
Hy begjint mei in foarwurd, dêr't er yn blike lit, dat er wol wit hokker gefaarlike ‘wetterstreamen’ der binne. Hy ‘drieu ek în wille mei folle oaren hinne’ mar ‘foar dat it unk barde liet er him oan wal sette, en no hopet er nimmer wer op dy weagen to silen.’ Dochs lit er útkomme, dat it ferhaal net autobiografysk is. Guon saken binne wier bard, oare hat er sels betocht. ‘Kortom, it teltsje is in gearstelde flier (mozaîk).’ De lêzer dy't mient dat it allegear frijwat oerdreaun is, wiist er op ‘de knappe Amerikaensche frou Harriet Beecher Stowe.’ Har ‘Hut fen Oom Tom’ fûn men ek oerdreaun, oant bliken die dat it allegear noch folle slimmer wie. Geregeldwei sprekt er dan yn it ferhaal de lêzer noch werris oan. Yn ‘In lyts haedstik twisken beiden’ brûkt er trije siden, dy't neat mei it ferhaal te krijen hawwe, om in oplossing te sykjen foar it probleem fan skippersfolk dat by 't winter mar wat omhinget. Sa'n trant fan skriuwen wurdt fansels tige âlderwetsk fûn, mar it hat yn dit boek dochs sjarme. Likegoed as de observaasjes oer dat it opsluten fan minsken eins gjin doel hat. Syn logika is oertsjûgjend, bygelyks as er seit: ‘Dêrby komt dat er în't tichthûs ek folle leard het en folle eigenwiisder thûs komt, as er ûtgong. Hy het leard ho men gau rîk wirde ken, as men mar op it iepenst is. Hy het leard ho mei slûkjen, mei falske mint ensf skatten to winnen benne.’ Van der Meulen hat net folle yllúzjes oer de minsken. Eins doocht net ien fan syn persoanen, mei de measten komt it ek net goed, mar net earder as op 'e lêste side wurdt er in moralist. Dan ek wurdt er sentimenteel. ‘(..) Mar dy him sels teamet en oerwint dy scil libje, in frede mei God en him sels, ta oan sîn libbensjoun.’ Fierders is er in nofteren skriuwer, dy't moai krekt syn haadfiguren typearret. Hy is net al te bot belutsen by de lju, sadwaande kin er har prachtich observearje. Hy brûkt ek aardich wat irony. ‘It ein fen de grap wier, dat Pier mar ùtseach om bûsjild master te wirden, om deis en jouns butendoar to wèsen, hwet er binnen doar net wèse mochte, den dat wier - baes. Mar boer Pier blieu dèr altiden ek gjin baes, dèr bûten rekke er wer onder immen dy yet sterker wier as hy, en dat wier de drank.’ Of: ‘It moeit my hjir yet sidse to moaten, dat domeny en jiffrou thicht nei in oar foar in pear jier allebeide oan in beroerte stoarn benne. Dat is meast al it lot fen alle sûpers dy fen de drank dye en fet wirde.’ Fierders falt ek de humor op. Oer de dûmny en syn frou: ‘Domeny dronk jenever, en jiffrou brandewîn. Jiffer die dat om trye dingen. Forearst om de jicht ût it lofter skalderblèd to fordrieuen, ten twaden om de jicht net in 't rjochter skaldersblèd to kryen, ten tredden om dat se it graech mochte.’ Of oer de boargemaster, dy't hurdhearrend is, en dy't op sneontejûns nei de dûmny giet om't er witte wol hokker psalmen der songen wurde sille. Dan komt der drank op tafel. ‘De boargemaster, dat in ongetroud swier ald feint wier, mei mear ligchem as geast, forgeat sokke jounen al faek it steatsbestjoer, de gemienterie, ja de hiele gemiente, him sels ek wol ris, en de tex en salmen foar d'oare deis meast altiden.’ Fansels, it ferhaal hat somtiden wol wat fan in | |
[pagina 22]
| |
klucht, mei twa stellen horloazjes, in klok dy't efterút set wurdt, en in slachte nofteren keal, dat yn in bêd lein wurdt. Mar echt flau wurdt it net. It ferhaal oer Simen syn krupsje is tragysk, en dat oer it meitsjen fan in kiste foar in ferstoarne widdo is komysk en tragysk tagelyk. Poortinga neamt ek noch ‘it rimte’ fan Van der Meulen syn proaza. ‘Dat hat soms hwat lichts, hwat aparts oer him, gâns mear “Schwung” as by hast alle oare njoggentjinde-ieuske Fryske proazaskriuwers.’ Ta bewiis hellet er side 48 oan. Dat is ek wol ien fan de moaiste stikken út it boek en in bewiis fan Van der Meulen syn fakmanskip. Ik seach ris in faem op Birgermerke, sa flink fen lea as knap fen holle, mei in pear eagen, dy't hert fen jong en ald weitôgen. Ik frege it knappe fanke as se mei my merke halde woe, en hia sei fen ‘ja!’ - en hia miende fen ja. En freugde brocht ús by ien, en freugde brocht ús wer fen elkoar of. Nei in skiedinge fen wit ho lang, brocht de wîde wîde wrald, dy sims yet to nau is, ûs wer by ien en ik foun it moaye famke torêch - as in forachtlik wiif, as in skandlike mem, dy hiar bern kiermje liet fen honger, en hiar nearne oer bikommere as se sels mar in romerfol jenever krye koe. Twisken de moaye faem fan alear, en it ellendich menske fen nou seach ik gjin oerienkomste, om't ik miste de storie, dy dèr twisken lei. Mei hiar kaltsjende oer ald en ny, kaem ik lykwols to witten, ho't it mei hiar roan wier, en do waerd it my dûdlik ho it iene it oare foartbrocht hie: |