Trotwaer. Jaargang 29(1997)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 16] [p. 16] Eric Hoekstra De floeibere bân It is de floeibere bân dy't ús bynt at de jûn ús op it Saailân fynt en we dronken rêch oan rêch de stjerren telle mar neat ha om mei te beteljen, it paad fan 'e bierloaze dief betinke, it brike geheim dat ús bêdet, it is de floeibere bân dy't ús bynt. It is de floeibere bân dy't ús bynt at de nacht ús mûlen leech slynt. Troch glûpske strûpen yn it skom sobje we op de sidesêfte barchjeblommen om, we ferteare wat we eare en oarsom: it is de floeibere bân dy't ús bynt. [pagina 17] [p. 17] Op it nachtskip Ik ha it hea yn 'e skuorre riden en de skuorre fannacht ferstjoerd nei de West en my derby; it skip fike blauwe krassen yn it iis en de stjerren glieden by de hoannebalken del, sprongen it hea yn en trouden mei de blommen. De roazen dûnsen it foardek op en del en wonken nei seelju mei broeken fan flewiel en himden fan rip en ringen yn 'e earen dêr't de slangen troch krûpten en har gif ferlearen. De narsissen hongen oan 'e fokstôk fansels, ta eare fan harsels. De god rûn it foardek op en del en biet yn 'e apels, aaike blêden; hy lake doe't de tigers him besprongen en stapte troch it giele gat fan 'e moanne yn 'e himel. Dy fallende stjer is syn: - boarne. [pagina 18] [p. 18] Boarne Ik soe te iten yn it Hilton hotel. Ik siet knap yn 'e klean en goed yn it fel en mear as dat, mei in aardige faam, dy koe 'm wol ha, ik koe it net op, Myn Gelok, we hienen oesters en fisk, gjin bonkjes (dy earsten) gjin skelpkes (dy lêsten), we frieten kelp by it tobfol, echt wier bioatysk en hienen in wille by it byfstik, iroanysk. Earst lei der iis yn 'e grêft, letter fûnen we snieklokjes by de oar yn 'e mûle en bellen fan lucht en in rea fornús en in sifeljende slange fol wetter. [pagina 19] [p. 19] It segel fan 'e macht Jou my in ûnbeweegber hert in hert fan stien, in brânkast dêr't it kapitaal yn tanimt en it frouljusfolk omhinne rint mei eangst yn 'e eagen en de gruttere wil te leauwen yn it bakte byld yn de reade ûn. Jou my in ûnbeweegber hert in hert fan reade bakstien in hert fan wyt semint dêr't de hier fan te heech wurden is en foar myn fans in hûs fan âlde kranten en in tonge foar it slikjen fan myn wanten. Jou my de pauselike ring jou my it segel fan 'e macht jou my it allerhurdste ding: in ûnbeweegber hert. Vorige Volgende