Trotwaer. Jaargang 29
(1997)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 7]
| |
Rosalía de Castro en de siel fan Galisië
| |
In aparteling yn SpanjeDe autonome provinsje Galisië leit yn it uterste noardwesten fan Spanje. Yn it westen en it noarden wurdt it omklamme troch de see, yn it suden grinzet it oan Portugal en yn it easten skiede bergen it ôf fan de rest fan Spanje. Binne de kleuren fan it Spaanske lânskip read en giel, it lânskip fan Galisië bestiet út it blau fan de see en it grien fan de bosken en de bergen. It reint der in soad en it docht kwa lânskip en klimaat mear tinken oan Ierlân as oan Spanje. Dy geografyske situaasje hat der foar soarge dat Galisië noait echt by Spanje heard hat en dat it der altiten krekt wat oars wie as yn Spanje, ek op literêr mêd. De taal dy't yn Galisië sprutsen wurdt is in krusing tusken it Spaansk en it Portugeesk. Sa'n 80 oant 85 prosint fan de ynwenners (3.000.000) praat Galisysk.Ga naar eind2 It is in taal dy't foaral troch it folk sprutsen wurdt en de sosjale status fan it Galisysk is noch altiten bysûnder leech. De taal hat trije haaddialekten dy't wer ûnderferdield wurde kinne yn in tal subdialekten. Nei de dea fan Franco is it Galisysk yn 1981 erkend as in offisjele taal en hat Galisië ek de status fan in autonome provinsje krigen, dat sadwaande kinne se no oer tal fan saken sels beslisse. De skiednis fan Galisië is nochal oars as de offisjele skiednis fan Spanje. Yn 1000 foar Kristus komme de Kelten yn Galisië oan. Noch altiten binne der hiel wat spoaren fan dizze foarfaars te finen. Yn de tradisjonele muzyk wurdt bygelyks gebrûk makke fan in doedelsek, ‘gaita’ yn it Galisysk neamd. Mar ek op it karakter fan de literatuer sille de Kelten har fameuze stimpel sette: in fassinaasje mei de dea en in melangoalyske ynslach. Noch wichtiger binne de ferhalen | |
[pagina 8]
| |
dy't de Kelten mei har meinimme. Yn 300 foar Kristus ferskine de Romeinen yn Spanje dy't in grutte ynfloed op de taal en de kultuer hawwe, mar troch syn geografyske posysje hat Galisië noait hielendal romanisearre west. Noch wichtiger foar Galisië is dat it noait kontakt hân hat mei de Arabieren dy't yn 711 nei Kristus Spanje besette en úteinlik pas yn 1492 nei in ieuwenlange ‘Reconquista’ ferslein wurde. De ynfloed fan de Arabieren op de Kastiliaanske (Spaanske) literatuer kin amper oerskat wurde, mar hat op de Galisyske literatuer inkeld hiel yndirekt ynfloed hân. At yn de tolfde en de trettjinde ieu Galisië troch de pelgrimswei nei har haadstêd Santiago de Compostela ien fan de wichtichste beafeartsplakken fan it Westen is en de Galisyske literatuer harhichtepunt berikt, wurdt de ynfloed fan de Kelten en de ôfwêzigens fan de Arabieren dúdlik. Wylst yn Kastilië de ridderroman El poema de mío Cid ferskynt dêr't inkeld gefjochten tsjin de Arabieren yn beskreaun wurde en dêr't it dochs foaral oankomt op it ‘machismo’ fan de ridders, litte de ‘cantigas’ (fersen) yn it saneamde Galisysk-Portugeesk in hiel oar lûd hearre. Ynspirearre troch de ridders fan Arthur, giet dy poëzij oer it inerlik libben fan de minske, oer de leafde en foaral oer de smert fan de leafde. Troch de pelgrimswei nei Santiago de Compostela komt ek de ‘hoofse’ leafde yn de cantigas. Yn de hoofse leafde, dy't syn oarsprong fynt yn de Provence yn Súd-Frankryk, is de frou it ûnderwerp fan in enoarme oanbidding fan har ridder. Hy besjongt har as in soarte fan goadinne dy't hy as lytse man noait besitte sil en hoe sear him dat docht. Wylst yn in soad hoofse poëzij de frou ek sosjaal in hiel ein boppe de man stiet, is dat yn de cantigas net sa. Dêr is sy in hiel gewoane frou en freondinne. Yn de trettjinde ieu skriuwt sels de ferneamde kening Alfonso X fan it keninkryk Kastilië-Leon (1252-1284) syn poëzij yn it Galisysk-Portugeesk. De cantigas sille in enoarme ynfloed krije op de Kastiliaanske lyryk dy't yn de 15e en 16e ieu opkomt. Mei de hieltiten sterkere posysje fan Kastilië yn Spanje komt der in ein oan it omtinken foar de cantigas út Galisië. Yn de fyftjinde ieu giet it sintrum fan de macht hieltiten mear nei Madrid ta. At de Gouden Ieu (16e en 17e ieu) foar Spanje begjint, sil Galisië al hielendal nei de achtergrûn ferdwine. Se profitearje net fan de hannel | |
[pagina 9]
| |
yn skieppewol en mei Súd-Amearika dy't Spanje sa ryk makket yn de Gouden Ieu.Ga naar eind3 | |
De ieu fan opstân en feroaringIeuwenlang ferdwynt de namme Galisië sawat fan de kaart fan Spanje. Ek de befolking ferdwynt troch de ferskriklike earmoede nei oare parten fan Spanje of nei Súd-Amearika. Dat feroaret yn de 19e ieu at de ynfaazje fan Napoleon Spanje as struktuer hast fernietiget en it sintralisme ôfswakket. It idee fan frijheid wurdt ek yn Spanje berne. Yn 1846 pakt in tal minsken de wapens op om foar mear selsstannichheid fan Galisië te fjochtsjen. Dat mislearret, mar dy striid sil wol syn spoaren neilitte yn it kulturele libben yn Galisië. Der wurdt net allinne mei wapens socht nei in eigen identiteit, mar ek troch omtinken foar de eigen kultuer. Under ynfloed fan de Romantyk dy't in soad omtinken hat foar eigen skiednis, sêgen en leginden en de natoer, begjinne se nei har woartels te sykjen. Lykas de bruorren Halbertsma yn Fryslân dogge, sammelje de skriuwers fan Galisië ek harren ferhalen en fersen. Yn dy roerige tiden wurdt Rosalía de Castro yn 1837 berne yn Santiago de Compostela as bern fan ‘ûnbekende âlden’. Omdat har heit pryster is, kinne sawol har heit as har mem har net fuortendaliks erkenne as har dochter. Dat ûngelokkige feit hat in grut part fan har libben bepaald. De earste jierren wurdt se opbrocht yn it hûs fan de suster fan har heit op it plattelân. In pear jier letter komt se by har mem te wenjen yn Padrón dy't har dan ek as har dochter erkent en letter ferhúzje se nei Santiago de Compostela. Yn dy stêd komt se at se wat âlder is faak by it ‘Liceo de la Juventud’, in kulturele jongereinorganisaasje dêr't Rosalía yn kontakt komt mei de Galisyske dichters Aurelio Aguirre en Eduardo Pondal. Mei de famylje fan Pondal giet se yn 1853 nei Muxía dêr't se har earste novelle skriuwt ‘La hija del mar’. (De dochter fan de see) Yn datselde jier is der yn Galisië in hongeropstân en komt it folk út de bergen nei Santiago ta. Yn 1856 ferhuzet Rosalía de Castro mei har mem nei Madrid dêr't se de Galisyske sjoernalist en argivaris Manuel Murguía moetet. Yn 1858 trouwe se. Yn de jierren dy't folgje sille se in soad ferhúzje troch it wurk fan Manuel Murguía oant Rosalía yn 1871 foar altiten yn Galisië bliuwt. Se krijt sân bern, mar har sûnens bliuwt in swak punt. Yn 1885 is se slim siik en wennet se noch in setsje yn it havenplak Carril om ôfskie te nimmen fan de see. Yn 1885 stjert Rosalía de Castro oan kanker. | |
Cantares GallegosYn 1863 ferskynt de bondel Cantares Gallegos (Galisyske Sangen), de bondel dy't Rosalía de Castro yn Galisië, mar ek yn Spanje ferneamd meitsje sil. G.N. Visser hat in part fan de fersen út dy bondel oerset yn it Frysk. Earder hat se ek al fersen publisearre, mar dy binne skreaun yn it Kastiliaansk. Cantares Gallegos begjint mei in foaropwurd fan de dichteresse dêr't se harsels yn de earste rigel al as in ‘skeamel talint’ beskriuwt.Ga naar eind4 Se ferwiist nei har grutte foarbyld en boarne fan ynspiraasje Anto- | |
[pagina 10]
| |
nio de Treuba dêr't se it neffens harsels noait tsjin opnimme kin. Antonio de Treuba publisearret yn 1852 El libro de los cantares dat yn Spanje in grut sukses wurdt. De Trueba brûkt parten út âlde folksferskes en skriuwt der in nij fers om hinne. Rosalía de Castro brûkt yn har Cantares Gallegos deselde metoade foar har fersen en ferwiist nei de ferskes en de rymkes út har eigen bernetiid. Yn it foaropwurd fertelt se de lêzer ek wat har wichtichste driuw west hat om it boek te skriuwen en dat liicht der net om. Yn it foarste plak wol se Galisië beskriuwe út it perspektyf wei fan ien fan de minsken sels, want ‘sels hja dy't Galysje besocht hawwe en fan alle pracht, dy't it biedt genietsje mochten, sels hja weagen it om te sizzen dat Galysje... in ûnhuere bistestâl wie...’ (s. 16) Rosalía de Castro hat gjin goed wurd oer foar hoe't Kastilië mei Galisië omgiet: ‘ús folk fertsjinnet lof en ús taal is net dejinge, dy't yn ús foarliker provinsjes mei in smaadlike laits neibrabbele wurdt, dy't om it mar bot te sizzen, de meast krasse ûnkunde ferriedt en de skandlikste ûnrjuchtfeardigens betsjut, dy't in provinsje in oare, in susterprovinsje, oandwaan kin, hoe earm dy ek wêze mei.’ (s. 14) It meast opfallende yn Cantares Gallegos is de enoarme leafde en langstme foar Galisië dy't út de fersen sprekt. De bondel is ien grutte lofsang op it lân dêr't se berne is. Yn it earste fers dat se foar de bondel skriuwt ‘Adiós, riós; Adiós, fontes’ komme hast alle ûnderwerpen op it aljemint dy't sa tekenjend binne foar har poëzij. In jonge dy't nei see sil lykas safolle Galisiërs yn it ferline dien ha, nimt yn dat fers ôfskie fan syn bertelân. ‘O, bertegea, gea fan myn berte, / dêr't ik grut waard, o myn lân, / dû tún fan myn hert, figebeamkes, / dy't ik plante mei eigen hân.’ (s. 46) It is in fers fol langstme en mankelikens nei in lân dat er miskien noait wer sjocht. It soe Rosalía sels wêze kinne en it sil ek wol gjin tafal wêze dat se dat skriuwt wylst se mei har man yn Kastilië wennet. Lykas yn de measte fersen is de ‘ik’ immen dy't út it folk komt en dat is presys wêr't har fersen weikomme en thús hearre. Wa't graach witte wol hoe't it stikje sitearre tekst yn it Galisysk heart, hat neat oan de oersetting fan Visser, want dy jout allinne mar de Fryske tekst en dat is wol wat spitich. Yn it Galisysk sjocht dat der nammentlik sa út: ‘Mina terra, mina terra, / terra donde me eu criéi, / hortina que quero tanto, / figueirinas que prantéi,’.Ga naar eind5 Fuortendaliks wurdt dúdlik wêrom't Rosalía de Castro har ‘cantares’ sangen neamd hat. Se hawwe in prachtich ritme, sitte fol mei assonânsje en litte har al foarlêzend sjonge. Sokke fersen binne hast net oer te setten en it lytse stikje oersetting fan Visser lit al sjen dat it oarspronklike wurk der hiel oars útsjocht. Visser syn oersetting tsjûget faak fan fakmanskip, mar lit fan it Galisysk net safolle heel. It is wrakseljen mei in faak wat âlderwetsk oandwaand Frysk dat yn in grut kontrast stiet mei it helder en soepel skreaune Galisysk dat yn gjin inkeld opsicht âlderwetsk oerkomt. In oar prachtich fers is it ‘Campanas de Bastabales’. It plakje Bastabales hat in tsjerke dy't op in grutte heuvel leit en sadwaande binne de klokken fan Bastabales yn 'e wide omkriten te hear- | |
[pagina 11]
| |
ren. ‘Hear ik fan fierren jim lieden / dan tink ik, dat jim my roppe / en begjint myn hert te blieden.’ (s. 40) Yn it Galisysk stiet der yn lange klanken: ‘Cando de lonxe vos oio, / penso que por min chamades, / e das entranas me doio.’ (s. 82)
De grutte weemoed dy't de klokken fan Bastabales hearre litte, lit ek it Galisysk hjir hearre mei syn lange en hast sombere lûden. Visser hat it fers moai oerset nei it Frysk ta, mar it is hast ûnmooglik om de Galisyske lûden oer te setten, ek at men it nei it Spaansk oersette soe, dat folle hurdere lûden hat. It Galisysk sit tichter tsjin it Portugeesk oan dat ek in protte sêfte lûden hat, as tsjin it Spaansk. Moaie foarbylden yn dit lytse stikje tekst binne bygelyks it wurd ‘de lonxe’ dat ‘fan fierren’ betsjut. Yn it Spaansk is dat ‘de lejos’ dêr't in ‘j’ yn stiet dy't as in frij hurde ‘g’ útsprutsen wurdt. Yn it Portugeesk is it ‘de longe’ dêr't de ‘g’ lykas yn it Galisysk hiel sêft útsprutsen wurdt. Noch in foarbyld: it wurd ‘chamar’ wat ‘roppe’ betsjut, wurdt mei in ‘sj’ útsprutsen en is yn it Portugeesk presys itselde wurd. Yn it Spaansk is it ‘llamar’ dat mei ‘lj’ útsprutsen wurdt. Galisysk is dus perfoarst gjin Spaansk! ‘Campanas de Bastabales’ is in lang fers dat út fiif parten bestiet. Hieltiten wer is dêr dy dûnkere toan dy't yn dat fers by Rosalía sels heart, it iennichste fers yn de bondel dêr't sy sels de lêzer oansprekt. Moarns rint se noch fleurich troch de greiden hinne, mar stadichoan wurdt it nacht en komt dy grutte mankelikens fan de dichteresse wer nei boppe ta: Corre o vento, o río pasa.
Corren nubes, nubes corren
camino da mina casa.
Mina casa, meu abrigo;
vanse todos, eu me quedo
sin compana nin amigo.
Eu me quedo contemprando
as laradas das casinas
por que vivo suspirando. (s. 85)
| |
[pagina 12]
| |
Yn it Frysk stiet der: ‘Winen streame en 't wetter docht it, / wolkens sile al fierder, fierder, / stil gean ik nei hûs, ik sjuch it. / 'k sjuch it al, it stiet der jitte; / Elk giet fuort en ik bliuw efter: nimmen sil mear by my sitte. / Ik bliuw efter en ik stoarje / nei de gloede yn 'e klinten. / Langst nei harren sil my narje.’ (s. 43) De klokken fan Bastabales binne úteinlik de stimme fan Rosalía de Castro sels dy't tryst achterbliuwt. Net allinne it lânskip sprekt ta de ferbylding fan de dichteresse, ek har ‘Keltyske’ achtergrûn komt nei foaren. In tal fersen giet oer de Galisyske doedelsek, de gaita. ‘Eu podo decirche: non canta, que chora’ (dit kin ik dy wol sizze: dat er net sjongt, mar snokket) skriuwt Rosalía de Castro oer de gaita. Yn it lûd fan de gaita sitte de goeie, mar foaral de minne dingen fan it libben besletten. ‘Dû sprekste en yn myn tinzen / sjoch bylâns ik no gliden / de bylden fan hûndert havens / (...) / En och, hoe't de skippen / de bern fan ús kusten farre, / dy't fier Amearika sykje,’ (s. 66) | |
Follas NovasYn 1880 ferskynt har twadde bondel yn it Galisysk Follas Novas, dat ‘Nije Blêden’ betsjut. Ien fan de earste fersen giet oer har ‘nije blêden’ dy't se net ‘nij’ neamd, mar in deade tûke dy't har inkeld noch pine jout. Yn har foaropwurd is se tige somber en skriuwt se: ‘Och, de trystens, de muze fan dizze tiid, ken my skoan en al sûnt mennich jier sjucht hja my as ien fan harres oan; hja is myn alter ego.’ (s. 77) Dy sombere toan, dy't al wat oanwêzich wie yn ‘Cantares Gallegos’ rint as in reade tried troch de bondel hinne. Har trystens komt foar in part út har Galisyske achtergrûn wei. Yn Galisië hat it leauwen in oare achtergrûn as yn de rest fan Spanje, omdat hiel lang ek it byleauwe in wichtige rol spile hat. Wat Galisiërs beweecht is in grutte religieuze preökkupaasje mei it mystearje en it ‘hjirneimels’. Lykas yn Skotlân leauwe se noch oan de ferskining fan de ‘banshee’, geasten fan minsken dy't noch libje en dy't harren dea oankundigje. Rosalía de Castro ferwurdet de ûnwissens yn it libben sa: Wat is it, dat bart om my hinne?
Wat bart der, dat ik net wit?
Bang bin ik foar eat dat libbet,
mar net sjen, net trapearje him lit.
Bang foar it ferriedlik wanlok,
dat komt, mar wêrwei wit men net. (s. 83)
In oare reden foar har grutte trystens jout Rosalía de Castro ek oan yn har foaropwurd. Wie it yn Cantares Gallegos it lân sels dat har skriuwe liet, yn dizze bondel binne it de froulju fan dat lân. ‘Men soe sizze, se wiene allinne mar berne om al it ûngelok te dragen, dat it swakste en it sljuchtste part fan it minskdom mar treffe kin.’ (s. 79) skriuwt se. Se wurkje har kapot op it lân en moatte tasjen hoe't har manlju ferdwine om sinten te fertsjinjen. De dichteresse wol har pine in stim jaan, mar wifelet lykas yn har earste bondel oan har kapasiteiten. ‘Ik wit sels, dat it my net slagge is om de dingen te sizzen, dy't sein wurde moasten.’ (s. 80) skriuwt se yn har foaropwurd en yn it earste fers fan de bondel ferwurdet se it mei: ‘Ben sei que non hay nada / novo en baixo | |
[pagina 13]
| |
d' o ceo.’Ga naar eind6 (O, ik wit skoan, dat der neat nijs ûnder de sinne is. (s. 82)) It allinne wêzen fan in frou hat se moai beskreaun yn in hiel koart fers dat fuortendaliks alles seit. Ik sitearje it hjir earst yn it Galisysk, omdat it sa moai de opbou fan it fers sjen lit: Cand' era tempo d' inverno
pensaba en dónd' estarías;
Cand' era tempo de sol
pensaba en dónd' andarías.
iAgora... tan soyo penso,
meu ben, si m' olvidarías!
It betsjut it simpele: Ik tocht yn de wintertiid, / wêr soestû wêze kinne; / en, doe't de simmer kaam, / tocht ik, wêr swalkestû hinne. / Mar no... ik tink oars net as / litst’, leaf, my wier-wier allinne?’ (s. 87) Yn it Galisysk binne it de herhelling fan de sinsopbou en fan it ‘a’ lûd dy't foar ritme soargje. Neffens Rosalía de Castro is der úteinlik neat dat de frou lokkich meitsje kin at it op manlju oankomt. Sels yn it houlik net of miskien krekt yn it houlik net. In seeman lit him ferliede ta it ‘kâld en heimich bêd’ fan in seefaam. Sy is fereale en hy ek en dus krije se wat tegearre, mar dochs sit der yn dat winnen yn 'e leafde fuortendaliks wer in djippere toan: ‘ieu teno un-has ansias mortáis d' apousar n' él!...’ (s. 428) Letterlik betsjut it dat sy deadlike eangsten hat om mei him te trouwen. Dat kin men op hiel ferskillende manieren útlizze en dat sil wierskynlik wol de bedoeling fan Rosalía de Castro west ha, sjoen de toan fan har oare fersen. In bedoeling dêr't Visser oan foarby giet at er it oerset mei: ‘hy kin my net misse sa't ik de rêst yn him net misse kin.’ (s. 88) Dat is wol wat oars. Visser giet sowieso foarby oan de nochal dûbele ideeën dy't se oer froulju hat. Yn it foaropwurd skriuwt se dat foar froulju ‘de swiere taak fan it echte tinkwurk net makke is.’ (s. 78) En dochs set se har pinne op papier om no krekt dy froulju in eigen stim te jaan. Dat is dochs op syn minst wol wat paradoksaal te neamen. Se hat it oer ‘stúdzjekoppen dy't fuort foar it ferstân ha, dat ûnder de kleare stream fan de foarm neat as it tinne flut fan de fulgariteit skûlet.’ (s. 78-79) Rosalía hat it hjir dúdlik oer studearre manlju, mar skriuwt in pear rigels letter wol dat se har wol weage hat oan poëzij dy't dy fulgariteit net hat. Ek wer in paradoks. Visser jout amper omtinken oan dy aparte situaasje fan in skriuwster dy't dat eins net wêze wol, mar it dochs docht. Se skriuwt oer ûngelokkige houliken en hoe slim dat is, wylst se harsels har hele libben gewoanwei yn har houlik opsletten hat. Se wie depressyf en siik en hat wierskynlik allinne yn har skriuwen in soarte fan útwei fine kinnen. Visser fynt har paradoksale opmerkingen yn har foaropwurd oer froulju ‘datoangeande yn dizze snuorje fan soms oerspand femininisme grif net sûnder belang.’ (s. 11) Dat is wol hiel maklik en it giet totaal foarby oan in yngewikkelde situaasje. Pine en smert binne foar Rosalía de Castro altiten oanwêzich yn it libben. Se kin der eins net sûnder, want wat is it lege gat dat oerbliuwt at der gjin pine mear is. Pine is in manier fan libjen dy't jo mei de noas boppe op it libben drukt. Yn | |
[pagina 14]
| |
it fers ‘Unha vez tiven un cravo’ (Ienris hie ik in toarne) is se net bliid at it God slagget om dy toarne út har siel te heljen: Tenei fielde ik gjin pine,
wist ik fan gjin smerte mear;
wist inkel mar, dat ik... dat ik wat miste
dêr wêr't dy toarne siet,
en sûnt, wol 'k leauwe... wie ik fan dy pine
ûnwennich... (s. 85)
Wa't de skiednis fan Galisië besjocht kin net oars as konkludearje dat Rosalía de Castro in bysûndere frou wie dy't Galisië sûnt ieuwen wer in plakje op de literêre kaart fan Spanje jûn hat. Dat se letter har poëzij inkeld noch yn it Kastiliaansk skreaun hat makket dat net minder. Se hellet har fersen út de literêre tradysje fan Galisië en jout dy in folslein eigen lûd. Yn syn ynlieding skriuwt Visser dat Rosalía de Castro ‘net mear ûnderrjocht hân hie as fan in doarpsbern’ (s. 8), mar troch har lettere ûnderfiningen mei oare dichters en troch de enoarme kennis fan har man hat sy wol deeglik op de hichte west fan har woartels en hat se dy kennis ek brûkt. It is moai dat har fersen no ek yn it Frysk oerset binne, mar in langere ynlieding en noatensysteem by de fersen om út te lizzen dat bygelyks de tsjerke fan Bastabales op in heuvel leit, hie gjin oerstallige lúkse west. Sa't ik al earder sei, is it Frysk frij âlderwetsk fan taal wylst it Galisysk dat hielendal net is. De oersetting is net altiten like sekuer lykas it foarbyld oer it houlik al sjen liet. By de oersetting fan it fers oer de ‘Nije Blêden’ wurdt de titel samar oerset yn ‘Nije Leaven’. (s. 82) It byld fan ‘un ramallo de toxos y silvas sôs’ (s. 422) dat letterlik ‘in deade tûke fan stikelbrem en toarnbeien’ betsjut, wurdt yn de Fryske tekst ‘in bosk fjildblommen’. (s. 82) Sa'n oersetting lit net folle heel fan it oarspronklike byld. Mar al mei al is de oersetting nijsgjirrich genôch, al wie it mar omdat it giet om in oersetting fan ien fan de grutste dichteressen dy't Spanje oait hân hat. Dat immen skriuwt yn in minderheidstaal, in eigen lûd fynt en sa wrâldferneamd wurdt is in feit dêr't wy yn Fryslân ek wolris oer neitinke meie. In lytse taal hoecht gjin grinzen te hawwen en kin literatuer fan kwaliteit ôfleverje at men jinsels op in krityske wize serieus doart te nimmen. De poëzij fan Rosalía de Castro is dêr ien fan de grutste bewizen fan. |
|