lânsk oan de learare-oplieding Ubbo Emmius en hie er minder tiid om te skriuwen. Nei syn pensjoen naam er de tried fan it romanskriuwen wer op en waard er ien fan de produktyfste Fryske romanskriuwers. Nettsjinsteande dat Wadman de lêste jierren net sûn wie, ferskynde noch geregeldwei skôgjend wurk fan syn hân yn Frysk & Frij en yn de Ljouwerter Krante.
Wadman hat gâns publisearre, yn it Frysk en yn it Nederlânsk. Hy makke kritysk proaza en wittenskiplik wurk, poëzy, romans, koarte ferhalen, toaniel. Jierren skreau er literatuerkritiken foar Literair Kwartier fan de RONO, by de Ljouwerter Krante, de Fryske edysje fan Het Vrije Volk, foar Frysk & Frij. Hy wie redakteur by it Algemien Frysk Jongereinblêd, fan de Stiennen man, Podium en De Tsjerne. Fan 1961 oant 1963 joech er syn ienmanstydskrift, De Teannewâdder, út. Op kritysk mêd waard Wadman eare mei in Gysbert Japicxpriis (1952) foar de kritiken dy't er yn 'e jiergongen 1950 en 1951 yn De Tsjerne hân hie. It sjueryrapport priizget Wadman syn skerp analytysk fermogen dat by droegen hawwe soe, it peil fan de Fryske literatuer omheech te bringen. Nêst analytysk ynsicht typearje grutte belêzenheid en in goede skriuwstyl syn essays en kritiken.
Wadman stie altiten wer iepen foar it te resinsjearjen wurk. Hy gong de wrakseling oan. Yn syn opstel ‘It kritysk kerwei’ beskriuwt er syn kritysk kredo (mei in fariaasje op in eigen titel) sa: ‘Nei de “handdruk” dy't er as kollega oan de skriuwer fan syn objekt jûn hat, kin it “handgemeen” begjinne’, krekt as yn 'e sport. Wat Wadman fan himsels easke, frege er ek fan syn lêzers, nammentlik har harsens te brûken, kritysk te reflektearjen. Dat wekkerskodzjen fan de lêzers gong net altyd like sêftsinnich om en ta.
Sa'n ferheging fan it nivo hie Wadman ek op it each mei syn literêr wurk. Yn de jierren '40, '50 en '60 eksperimentearre er mei ferskillende literêre sjenres. Hy skreau gedichten, koarte ferhalen, romans en toanielstikken. It meast eksperimenteel fûn er sels syn roman De feestgongers (1968), dy't koartby op 'e nij útjûn is en sawat de foarm fan in acht hat: Nei it lêzen fan 'e iepen ein moat men eins wer op 'e nij begjinne. De measte reaksje krige er fansels op syn ‘boereroman’, De smearlappen (1963). Wadman droech mei dat boek direkt by oan in diskusje oer de Fryske roman yn de jierren '60. Hy woe sjen litte dat der goede en minne boereromans wiene. Hy hat dêrmei in skieding tusken lektuer en literatuer, mei elk eigen skriuwers en lêzers, tichterby brocht. De reboelje om De smearlappen hinne wie in bysûnder ferskynsel yn Fryslân. De kranten stiene der fol fan, it boek waard oerset yn it Nederlânsk, it Dútsk en it Poalsk. Der wiene plannen foar in film. De roman wie foar elk te krijen. It wie ien fan de earste Fryske pocketboeken, dus goedkeap en yn in grutte oplaach.
De smearlappen springt der oan 'e iene kant út as neiskepping fan Reinder Brolsma syn Heechhôf (1926), oan 'e oare kant giet it om itselde as yn Wadman syn oare romans: in minske yn in sitewaasje dêr't er net útkomme kin. Yn ferbân mei dat ûnderwerp komme yn de romans fragen oan 'e oarder oer suverheid, ferantwurdlikheid en